In ghostwriter (útspr.: ['ɡo:stɹai̯təɹ]; likernôch: "goostraiter") is in Ingelsk wurd dat letterlik "spûkskriuwer" betsjut. Hjirmei wurdt immen bedoeld dy't ûnder oarmans namme skriuwt, en dat op fersyk fan dy oare docht. De publikaasje ferskynt dan as wie dy skreaun troch de opdrachtjouwer. Ghostwriters wurde gauris ynskeakele om te helpen by it skriuwen fan autobiografyen fan persoanen dy't sels net botte literêr oanlein binne (lju út 'e sportwrâld, bygelyks), of om't der traumatyske ûnderfinings op papier komme moatte dy't foar dejinge dy't dy foarfallen trochstien hat, noch te pynlik binne om der op sa'n wize mei om te gean. Ek taspraken wurde wol skreaun troch ghostwriters.

Kategory:Berop Kategory:Skriuwer Kategory:Utjouwersterm Kategory:Lienwurd út it Ingelsk