The Philosopher Kings is in Ingelsktalige fantasyroman fan 'e hân fan 'e Welsk-Kanadeeske skriuwster Jo Walton (1964). De titel betsjut "De Filosofen-Keningen". It is it twadde diel fan 'e Thessaly-trilogy en it ferfolch op The Just City, wêryn't op ûnderhâldende en bytiden hilaryske wize ferhelle waard oer in bizar eksperimint om 'e 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. The Philosopher Kings waard foar it earst publisearre yn juny 2015, by útjouwerij Tor Books yn New York.

Opbou Krekt as The Just City is The Philosopher Kings skreaun yn it ik-perspektyf. It ferhaal wurdt om bar ferteld út trije eachpunten: dat fan 'e god Apollo; dat fan Arete, de dochter fan Apollo en Simmea; en dat fan Maia, ien fan 'e masters fan 'e Stêd. Dizze trije eachpunten binne oersichtlik faninoar skaat yn ferskillende haadstikken, dy't behalven in nûmer inkeld de namme fan 'e oangeande ik-persoan drage.

Ynhâld Yn it foargeande diel fan 'e rige, The Just City, waard ferteld hoe't de Grykske goadinne Pallas Atene by wize fan eksperimint besocht de 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. Hja brocht 300 filosofen, de 'masters', en goed 10.000 tsienjierrige slaven, de 'bern', mei werom troch de tiid nei de iere Aldheid, ferskate generaasjes foarôfgeande oan 'e Trojaanske Oarloch. Dêr bouden hja mei in grut tal handige robots dy't de goadinne út 'e takomst helle de Stêd op op it diel fan it eilân Teara (of Santorini), dat letter yn 'e Aldheid troch in swiere fulkaanútbarsting yn 'e see ferdwûn en dêrmei de leginde fan Atlantis feroarsake (sadat der neitiid gjin archeologysk bewiis fan 'e stêd wêze soe). Ien fan 'e bern dy't yn 'e Stêd grutbrocht waard, wie de god Apollo, dy't syn macht dellein hie om himsels ta minske ynkarnearje te litten. Hy hope troch as minske te libjen antwurden te finen op guon fraachstikken dy't him as god altyd ûntgien wiene.

Hoewol't de oanwizings fan Plato frij sekuer yn 'e praktyk brocht waarden, die bliken dat de man perfoarst in earsten tinker west hie, mar net folle ferstân hie fan 'e minsklike natuer. Syn ferhefte ideälen en goedbedoelde sosjale oanpassings waarden sadwaande al rillegau ynhelle troch de wjerstribbige praktyk, en úteinlik stoarte syn ideäle maatskippij as in kaartehûs yninoar. In debat tusken Pallas Atene en de wiisgear Sokrates, dy't sysels nei de Stêd ta helle hie, einige dermei dat de goadinne har hannen fan 'e Stêd ôfloek, op twa nei alle robots fuorthelle en doe sels ferdwûn. De gearkomste fan 'e masters en bern foel dêrnei tsierend yn ferskate kampen útinoar, wylst in groep dy't oanfierd waard troch Kebes (of Matthias, sa't syn bertenamme wie) daliks neitiid ien fan 'e beide sylskippen stiel en fuortfear.

The Philosopher Kings iepenet fyftjin jier nei dy foarfallen by wat dan 'it Lêste Debat' neamd wurdt. Yn 'e tuskentiid binne de ynwenners fan 'e Rjochtfeardige Stêd yn fiif groepen útinoar fallen. Fjouwer dêrfan hawwe deunby op itselde eilân harren eigen stêden stifte: Psyche (fan 'e neoplatonisten); Sokrateia (fan 'e sokratisten); Athenia (fan dyjingen dy't fûnen dat Pallas Atene yn it Lêste Debat gelyk hie); en de Stêd fan de Amazônes (fan 'e feministen). De fyfde groep wurdt foarme troch de bewenners fan 'e oarspronklike, 'Restant-Stêd'. En dan binne der fansels noch de folgelingen fan Kebes, dy't fuortsyld binne op it skip de Goedens, en dy't dêrom de Goedens-groep neamd wurde; fan harren hat nimmen sûnt it Lêste Debat noch wat fernommen.

Doe't de Rjochtfeardige Stêd 33 jier earder boud waard, besleaten de masters harren wenplak op te sierjen mei de orizjinele masterwurken op it mêd fan 'e keunst dy't troch de iuwen lyn ferlern gien wiene, mar dy't Pallas Atene foar harren bemachtige. Nei it útinoarfallen fan 'e Stêd behold de Restant-Stêd yn 't earstoan alle keunst, mar al rillegau ûntstiene der wapene konflikten wêrby't boargers fan 'e iene stêd de oare oerfoelen mei it doel om keunstfoarwerpen te rôvjen. Oan it begjin fan The Philopher Kings komt Simmea, de frou fan Pytheas, de minsklike ynkarnaasje fan 'e god Apollo, om by sa'n keunstoerfal. Om't er syn godlike macht dellein hie, kin Pytheas/Apollo har libben net rêde, en om't er tagelyk mei har opgroeid is, sil er har, sels as er syn macht nei de dea fan syn minsklike ynkarnaasje weromnimt, net mear opsykje kinne, om't sels in god net in tiidstip besykje kin dêr't er al bestien hat. Sadwaande is er har no foargoed kwyt, krekt sa't dat by in minske it gefal wêze soe by in stjergefal. Mei't er no ienris Apollo is, giet er mei syn ferlies om op in rasjoneel lykjende wize, mar syn foarlike fyftjinjierrige dochter Arete sjocht wol yn dat har heit troch syn fertriet geastlik alhiel paadbjuster rekket. Dat de wiere identiteit fan Pytheas in geheim is, dêr't inkeld Arete en har âldere healbruorren fan op 'e hichte binne, helpt hjirby ek beslist net.

As er de krappe persoanlike besittings fan syn frou besjocht, fynt Pytheas in skriftlik tsjûgenis fan Simmea, wêryn't se har hiele libben beskriuwt oan it Lêste Debat ta. As er dat lêst, komt Pytheas dingen oer har oan 'e weet dy't er earder nea witten hat, lykas dat har bertenamme eins Lucia wie. Hast oan 'e ein fan it ferhaal komt er lykwols in passaazje tsjin oer de lêste lotterij foarôfgeande oan it Lêste Debat, wêryn't Simmea troch de masinaasjes fan Pallas Atene foar in 'houlik fan ien nacht oan har freon Kebes keppele waard. De egosintryske Kebes koestere al jierrenlang in ûnbeäntwurde leafde foar Simmea, en hy wie sa wis dat sy itselde foar him fielde as hy foar har, dat er har by dy gelegenheid praktysk ferkrêfte. Hoewol't Simmea it net hielendal op dy wize seach, en sy der nei alle gedachten nea gjin wrok oer koestere nei't se Kebes nei ôfrin de wacht oansein hie, grypt de nei stipe taastende Pytheas (dy't nea mei Kebes kinnen hat) dit foarfal yn syn fertriet en rou oer har dea oan as in misdie dy't bestraft wurde moat. Hy oertsjûget himsels derfan dat de ûnbekende ploech dy't de keunstoerfal die, út leden fan 'e Goedens-groep bestien hawwe moat, en pleitet der yn 'e bestjoerskommisjes fan 'e Restant-Stêd hertstochtlik foar dat it iennichste oare skip, de Treflikens, útstjoerd wurde moat om 'e kweadoggers op te spoaren en te straffen.

Uteinlik wurdt it skip yndie útstjoerd, mar mear op in ûntdekkingsreis. Oan board binne Pytheas, syn dochter Arete, syn styfsoan Neleus (de soan fan Simmea) en twa fan syn soannen, Kallikles en Phaedrus; fierders de bemanning fan it skip, in troep soldaten ûnder befel fan Klymene (de mem fan Kallikles, mei wa't Pytheas fan âlds in tige komplisearre relaasje hat) en ferskaten fan 'e masters, wêrûnder Maia, dy't foar it begjin fan Pallas Atene har eksperimint de (fiktive) fiktoriaanske jongfaam Ethel Beecham wie, en de ûnderwilens 99-jierrige Renêssânse-filosoof Marsilio Ficino. It selskip docht ferskate eilannen oan, wêrûnder Delos, it mytyske berte-oard fan Apollo, dêr't Arete, Phaedrus en Kallikles oan lân geane en (as bern fan Apollo) troch te drinken út in hillige boarne bejeftige wurde mei eigen krêften as healgoaden. Arete kin neitiid fleane en frjemde talen sprekke en ferstean; Phaedrus kin minsken genêze en hat kennis oer fulkanen; en Kallikles kin de wjerljocht omleechroppe út in heldere himel.

Op Samos ûntdekke de opfarrenden fan 'e Treflikens in delsetting dêr't leden fan 'e Goedens-groep gearlibje mei Grykske oarlochsflechtelingen út Lyts-Aazje. Hja moetsje der ien fan 'e masters dy't nei it Lêste Debat mei Kebes fuortsyld is, Aristomache (dy't earder Ellen Francis Mason wie). Dyselde fertelt dat de Goedens-groep it Grykske heidendom ôfsward hat en weromkeard is nei it kristendom, dat foar alle leden fan 'e groep de oarspronklike godstsjinst wie. Boppedat binne hja begûn om it kristendom te preekjen oan 'e oarlochsflechtelingen, en hawwe se acht ûnderskate delsettings stifte, wêrfan't de stêd Lucia, op it eilân Lesbos, de âldste en grutste is.

Sadwaande sylt de Treflikens fan Samos nei Lesbos, mei oan board ek Aristomache en ferskate oare lju fan 'e delsetting op Samos dy't de oerstek nei Lucia meitsje wolle. Yn Lucia treffe Pytheas en syn bern einlings en te'n lêsten de ferfijde Kebes oan, dy't him no wer Matthias neame lit en de funksje fan kristlik preester útoefenet. Pytheas nimt him te wacht om iten noch drinken oan te nimmen fan 'e Lucianen, sadat er net oan 'e regels fan 'e gastfreonskip bûn is. Hy konfrontearret Kebes mei de dea fan Simmea, en hoewol't al rillegau dúdlik wurdt dat noch Kebes, noch oare leden fan 'e Goedens-groep wat mei de keunstoerfal te krijen hiene, wegeret Pytheas om 'e saak rêste te litten. Hy beskuldiget Kebes der yn it iepenbier fan syn frou ferkrêfte te hawwen, en easket foldwaning. Aristomache, Klymene en oaren besykje it spul del te bêdzjen, mar Kebes noch Pytheas hawwe dêr earen nei. Uteinlik wurdt besletten ta in wedstryd: Pytheas en Kebes sille elk in orizjineel, eigenkomponearre muzykstik hearre litte, en in sjuery gearstald út ynwenners fan Lucia en bemanningsleden fan 'e Treflikens sil dan de winner oanwize. Neitiid mei de winner mei de ferliezer dwaan wat him goedtinkt. Sa wurdt besocht om in fete tusken de Luciaanske delsettings en de Restant-Stêd foar te kommen.

Pytheas, dy't as Apollo de god fan sawol muzyk as poëzij is, hat gjin twifel dat er de wedstryd winne sil. En sa net, en Kebes deadet him, dan kin er einlings syn godlike macht wer opnimme en yn in hânomdraai weromkeare om Kebes in koekje fan eigen daai te jaan. As de wedstryd yn 'e arena fan Lucia foar in grut publyk holden wurdt, sjongt Pytheas in liet mei in drege meldij, wêrby't er himsels mei yngewikkelde akkoarden begeliedt op 'e liere. Kebes, lykwols, komt op 'e lapen mei in panfluit, in ynstrumint dat útfûn wie troch Pallas Atene, en it is in riedsel hoe't hy deroan komt. Mei't Plato fûn dat blaasynstruminten de minske weak makken, wiene sokke ynstruminten yn 'e Rjochtfeardige Stêd ferbean; sadwaande hawwe de lju dêrwei sokke muzyk noch nea earder heard. Boppedat spilet Kebes der sa'n fleurige deuntsje fan swingende ritmes op, dat de minsken har suver betwinge moatte om net op te springen en te dûnsjen. Neitiid freget de sjuery om beide stikken nochris te hearren. Dêrop draait Pytheas de liere op 'e kop, sadat de snaren ferkeard om sitte, en begeliedt himsels dan dochs noch, en boppedat mei de lofterhân, like foutleas as earder mei de goede kant omheech en mei de rjochterhân.

Uteinlik stimt de mearderheid fan 'e sjuery foar it stik fan Pytheas, mar as er dat heart, ropt Kebes lûd "Ferrie!" Dêrop lûke syn oanhingers de wapens en falle de bemanningsleden fan 'e Treflikens oan en ek Lucianen dy't tuskenbeiden besykje te kommen. Arete, dy't de beide swurden fan har heit yn bewarring hat, fljocht dan (letterlik) nei de sjuery ta, in feit dat se wit te fertsjustermoanjen as in ûnbidich grutte sprong, om't har ûnwapene healbroer Neleus dêr oanfallen wurdt. Wylst sy, Neleus en ferskate oaren de oanfallers fan harren ôfslane, besiket ien keardel har fan efteren del te stekken, mar de âlde Marsilio Ficino stapt der kalm tusken en fangt sa it foar Arete bedoelde swurd op. As de oanfallers úteinlik allegear deade binne of har oerjûn hawwe, sjocht Arete dat de âldman oan har fuotten yn 't stjerren leit. Hy sjocht Pytheas, en seit: "Apollo! Fansels!" en stjert foar't Phaedrus, mei syn genêzende jefte, him berikke kin.