In healgod of healgoadinne is yn 'e mytology de neiteam út in relaasje tusken in god en in minske. Healgoaden moatte net betize wurde mei oare 'mindere' godheden, dy't bygelyks de natoerkrêften ferpersoanlikje, lykas nimfen en saters.

De measte healgoaden wurde yn 'e mytology beskreaun as stjerlike minsken dy't lykwols boppeminsklike krêften hawwe. Sokken wurde ek faak heroën neamd, nei it Grykske wurd foar "held". Soms wurde healgoaden nei in fertsjinstlik libben as stjerling ta god ferheft.

Bekende healgoaden Grykske en Romeinske mytology: Aineäs, soan fan Afrodite/Fenus en Anchises Achilles, soan fan 'e seenimf Tetis Herakles/Herkules, soan fan 'e oppergod Seus/Jupiter, postúm fergoade Asklepius, soan fan Apollo, postúm fergoade ta de god fan 'e genêskunde Keltyske mytology: Cú Chulainn, soan fan Lugh Fráech, soan fan Bé Find Hebriuwske mytology: de nefilim, bern fan ingels en minsken

Kategory:God Kategory:Mytology