De Gracie Awards binne in groep fan rom 40 Amerikaanske prizen fan, foar en oer froulju dy't sûnt 2005 elts jier útrikt wurde oan persoanen dy't in foarbyldige bydrage levere hawwe oan 'e elektroanyske media.
Algemien De útrikking fan 'e priis is yn 'e hannen fan 'e Alliance for Women in the Media Foundation (AWM), en de prizen binne ferneamd nei de Amerikaanske komediënne Gracie Allen. De útrikkingsseremoanje is twadielich en bestiet út in formeel jûnsgala en in folle ynformelere lunchgearkomste. Op it jûnsgala, dat ornaris holden wurdt yn it Beverly Hilton Hotel yn Los Angeles, wurde de lanlike prizen útrikt dy't de hiele Feriene Steaten beslane. Op 'e lunchgearkomsten, yn New York, wurde pleatslike en regionale prizen útrikt en wurdt online- en studintewurk bekroane.
Kategoryen
treflike aktrise yn in trochbraakrol treflike aktrise yn in byrol yn in drama treflike aktrise yn in byrol yn in komeedzje of musical treflike aktrise yn in fêste of gastrol treflike aktrise yn in haadrol yn in drama treflike aktrise yn in haadrol yn in komeedzje of musical treflike cast - komeedzje treflike cast - drama treflike dokumintêre treflik drama treflike famyljeprogrammiëarring treflike ferslachjouster treflike humoristyske nijsreportaazje treflike komeedzje treflik lifestyle/sûnensprogramma treflik live-talint: sportprogramma treflik moarns/middeispresintatrise treflike nijslêzer - nijs of aktualiteiterubryk treflike online-presintatrise of -ferslachjouster treflike online-produsinte treflik oarspronklik online-programma - audio treflik oarspronklik online-programma - nijs/dokumintêre treflik oarspronklik online-programma - op himsels steande fideo treflik oarspronklik online-programma - searje treflik praatprogramma - entertainment/ynformaasje treflik praatprogramma - nijs treflik praatprogramma of ynterviewsegmint treflike presintatrise - entertainment/ynformaasje treflike presintatrise - lifestyle/sûnens treflike presintatrise - nijs/non-fiksje treflike produsinte - dokumintêre/reality treflike produsinte - entertainment treflike produsinte - nijs treflik realitytillefyzjeprogramma treflike regisseur - entertainment treflike regisseur - nijs treflike searje treflike serieuze nijsreportaazje treflike special treflik sportprogramma treflik ûndersyksprogramma of treflike ûndersyksreportaazje
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Gracie Awards
Kategory:Amerikaanske feministyske priis Kategory:Amerikaanske sjoernalistike priis Kategory:Amerikaanske telefyzjepriis Kategory:Amerikaanske radiopriis Kategory:Amerikaanske ynternetpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2005