Peter DePoe (Neah Bay (Washington), 1943) is in Amerikaansk muzikant fan mingd etnysk komôf. Hy hat bekendheid krigen as drummer fan 'e band Redbone.

Berte en komôf DePoe waard yn 1943 berne yn Neah Bay, yn 'e Amerikaanske steat Washington, it haadplak fan it Makah Yndianereservaat. Hy is fan tige mingd etnysk komôf, mei Dútsk, Frânsk en Yndiaansk bloed. Syn Yndiaanske foarâlden hearden ta de Irokezen, Noardlike Arapaho, Noardlike Sjajinnen, Odjibwe, Silets en Tûtûtny.

Karriêre Yn 1969 krige DePoe bekendheid doe't er de drummer waard fan 'e Yndiaanske band Redbone. Hy ûntwikkele de styl fan drummen dy't bekendstiet as 'King Kong'. Yn 1972, nei it ferstjerren fan syn heit, ferliet er de band. Hy waard ferfongen troch Arturo Perez en letter troch de Filipynske Meksikaan Butch Rillera. DePoe sette syn muzykkarriêre fuort by lytsere, minder bekende bands, en is oant hjoed de dei ta as drummer aktyf.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Redbone

Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk drummer Kategory:Amerikaansk muzikant fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan fan Arapaho-komôf Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf Kategory:Persoan fan Irokeesk komôf Kategory:Persoan fan Odjibwe-komôf Kategory:Persoan fan Silets-komôf Kategory:Persoan fan Tûtûtny-komôf Kategory:Persoan berne yn 1943