Wim van den Heuvel (Amsterdam, 20 oktober 1928 - 2 maart 2025) wie in Nederlânsk akteur.

Hy wie soan fan Lutgerdina Koster en amtner Jan van den Heuvel. Syn mem ferstoar yn 1930, wêrnei't heit fannijs troude mei Elisabeth Dieuwertje Zwart.

Nei de Toanielskoalle, dêr't Van den Heuvel yn 1952 eineksamen die, sleat er him oan by it toanielselskip Puck. Fiif jier letter spile er de boef Cesare Argento yn it telefyzjespul Cesare en hy waard bekend fan syn rol as plysje Douwe yn de film Fanfare, dy't fereale wie op Marije (Ineke Brinkman).

Van den Heuvel spile fierders ûnder oare by toanielselskip Ensemble, De Nederlânske Komedy, Toanielgroep Sintrum, de Haachske Komedy en It Nasjonale Toaniel.

Hy boaske yn 1955 mei aktrise Karin Haage en yn 1972 mei Guusje Westermann. Wim van den Heuvel ferstoar op 2 maart 2025, yn 'e âldens fan 96 jier

Rollen Cesare - Cesare Aribaldo Argento (1958) Fanfare - Douwe (1958) De bloeiende perzik - Cham (1960) Claudia en David - Tony Anton (1960) De Huzaren - Pietro Lippi (1960) Spooksonate - Studint (1961) Kermis in de Regen - Hans van den Toorn (1962) Marguerite Gautier - Gaston Rieux (1963) Het Grote Begin - Simon Van (1963) De man, de vrouw en de moord - Kiki (1963) De Vlucht van de Duif - Tony Graham (1964) Romeo & Julia - Mercutio (1964) Ongewijde aarde (1967) Koning Bolo - Kening Bolo (1977) De schat - Mozes (1984) Medisch Centrum West - Menear Klaassen (1990) Meeuwen - Resjersjeur (1991) Pleidooi - Plysjerjochter Kieboom (1993) Een spoor van blauw zand (1994) Alle kinderen de deur uit - Tobias van West (1994) Coverstory - Karel van Tellingen (1995) Flodder 3 - Lid komitee foar útsetting Flodders (1995) Minoes - Menear Pastoar (2001) Bergen Binnen - Ricardo van den Oever (2003-2004)

Gastrol Rikkel Nikkel de avonturen van een robot - Kommandant (1962) Mik-Mak - Antonio Crascado de Toreador (1963) Herrie om Harrie - Arthur (1964) Uit de wereld van Roald Dahl - Arnold van Gelder (1975) Tijdschrift - Heit (1977) Mensen zoals jij en ik - Boer (1981), Polysjesjef (1983) Ha, die Pa! - Berend de Bruyn (1992) Toen was geluk heel gewoon - Menear van der Loos (1994) Flodder (ôflevering Laatste Eer) - Man yn auto (1995) Unit 13 - Keunsteigner (1996) Russen - Opa (2001) All stars - De serie - Man by de doar (2001) Hartslag - Mr. Krant (2004) Missie Warmoesstraat - Ds Van der Vaart (2004) Keyzer & de Boer advocaten - Abbey court chairman (2007) Voetbalvrouwen - Dokter Rosenbaum (2007) Flikken Maastricht - Dirk (2010) De co-assistent - Menear van Leupen (2010)

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2025