De Bûtenste-Hebriden (Skotsk-Gaelysk: Na h-Eileanan Siar, Ingelsk: Outer Hebrides) binne in groep eilannen sa'n 60 km foar de westkust fan Skotlân, dy't part binne fan de Hebriden. Se binne skieden fan de Binnen-Hebriden en Schotland troch de Minch, de Lytse Minch en de Hebridensee. De haadstêd is Stornoway (Steòrnabhagh) op it eilân Lewis. De arsjipel hat in oerflak fan 3.071 km² en dêr wenje sa'n 26.000 eilanners.
Bestjoerlik De Bûtenste-Hebriden is in riedsgebiet (council area) mei de offisjele Skotsk-Gaelyske namme Na h-Eileanan Siar ('Westlike Eilannen'). De oantsjutting Na h-Eileanan Siar wurdt brûkt sûnt 1997 en wurdt ek yn offisjele Ingelsktalige teksten brûkt.
Geografy De folgjende eilannen behearre ta de Bûtenste Hebriden(fan noard nei súd): Bewenne: Lewis en Harris Grut Bernera Scalpay Uist (Uibhist): Baleshare Berneray North Uist Grimsay Benbecula South Uist Eriskay Barra Vatersay Unbewenne: Sula Sgeir North Rona: Shianteilannen Barra Head Flannaneilannen Haskeir Monacheilannen St. Kilda en noch in protte lytse ûnbewenne eilannen: Campay, Coppay, Flodday, Floday, Gilsay, Heiskers, Hermetray, Kirkibost, Lingay, Little Bernera, Little Shillay, Mealasta, Mingulay, Opsay, Pabay Mor, Pabbay, Sandray, Scaraway, Scarp, Shillay, Soay Beag, Soay Mor, Stockay, Sursay, Tahay, Taransay, Vacsay, Vallay, Wiay en oare.
De tsien grutste eilannen fan de Bûtenste Hebriden NammeOerflak (km²)Ynwennertal (2001)Heechste punt (m)Lewis en Harris2.170,018.489799South Uist320,31.818620North Uist303,11.271347Benbecula82,01.219124Barra58,81.078383Great Bernera21,223387Taransay14,80267Berneray10,113693Grimsay8,320122Eriskay7,0133185
Kategory:Hebriden Kategory:Eilân yn Skotlân Kategory:Britske Eilannen Kategory:Eilân yn de Atlantyske Oseaan