Jane Porter (pseudonym) (Visalia (Kalifornje), ±1965) is in Amerikaansk skriuwster fan romantyske fiksje en chicklit. Ferskaten fan har boeken binne bestsellers wurden, en der binne fan har wurk 12 miljoen eksimplaren oer de toanbank gien, yn 25 lannen en yn 20 ferskillende talen. Porter har roman Flirting with Forty waard ferfilme mei aktrise Heather Locklear yn 'e haadrol. Yn 2014 wûn Porter de prestizjeuze RITA Award foar har novelle Take Me, Cowboy.
Libben en karriêre Jonkheid, oplieding en wurkpaad Porter waard omtrint 1965 berne yn Visalia, yn 'e steat Kalifornje. Hja behelle in bachelorstitel oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) yn Amerikaanske stúdzjes, en dêropta in masterstitel yn skriuwen oan 'e Universiteit fan San Fransisko. Foar't se úteinsette mei in karriêre as auteur wurke Porter as winkelbetsjinde en as leararesse Ingelsk oan 'e middelbere skoalle. Teffens wie se wurksum yn 'e marketingbrâns en wie se in hoart direktrise fan in non-profitorganisaasje.
Skriuwkarriêre Yn 2000 ferkocht Porter har earste roman, The Italian Groom, in wurk fan romantyske fiksje, oan 'e útjouwerij Harlequin Books, dy't it boek yn 'e rin fan 2001 publisearre. Dêrby naam de skriuwster it pseudonym Jane Porter oan, mooglik nei de njoggentjinde-iuwske Ingelske skriuwster fan histoaryske romans mei deselde namme, mar wierskynlik nei de froulike haadpersoan yn 'e Tarzan-romansearje, fan Edgar Rice Burroughs. Yn 2005 publisearre Porter har earste chicklit-roman, The Frog Prince, by Grand Central Publishing. Mei Flirting with Forty, dat in jier letter ek by Grand Central útkaam, wûn Porter de Romance Reviews Today Award foar bêste kontemporêne roman. Dat boek waard yn 2008 ûnder deselde titel ferfilme, mei aktrise Heather Locklear yn 'e haadrol.
Yn 2013 wûn Porter in Golden Leaf Award foar har roman The Good Daughter, dy't se úbrocht by Berkley Books. Datselde jiers rjochte hja in eigen útjouwerij op, mei as namme Tule Publishing, dêr't se û.m. har novelle Take Me, Cowboy by publisearre. Dat wurk waard yn 2014 troch de Romance Writers of America bekroane mei in RITA Award (de heechste Amerikaanske priis foar romantyske fiksje), yn 'e kategory bêste romantyske novelle. Behalven fiksje hat Porter tegearre mei Rebecca Lyles ek Writing the Bestseller skreaun, in gids dy't begjinnende auteurs oanwizings jout om in bestseller te skriuwen.
Priveelibben Jane Porter wennet yn San Clemente, yn 'e steat Kalifornje. Hja is troud en hat trije soannen.
Wurk Romans en novelles 2001 – The Italian Groom 2001 – Christos's Promise 2002 – The Secret 2002 – The Sheikh's Wife The Galvan Brides-rige 2003 – In Dante's Debt 2003 – Lazaro's Revenge 2003 – The Latin Lover's Secret Child 2003 – The Spaniard's Passion 2004 – Marco's Pride Princess Brides-trilogy 2004 – The Sultan's Bought Bride 2004 – The Greek's Royal Mistress 2004 – The Italian's Virgin Princess 2005 – The Sheikh's Virgin 2005 – The Frog Prince 2005 – The Secretary's Seduction 2005 – Taken By the Highest Bidder 2005 – The Sicilian's Defiant Mistress 2006 – The Sheikh's Disobedient Bride 2006 – Flirting With Forty 2006 – Hollywood Husband, Contract Wife 2007 – At the Greek Boss's Bidding Bellevue Wives-trilogy 2007 – Odd Mom Out 2008 – Mrs. Perfect 2009 – Easy on the Eyes The Desert Kings-trilogy 2008 – The Sheikh's Chosen Queen 2008 – King Of The Desert, Captive Bride 2009 – Duty, Desire and the Desert King 2010 – She's Gone Country 2011 – A Dark Sicilian Secret A Royal Scandal-duology 2012 – Not Fit for a King? 2012 – His Majesty's Mistake Brennan Sisters-trilogy 2012 – The Good Woman 2013 – The Good Daughter 2013 – The Good Wife 2013 – Be Mine, Cowboy (yn 'e blomlêzing My Cowboy Valentine) 2013 – Take Me, Cowboy Taming of the Sheenans-trilogy 2013 – Christmas at Copper Mountain 2014 – Beauty's Kiss 2014 – The Kidnapped Christmas Bride The Disgraced Copelands-duology 2013 – The Fallen Greek Bride 2015 – His Defiant Desert Queen 2015 – It's You
Koarte ferhalen 2006 – The Italian’s Blackmailed Bride (yn 'e blomlêzing One Christmas Night) 2007 – Mistaken for a Mistress 2011 – One Christmas Night in Venice (yn 'e blomlêzing Mistletoe Wishes)
Non-fiksje 2014 – Writing The Bestseller: Romantic And Commercial Fiction (mei Rebecca Lyles)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2006Romance Reviews Today Awardwûnbêste kontemporêne romanFlirting with Forty2013Golden Leaf Awardwûnbêste roman mei romantyske elemintenThe Good Daughter2014RITA Awardwûnbêste romantyske novelleTake Me, Cowboy
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jane Porter
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk útjouwer Kategory:Amerikaansk winkelbetsjinner Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw