Sir Sean Connery (útspr.: [ʃɔ:n 'kɒnəri], likernôch "sjôn kónnery"; folút: Thomas Sean Connery; Edinburgh, 25 augustus 1930 - Nassau (Bahama's), 31 oktober 2020) wie in Britsk akteur fan Skotsk komôf, dy't yn 'e jierren sechstich wrâldferneamd waard yn 'e rol fan geheim agint James Bond yn films as Dr. No, Goldfinger en From Russia with Love. Letter spile er ek yn sokke ferneamde films as The Man Who Would Be King, The Wind and the Lion, The Name of the Rose, Highlander, The Untouchables, The Hunt for Red October, The Russia House, The Rock en Entrapment. Connery wûn yn 1988 in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en waard yn 2000 riddere troch de keninginne Elizabeth II. Hy wie in nasjonalist dy't bekendstie om syn stipe foar in ûnôfhinklik Skotlân. Yn 1999, doe't er 69 jier âld wie, waard er troch it Amerikaanske tydskrift People útornearre ta de meast seksy man fan 'e (tweintichste) iuw.

Libben en karriêre Jonkheid Connery waard yn 1930 berne yn Fountainbridge, in wyk fan 'e Skotske haadstêd Edinburgh, as de soan fan 'e roomske Joseph Connery, in fabryksarbeider en frachtweinsjauffeur, en dy syn protestantske frou Euphemia McBain McLean (ropnamme "Effie"). Oan syn memmekant stamme er ôf fan 'e leden fan 'e âlde Skotske clan MacLean, en syn oerpake en -beppe wiene lânseigen Skotsk-Gaelysksprekkers út Fife, resp. út Uig, op it eilân Skye. Connery syn oerpake en -beppe oan heitekant wiene Ierske ymmigranten, dy't har mids njoggentjinde iuw yn Skotlân nei wenjen setten. Connery hie in jongere broer, Neil (1938), dy't foarhinne ek akteur wie.

Yn syn jonkheid waard Connery 'Tommy' neamd, behalven as syn Ierske freon Séamus (de Ierske fariant fan 'Tomas') der ek wie; dan waard Connery by syn middelnamme Sean neamd om betizing tsjin te gean. As opslûpen jonge groeide Connery sa hurd, dat er doe bekend kaam te stean as 'Big Tam'. Nei eigen sizzen hied er syn earste seksuële ûnderfining mei in folwoeksen frou yn in militêr unifoarm fan it Territoriale Frouljuskorps (ATS) doe't er fjirtjin jier âld wie.

Syn earste baantsje hie Connery as molkboer yn Edinburgh, foar't er tsjinst naam by de Britske Keninklike Marine. Yn syn tsjinsttiid liet Connery twa tattoeaazjes sette, ien mei de tekst Mum and Dad ("Heit en Mem") en de oare mei Scotland Forever ("Skotlân Boppe"). Uteinlik waard er lykwols earfol út 'e marine ûntslein fanwegen in maachswolm, dat yn syn famylje in erflike oandwaning wie. Neitiid wurke Connery noch in hoartsje as molkboer, en doe as frachtweinsjauffeur, badmaster yn in swimbad, model foar it Keunstkolleezje fan Edinburgh en polyster fan deakisten.

Mei achttjin jier sette Connery útein mei bodybuilding, wêrfoar't er fan 1951 ôf yn training gie by in Ellington, dy't earder sersjant-ynstrukteur yn it Britske Leger west hie. Hoewol't de ynformaasje op syn eigen webside hawwe wol dat er yn 1950 it trêde plak behelle yn 'e Mr. Universe-skientmewedstryd, pleatse de measte oare boarnen him yn 'e kompetysje fan 1953, itsij mei in trêde plak yn 'e wedstryd foar junioaren, itsij mei hielendal gjin poadiumplak. Behalven oan bodybuilding die Connery ek oan 'e fjochtsport karate, en yn syn lettere libben wied er in fûleindich golfer. Fierders wie Connery ek in entûsjast fuotballer, en hied er as teenager foar Bonnyrigg Rose Athletic F.C. spile. Yn 1953 seach Matt Busby, de trainer fan Manchester United, him ris oan 'e gong, en bea him daliks in kontrakt oan foar £25 de wike. Connery besefte lykwols dat in fuotballer mei tritich jier oan 'e ein fan syn karriêre wêze soe, en hy wie doe al 23, wylst er syn aktearkarriêre krekt oan 'e gong krigen hie, dat hy betanke freonlik foar de ear en hie dêr letter nea spyt fan.

Aktearkarriêre Ein 1951 naam Connery út jildneed in baantsje as hantsjemuoisfeint efter de skermen by it King's Theatre yn Edinburgh. Dêr ûntdiek er dat it toaniel him wol loek. Under in bodybuildingwedstryd yn 1953 hearde er fan ien fan 'e oare dielnimmers dat der audysjes holden waarden foar in opfiering fan 'e musical South Pacific. Connery hapte daliks ta en wist syn earste aktearrol te winnen as in lid fan it koar. Geandewei de trije jier dat de foarstelling rûn, wist er himsels op te wurkjen ta ien fan 'e haadrollen. Doe't South Pacific yn Edinburgh spile, waard Connery op in jûn oanfallen troch de doedestiden beruchte Valdor-binde, wêrby't hy lykwols ferskate leden fan 'e groep yninoar sloech. Neitiid hied er yn syn berteplak de reputaasje in 'hurde man' te wêzen, en rûnen de bindeleden mei in bocht om him hinne.

Fia South Pacific kaam Connery ek foar it earst yn 'e kunde mei de Ingelske akteur Michael Caine, mei wa't er syn libben lang befreone bliuwe soe. Teffens learde er fia de musical de Amerikaanske regisseur en akteur Robert Henderson kennen, dy't Connery toanielstikken fan Henrik Ibsen, Marcel Proust, Lev Tolstoj, James Joyce en William Shakespeare lêze liet en soarge dat er yn Londen spraaklessen naam om syn Skotske aksint te ferminderjen. Tsjin dy tiid hie Connery syn filmdebút al makke, as figurant yn 'e musical Lilacs in the Spring (1954)

Hoewol't Connery yn dy snuorje ferskate kearen yn films figurearje mocht, koed er dêr net fan libje en moast er alderhanne los wurk oannimme om itende te bliuwen. Henderson besoarge him in lytse rol yn in produksje fan Witness for the Prosecution, fan Agatha Christie, en letter hied er noch ferskillende oare toanielrollen yn Londen. De Kanadeeske regisseur Alvin Rakoff wie ûnder de yndruk fan Connery syn tillefyzjedebút as bokser yn 'e searje The Square Ring, en besoarge him ferskate oare lytse tillefyzjeroltsjes. Yn 1957 krige Connery gruttere byrollen yn films as No Road Back, Hell Drivers, Action of the Tiger en de skriller Time Lock. Yn 1958 hied er in grutte rol yn it melodrama Another Time, Another Place, as in sjoernalist dy't bestrûpt rekket yn in leafdesrelaasje mei it personaazje fan aktrise Lana Turner. Op 'e set fan dy film stoarme op in stuit Turner har stikjaloerske freon, de krimineel Johnny Stompanato, mei lutsen pistoal op Connery ôf, mar Connery pakte him syn wapen ôf en sloech him fan 'e sokken. Neitiid moast er in hoartsje ûnderdûke doe't er deadsbedrigings krige fan oare kriminelen yn 'e tsjinst fan Stompanato syn baas, Mickey Cohen.

Yn 1959 krige Connery foar it earst in haadrol, yn 'e rûnom priizge Disney-musical Darby O'Gill and the Little People, oer in slûchslimme Ier en dy syn striid fan snoadens mei de leperkanen. Yn 1961 hied er in promininte tillefyzjerol yn 'e minysearje Anna Karenina, op 'e BBC, en yn 1962 wied er te sjen yn in lytse, humoristysk bedoelde rol as in soldaat op D-Day yn 'e oarlochsfilm The Longest Day. Connery syn grutte trochbraak kaam lykwols yn 1962, doe't him de rol fan 'e geheim agint James Bond oanbean waard, nei de romanrige fan 'e skriuwer Ian Fleming. It wie de bedoeling dat der ferskate films oer dyselde haadpersoan makke wurde soene, en hoewol't Connery him mei tsjinnichheid fêstlei foar mear as ien film, hied er wol foar it ferstân dat er binnen wêze soe as de filmsearje populêr blike soe te wêzen.

Sadwaande spile er Bond yn 'e earste fiif films fan 'e rige: Dr. No (1962), From Russia with Love (1963), Goldfinger (1964), Thunderball (1965) en You Only Live Twice (1967). Alle films wiene ûnbidige súksesfol, en Connery syn karriêre wie makke. Letter kearde er noch twaris nei de rol fan James Bond werom foar de films Diamonds Are Forever (1971) en Never Say Never Again (1983), wat ek beide kearen in trochslaand kommersjeel súkses waard. Yn 2005 waard From Russia with Love adaptearre ta in fideospultsje (007: From Russia with Love), wêrfoar't Connery mei 74 jier op 'e nij yn 'e rol fan Bond kroep, al wie it doe inkeld as stimakteur.

Fleming sels skynt yn 't earstoan syn twifels oer Connery hân te hawwen; hy fûn de Skot te lang en te spiersterk, al naam er oan dat Connery it foar de rol needsaaklike seksuele garisma hie doe't syn eigen faam him fertelde dat dat sa wie. Pas nei't er Dr. No sjoen hie, feroare Fleming fan miening. Hy wie doe sa ûnder de yndruk fan Connery syn optreden, dat er yn 'e lettere dielen fan syn romanrige in heal Skotske, heal Switserske ôfstamming foar Bond betocht. Behalven kommersjeel súksesfol makken de James Bond-films Connery ek ta sekssymboal. Hy begûn tûzenen fanbrieven wyks te krijen, in grut diel dêrfan ôfkomstich fan jonge froulju dy't fereale op him rekke wiene. Wat doedestiden ûnbekend wie, wie dat Connery yn elk fan 'e Bond-films (en teffens yn in protte oare rollen) in tûpet droech, om't er mei 21 jier al begûn wie keal te wurden.

Hoewol't James Bond him ta in wrâldstjer makke, begûn Connery al rillegau syn nocht fan Bond te krijen, en op 't lêst begûn er him suver te haatsjen. Neffens Michael Caine hie Connery der yn 't bysûnder hekel oan as er op 'e dyk lju tsjinkaam dy't inoar oanstompten en seine: "Sjoch, dat is James Bond!" Wylst er noch oan 'e fiif earste Bond-films wurke, hied er al yn oare films spile, wêrûnder Marnie (1964), fan Alfred Hitchcock, en The Hill (1965), fan Sidney Lumet. Nei in sloppe tiid yn 'e twadde helte fan 'e jierren sechstich wied er yn 'e santiger jierren û.m. te sjen yn 'e detektivefilm Murder on the Orient Express (1974), mei Vanessa Redgrave, Lauren Bacall en John Gielgud, en yn 'e oarlochsfilm A Bridge Too Far (1977), oer de Slach om Arnhim, mei û.o. Dirk Bogarde, Laurence Olivier, James Caan, Michael Caine, Edward Fox, Anthony Hopkins, Robert Redford en Peter Faber. Teffens spile er in Britsk legerofsier dy't himsels ta kening makket yn in ôfhandich part fan Afganistan yn The Man Who Would Be King (1975), nei in koart ferhaal fan Rudyard Kipling (op 'e nij mei syn freon Michael Caine), en in Marokkaansk Berberfoarst yn The Wind and the Lion (1975), mei Candice Bergen.

Yn 1981 hie Connery in cameoroltsje as kening Agamemnon fan Mysene yn 'e film Time Bandits, krekt sa't er yn 1991 yn in cameo as kening Richard Liuwehert meiwurksje soe oan Robin Hood, Prince of Thieves. Nei't syn rol yn 'e Bond-film Never Say Never Again yn 1983 op in rjochtsaak útrûn, ferlear Connery lykwols it fertrouwen yn 'e grutte filmstudio's en makke er twa jier lang hielendal gjin films mear. Yn 1986 spile er de rol fan in kritysk Midsiuwsk mûnts yn 'e tige súksesfolle Jeropeeske produksje The Name of the Rose, dêr't er it jiers dêrop in BAFTA foar krige. Ek yn 1986 hied er as Juan Sánchez-Villalobos Ramírez in wichtige byrol yn 'e fantasyfilm Highlander, mei Christopher Lambert. Yn 1987 spile er in hurde Iersk-Amerikaanske plysjeman yn The Untouchables, mei Kevin Costner, Robert De Niro en Andy García, dêr't er yn 1988 foar beleanne waard mei in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Teffens wûn er mei dy rol in Golden Globe foar bêste manlike byrol.

Ein jierren tachtich oant mids jierren njoggentich wurke Connery mei oan ferskate grutte kaskreakers. Sa fertolke er yn Indiana Jones and the Last Crusade (1989) de rol fan 'e eksintrike heit fan aventoersman Indiana Jones (spile troch Harrison Ford). Fierders wied er te sjen as de etnysk Litouske kaptein fan in Sovjet-ûnderseeër yn The Hunt for Red October (1990), mei Alec Baldwin en Sam Neill; as in oan legerwâl rekke útjouwer dy't behelle rekket yn in spionaazjesaak yn The Russia House (1990), mei Michelle Pfeiffer; as kening Arthur yn First Knight, mei Richard Gere en Julia Ormond; as in Britske spion dy't libbenslang krigen hat yn 'e Feriene Steaten yn The Rock (1996), mei Nicolas Cage; en as snoade masterynbrekker yn Entrapment (1999), mei Catherine Zeta-Jones. Yn 1996 wurke er as stimakteur mei oan 'e film Dragonheart, wêrfoar't er de tekst ynspriek fan 'e draak Draco. Yn 1998 waard Connery in BAFTA Academy Fellowhip Award (in oeuvrepriis) takend.