Pieter Verhoeff (De Lemmer, 4 febrewaris 1938 - Amsterdam, 17 april 2019) wie in Fryske film- en dokumintêreregisseur om utens.

Libben en wurk Verhoeff folge de Nederlânske Filmakademy, dêr't er yn 1966 ôfstudearre. Hy waard yn 't foarste plak bekend fan de spylfilms Het teken van het beest (in ferfilming fan de roman De houn sil om jim bylje fan Rink van der Velde oer IJje Wijkstra, dy't yn 1929 fjouwer fjildwachters deaskeat), De Dream (oer de Hogerhuis-saak yn 1895), en Nynke (oer Nienke van Hichtum en Pieter Jelles Troelstra). Omdat dy films alle trije yn Fryslân splen, wie Verhoeff wolris benaud om as de streek-romancier van de Nederlandse film beskôge te wurden.

Njonken spylfilms makke Verhoeff fan de jierren santich ôf ek dokumintêres. Faaks is er ek de earste Nederlânske regisseur west dy't in pseudo-dokumintêre makke, Rudy Schokker huilt niet meer út 1972 ( mei in senario fan Gerben Hellinga). Ek regissearre er ôfleveringen fan Het Gat van Nederland en wie er de earste regisseur fan Jiskefet; hy wie ek de betinker fan de titel fan dat programma. Yn 1988 wie Verhoeff de gast yn it praatprogramma Zomergasten. Yn De fjoertoer, dy't him ôfspilet om de fjoertoer fan De Lemmer, ferhelle er in stik fan syn eigen skiednis en fan syn broer, in Ynjegonger dy't nei't er weromkaam wie net mear aardzje koe.Regisseur Pieter verhoeff (81) overleden, Frysk Deiblêd, 19 april 2019

Yn 2007 regissearre er de telefysje-útstjoeringen fan Radio Bergeijk foar de VPRO. Yn 2008 ferskynde syn film De Brief voor de Koning, de ferfilming fan it boek De brief voor de koning fan Tonke Dragt. Dêrnei produsearre er ûnder mear Tokyo Trials, oer it proses fan Tokio en de rol fan Bert Röling. Yn 2017 wurke Verhoeff oan in film oer de Nederlânske skriuwer Herman Koch.

Filmografy Ali en Nino Grote Klaas Hoor je 't ook eens van een ander (1968) Roel gaat weg (1970) Gat van Nederland (1972) - Items Rudy Schokker huilt niet meer (1972) Kleine Klaas en grote Klaas (1974) In het voetspoor van Athanasius Kircher (1974) De Hoogovenstaking (1975) Trees (passy en begearte (1975) Droomland (1976) (diel 1) De Volharding 1976 De bewakers (1977) De Strijd om de Stad (1978) Modern leven - ôfl. 1 & 3 (1979) Het teken van het beest (1980) De Katvanger (1980) Dynamische krachten (1982) De Dream (1985) Blindeman (1986) Van geluk gesproken (1987) Buiten Beeld (1989) Jiskefet (1990) Jiskefet (Oboema - diel 3) (1990) Jiskefet - kompilaasje (1990) Jiskefet (ôfl. 4) (1991) De zondagsjongen (1991) De Fjoertoer (1994) De langste reis (1996) It Fryslân fan Pieter Verhoeff (1999) Maten (1999) Nynke (2001) Eigen weg (foarhinne: “Vrij naar de natuur”) (2002) Alles komt ergens van (2003) De strijd der Volharding (2003) Een gelukkige hand (2005). Yn dat sykjen sûnder finen (2006) - dokumintêre oer dichter Tsjêbbe Hettinga De brief voor de koning (2008) Tokyo Trials (2017)

Sûnt juny 2009 wie er in Fryske spylfilm, licht basearre op de opera 'Carmen', oan it tarieden mei de tenoar Albert Bonnema.

Underskiedings In Gouden Keal foar: Het teken van het beest (1980) De Dream 1985 Van Geluk gesproken ( 1987) Nynke (2001)

Keppeling om utens Profyl Verhoeff yn de IMDb

Kategory:Frysk filmregisseur Kategory:Frysk dokumintêremakker Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Nederlânsk dokumintêremakker Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2019