Peter Koop Tuinman (Twizel, 15 april 1947) is in Nederlânsk akteur.

Biografy Peter Tuinman is berne yn Twizel as soan fan in skoalhaad. Heit Anne Tuinman sette toanielstikken oer, tekene, en skreaun revu’s. Mem Albertha Bloembergen wie djipleauwich en song yn it tsjerkekoar fan Oerterp. Syn âlden namen him faak mei nei it teäter De Lawei yn Drachten.

As tsiener woe Tuinman lykwols sporter wurde. Op de middelbere skoalle blykt Peter as atleet en as basketballer by de bêsten fan de skoalle te hearren. Hy makket diel út fan it basketbalskoalteam. Hy wurdt ek lid fan atletykferiening AV’55 op It Hearrenfean, mar neidat in lytse hertôfwiking fêststeld wurdt moat hy him syn dreamde karrière as atleet út’e holle sette. Peter Tuinman giet dochs it toaniel op en troch it selskip Tryater waard hy bekend. Op it Drachtster Lyseum makket er de hbs-a ôf en giet sosjology studearjen. Hy brekt syn stúdzje lykwols ôf en wurdt frachtweinsjauffeur, diskjockey en barkeeper. Dêrnei wurdt hy manager by in bank. Syn hobby bliuwt toanielspyljen. Op advys fan de lieder fan Tryater wurdt hy beropsakteur. Tuinman spile yn de telefyzjesearjes Tusken wâl en skip (1977) en De Kris Pusaka út itelde jier, mar bruts troch mei syn rol yn de film Spetters as Jaap, de homoseksuele broer fan Fientje. Hjirnei folgen rollen yn ferskate oare Nederlânske spylfims. Tuinman is dêrneist aktyf as toanielspiler en as telefyzje-akteur.

Tuinman is ek yn ferskate Fryske films te sjen, ûnder oaren yn De Dream - in ferfilming fan de Hogerhuis-saak út 1985 - en De Fûke (2000). Yn de dramasearje Dankert & Dankert fan Omrop Fryslân, ynspirearre op de twilling Willem en Hans Anker, spilet Tuinman de dûbele haadrol. Yn 1985 krijt hy in Gouden Keal foar syn rol as Wybren Hogerhuis yn De Dream.

Yn septimber 2018 spile er, tegearre mei Lisanne Dijkstra, de haadrol yn it lokaasjeteäterstik Het meisje van Yde.

Yn 2019 is er ophâlden mei aktearjen. Yn 2024 krige Tuinman de Rense Westra Oeuvre Award. By de útrikking sei er dat er noch wol meispylje wol yn in film oer Eise Eisinga; in nij projekt fan regisseur Steven de Jong. Peter Tuinman stopt "in principe" als acteur en ontvangt Rense Westra Oeuvre Award, ynternetside omrop Fryslan, 4 maaie 2024

Priveelibben Tuinman is skieden fan Froukje Oostra. Ut syn eardere relaasje mei Patricia Bleeker hat er in soan, Frank Tuinman. Yn 2005 wenne er yn Oerterp.

Filmografy Spetters (1980) fan Paul Verhoeven Het Teken van Het Beest (1980) Een Vlucht Regenwulpen (1980) fan Ate de Jong mei Jeroen Krabbé en Marijke Merckens Meisje Met Het Rode Haar (1981) fan Ben Verbong Ik ben Joep Meloen (1981) comedy fan Guus Verstraete De Weg (1982) fan Willy van Hemert, mei Sjoerd Pleysier en Anne Wil Blankers De Stille Oceaan (1984) fan Digna Sinke mei Andrea Domburg De Schorpioen (1984) Parfait Amour (1985) De Dream (1985) fan Pieter Verhoeff Blindeman (1986) (TV) Blonde Dolly (1987) -psychologische thriller fan Gerrit van Elst, Jonne Severijn Van Geluk Gesproken (1987) – fan Pieter Verhoeff De rivier waarin ik zwom (1988) fan Eric Oosthoek De Papegaai (1989) mei Frank Groothof Vincent & Theo (1990) Ik Ga Naar Tahiti (1992) Angie (1993) – fan Martin Lagestee De Wereld van Ludovic (1993) (TV) De Fjoertoer (1999) De Fûke (2000) De Zwarte Meteoor (2000) fan Guido Pieters Nynke (2001) Pieter Verhoeff De Skippers fan de Kameleon (2003) fan Steven de Jong Sportman fan de ieu (2006) De Scheepsjongens van Bontekoe (2007)- as Willem Ysbrandtsz Bontekoe De Hel van '63 (2009) - lanhearre Eisinga How to Train Your Dragon (2010) - Stompum de Mânske (stim) Brave (2012) - kening Fergus (stim) How to Train Your Dragon 2 (2014) - Stompum de Mânske (stim) How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019) - Stompum de Mânske (stim)

TF-searjes Tussen Wal en Schip (1977) De Kris Pusaka (1977) Transport (1983) Oog in Oog (1991) Bureau Kruislaan (1993) detective fan Vivan Pieters Unit 13 (1996) Costa! ôfl. 'Zwoele Nachten, Ware Liefde''' (2001) Baantjer De Cock en de Moord op de Werf (2001) All Stars (18 desimber 2001, gastrol as Bram syn 'omke Jan') De Cock en de Onzichtbare Moordenaar -diel 1 en 2 (2006) Dankert & Dankert Telefyzjerige - Pieter/Jelle Dankert (sa'n 50 ôfl., 2006-2007) Bit (telefyzjerige) - Boargemaster (Ofl., In bline neger, 2008|Skuld & ferjouwing, 2009) Hoe tem je een draak (2010) - Stim De Goede Dood (2012) - Robert Moordvrouw (2012) - Ewoud Nissick Rood (2013) - Jager Sams Kerst (2015) - Pake Jacob Flikken Maastricht (2015) - Hans Bartelmans Sinterklaasjoernaal (2017) - Bauke Berenburg

Prizen Gouden Keal - bêste akteur De Dream, 1985 Louis d'Or - bêste akteur, nominaasje, De Revisor, 1991 Parse-priis - Ik Jan Cremer, rock-opera, 1986 Prix d'Italia – Ik ga naar Tahiti, 1993 Gouden Keal - De Fjoertoer, nominaasje

Ferskaat Abe spektakelstik (1995) yn it Abe Lenstra stadion Presintaasje fan it programma “Masterplan” fan Endemol (2003) De Heeren van het Veen'' mei Jos Thie (2006) yn it Abe Lenstra stadion mei Karin Bloemen.

Keppeling om utens Webstee Peter Tuinman side by IMDb

Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk stimakteur Kategory:Frysk frachtweinsjauffeur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Nederlânsk frachtweinsjauffeur Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Twizel Kategory:Oerterp Kategory:Persoan berne yn 1947