In pin-upgirl of pin-upmodel (fan it Ingelske to pin up, "opspjeldzje") is in glamourmodel of neakenmodel fan wa't massaprodusearre foto's mei in pikante útstrieling yn 'e popkultuer tige populêr binne. Pin-upfoto's binne bedoeld foar ynformele fermiddens, oftewol, sa't de namme al seit, om se oan 'e muorre fêst te spjeldzjen. Pin-upgirls hoege gjin foltiids modellen te wêzen, mar kinne ek sjongsters of aktrises wêze dy't sok wurk derby dogge. De term pin-upgirl kin ek ferwize nei skildere keunstwurken fan soksoarte modellen op muorren, fiertugen, fleanmasines, ensfh.

Pin-upgirls wiene fral fan 'e Earste Wrâldoarloch oant de 1960-er jierren tige populêr. Ien fan 'e earste pin-upgirls wie Fernande Barrey, dy't koart foar de Earste Wrâldoarloch sawol plaatsjes fan in goed folle dekolletee as neakenfoto's publisearre. Ferneamde lettere pin-upgirls wiene/binne: Pamela Anderson Ursula Andress Ann-Margret Lauren Bacall Catherine Bach Vilma Bánky Diana Barrymore Ingrid Bergman Jacqueline Bisset Claudia Cardinale Cindy Crawford Bernie Dexter Anita Ekberg Carmen Electra Linda Evangelista Farrah Fawcett Samantha Fox Greta Garbo Jean Harlow Olivia de Havilland Rita Hayworth Tawny Kitaen Kelly LeBrock Gypsy Rose Lee Heather Locklear Sophia Loren Jayne Mansfield Jenny McCarthy Marilyn Monroe Kim Novak Bettie Page Ginger Rogers Anna Nicole Smith Dita von Teese Raquel Welch Mae West

Kategory:Model Kategory:Seksualiteit Kategory:Lienwurd út it Ingelsk