Boom, Boom, Boom, Boom!! is in liet fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys. It waard útbrocht op 23 oktober 1998 en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn acht lannen. Yn 'e mande mei We Like to Party! en We're Going to Ibiza wie it ien fan 'e grutste hits fan 'e groep.
Skiednis Boom, Boom, Boom, Boom!! waard yn 1998 skreaun en komponearre troch de Nederlânske discjockeys en muzykprodusinten Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen, yn gearwurking mei de Sweedske âld-ABBA-leden Benny Andersson en Björn Ulvaeus. De tekst wie heal basearre op it ABBA-nûmer Lay All Your Love on Me, dat yn 1980 skreaun wie troch Andersson en Ulvaeus.
It nûmer makke diel út fan 'e cd The Party Album, fan de Nederlânske dance-groep Vengaboys, besteande út Kim Sasabone, Denise van Rijswijk, Robin Pors en Roy den Burger. Boom, Boom, Boom, Boom!! waard yn juny 1999 as single útbrocht. It waard in grutte hit, en berikte it earste plak op de hitlisten yn Nederlân, Belgje, Ingelân, Kanada, Nij-Seelân, Noarwegen, Skotlân en Sweden. Yn Austraalje bleau it stykjen op it twadde plak, yn Itaalje op it trêde plak en yn Denemark en Frankryk op it fjirde plak. Yn 'e Feriene Steaten kaam it nea heger as in 84e plak yn 'e algemiene hitparade en it trettjinde plak yn de dance-hitlist. Mei Boom, Boom, Boom, Boom!! behellen de Vengaboys yn Dútslân en Grut-Brittanje in gouden plaat en yn Austraalje in platina plaat. Yn Nederlân waard de single sels twa kear platina.
Untfangst De grutste pluspunten fan Boom, Boom, Boom, Boom!! wiene de oanstekkende meldij en it opswypkjende ritme. Fan in djipsinnige tekst moast it liet it perfoarst net hawwe. It wie dúdlik bedoeld as partysong, dêr't net tefolle oer neitocht wurde moast. Lykwols krige it krekt op it punt fan 'e tekst in protte krityk te ferduorjen fan 'e muzykresinsinten. Sa krige Boom, Boom, Boom, Boom!! it fyfde plak taparte yn 'e list mei 'alderminste simmerlieten ea', dy't yn 2000 gearstald waard troch de Britske dj Tony Blackburn yn gearwurking mei Bol.com. It liket derop dat in protte minsken har net yn dy beoardieling fine koene, want doe't de Britske meubelwinkel DFS it liet yn 2001 yn in reklamekampanje brûkte, skeaten de ferkeapsifers mei 10% omheech.
Hitnotearring Boom, Boom, Boom, Boom!! yn de Nederlânske Top 40 - op: 31-10-1998Wike010203040506070809101112131415161718192021222324Nûmer83311112334681013131313182227333840út
Boom, Boom, Boom, Boom!! yn de Nederlânske Single Top 100 - op: 24-10-1998Wike01020304050607080910111213141516171819202122232425262728293031323334Nûmer394221111233448912121113182127373434374046485064737281út
Kategory:Muzikaal wurk fan de Vengaboys Kategory:Popliet Kategory:Danceliet Kategory:Single út 1998 Kategory:Ingelsktalich liet