Amal El-Mohtar (Ottawa, 13 desimberEl-Mohtar, Amal, Birthday Stuff for Friends and Family (blôch) 1984) is in Kanadeesk skriuwster, dichteresse, essayiste, literatuerkritika, blôchster en harpiste. Hja wûn trije kear de Rhysling Award mei har poëzij, en yn 2015 waard har foar har koarte ferhaal The Truth About Owls in Locus Award takend.
Libben en karriêre El-Mohtar waard yn 1984 berne yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Har âldelju binne etnysk Arabyske ymmigranten út Libanon wei.Biografyske ynformaasje op 'e webside fan 'e útjouwerij Papaveria Press Hja sette yn 2005 útein mei in karriêre as skriuwster fan koarte fiksje fan 'e sjenres science fiction en fantasy. Dêrnjonken skriuwt se ek poëzij en essay's, en hâldt se ferskate blôchs by. Har koarte ferhalen publisearret El-Mohtar yn in ferskaat oan tydskriften en blomlêzings. Yn 2011 brocht hja har earste dichtbondel út, mei as titel The Honey Month.
Mei har poëzij wûn El-Mohtar al trije kear, yn 2009, 2011 en 2014, de Rhysling Award foar bêste koarte gedicht. Yn 2010 waard har koarte ferhaal The Green Book nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar bêste koarte ferhaal. In oar ferhaal fan harres, The Truth About Owls, wûn yn 2015 de Locus Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Yn 2019 wûnen El-Mohtar en Max Gladstone de Hugo Award en de Nebula Award foar bêste novelle foar harren wurk This Is How You Lose the Time War.
El-Mohtar is fierders ek aktyf as literatuerkritika, en is sûnt 2006 as redaktrise belutsen by it fearnsjierblêd Goblin Fruit. Teffens wie hja yn 2010 redaktrise by in edysje fan it blêd Mythic Delirium.
Wurk Novelles 2019 – This Is How You Lose the Time War (mei Max Gladstone)
Bondels 2010 – The Honey Month (dichtbondel) 2020 – Nevertheless She Persisted (ferhalebondel fan it Flash Fiction Project y.g.m. Charlie Jane Anders, Brooke Bolander, Maria Dahvana Headley, Kameron Hurley, Seanan McGuire, Nisi Shawl, Catherynne M. Valente, Carrie Vaughn, Jo Walton en Alyssa Wong)
Koarte ferhalen 2011 – The Singing Fish (in Thackery T. Lambshead-ferhaal) 2006 – The Crow's Caw 2007 – Night of the Girl Goblin 2007 – Sparrow and Egg 2009 – And Their Lips Rang with the Sun 2010 – The Fishbowl 2010 – The Green Book 2011 – To Follow the Waves 2012 – Wing 2013 – A Hollow Play 2014 – Mon Pays C'Est l'Hiver 2014 – The Lonely Sea in the Sky 2014 – The Truth About Owls 2014 – The Rag Man Mulls Down the Day 2015 – Pockets 2015 – Madeleine
Gedichten 2005 – Loki 2007 – On the Division of Labour 2008 – Song for an Ancient City 2008 – Orpheus 2008 – Damascus Divides the Lovers by Zero or The City Is Never Finished (mei Catherynne M. Valente) 2009 – Apple Jack Tangles the Maidy Lac with a Red, Red Ribbon (mei Jessica P. Wick) 2010 – The Honey Month (dichtbondel) 2010 – The Maiden to the Fox Did Say (mei Nicole Kornher-Stace) 2010 – Schehirrazade 2010 – Eshet Hayil 2010 – The Winter Tree 2011 – In Search of a North Countrie 2011 – Pieces 2011 – Stairs in Her Hair (yn: Chronicles of the Borderlands) 2012 – No Poisoned Comb 2012 – Biting Tongues 2013 – Lost 2013 – Turning the Leaves 2014 – The New Ways
Essays 2010 – Le Tarot De Gaga 2010 – Myths & Delusions (mei Mike Allen en Jessica P. Wick) 2011 – Spotlight: Welcome to Bordertown 2011 – Journal of Mythic Arts Retrospective I: Personal Reflections (mei Brittany Warman en Alan Yee) 2011 – Journal of Mythic Arts Retrospective II: A Kaffeeklatsch with Terri Windling 2011 – Afterword: Winding Down the House: Taking the Steam Out of Steampunk 2012 – WisCon Blogs: Documents of Conversation and Struggle (mei Shveta Thakrar, Shweta Narayan, Saladin Ahmed, K. Tempest Bradford, N.K. Jemisin en Woodrow Jarvis Hill) 2012 – With the Benefit of Hindsight: Reflections on Moonfail in September 2011 (mei Shweta Narayan en Shveta Thakrar) 2012 – Winding Down the House: Towards a Steampunk Without Steam 2013 – Science Fiction Poetry: Worlds of Potential 2014 – Introduction (The Female Factory) 2015 – Introduction to "The Truth About Owls" 2015 – Book Reviews: March 2015 (Lightspeed) 2015 – The Hobbit: An Unexpected Desolation of Armies 2015 – Book Reviews: June 2015 (Lightspeed)Kritiken (in kar) 2015 – Elysium (2015) by Jennifer Marie Brissett 2015 – Ghost Signs (2015) by Sonya Taaffe 2015 – The Just City (2015) by Jo Walton 2015 – The Haunted Girl (2015) by Lisa M. Bradley 2015 – Archivist Wasp (2015) by Nicole Kornher-Stace 2015 – Karen Memory (2015) by Elizabeth Bear 2015 – Scruffians! Stories of Better Sodomites (2015) by Hal Duncan''
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2009Rhysling Awardwûnbêste koarte gedichtSong for an Ancient City2010Nebula Awardnominearrebêste koarte ferhaalThe Green Book2011Rhysling Awardwûnbêste koarte gedichtPeach-Creamed Honey2014Rhysling Awardwûnbêste koarte gedichtTurning the Leaves2015Locus Awardwûnbêste koarte ferhaalThe Truth About Owls2020Hugo Awardwûn (mei Max Gladstone)bêste novelleThis Is How You Lose the Time WarNebula Awardwûn (mei Max Gladstone)bêste novelleThis Is How You Lose the Time War
Keppelings om utens webside fan Amal El-Mohtar Bibliografy fan Amal El-Mohtar yn 'e Internet Speculative Fiction Database (ISFDB) In koarte biografy fan Amal El-Mohtar op Writertopia
Kategory:Kanadeesk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Kanadeesk science fiction-skriuwer Kategory:Kanadeesk fantasyskriuwer Kategory:Kanadeesk dichter Kategory:Kanadeesk literatuerkritikus Kategory:Kanadeesk essayist Kategory:Kanadeesk blogger Kategory:Kanadeesk sjoernalist Kategory:Kanadeesk muzikant Kategory:Kanadeesk harpist Kategory:Kanadeesk persoan fan Libaneesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1984