Ewan McGregor (útspr.: ['ju:ən mək'ɡrɛɡər], likernôch "jû-un mek-greg-gur"; folút: Ewan Gordon McGregor; Perth (Skotlân), 31 maart 1971) is in Skotsk akteur, sjonger, regisseur en dokumintêremakker mei in dûbele Britsk-Amerikaanske nasjonaliteit, dy't in protte súkses hân hat mei filmhûsfilms, mar ek mei grutte Hollywood-produksjes. Hy is it bekendst fan films as Trainspotting, Moulin Rouge! en de Star Wars-prequeltrilogy, wêryn't er de rol fan 'e (jonge) Obi-Wan Kenobi fertolke. Behalven op it wite doek is McGregor ek aktyf as toaniel- en musicalakteur en hat er ferskate populêre dokumintêresearjes makke oer de tochten dy't er ôflein hat op syn motorfyts. Hy hat foar syn wurk in Golden Globe, in Emmy en twa Satellite Awards wûn.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding McGregor waard yn 1971 berne yn it Keninklik Sikehûs fan it Skotske Perth, as de soan fan James Charles Stewart "Jim" McGregor, in gymnastyklearaar, en Carole Diane Lawson, in leararesse en skoalbestjoerster. Hy hat in âldere broer, Colin McGregor, dy't foarhinne in piloat wie by de Britske Keninklike Loftmacht. Yn septimber 2020, doe't er troch Sily reizge foar de dokumintêre Long Way Up, fertelde McGregor dat syn oerpake John McIndoe ein njoggentjinde iuw yn dat lân berne wie út in Skotske heit dy't dêr as yngenieur wurke en in mem dy't fan Dútsk komôf wie. McGregor is in lid fan 'e Clan Gregor (of MacGregor). Hy groeide deunby Perth op yn it doarp Crieff, dêr't er ek de middelbere skoalle trochrûn. Dêrnjonken folge er yn 'e fakânsjes in toanieloplieding oan 'e Guildhall School of Music and Drama yn Londen.
As film- en tillefyzje-akteur Yn 1993 waard McGregor de haadrol taparte yn 'e BBC-dramasearje Lipstick on Your Collar. Datselde jiers spile er teffens ien fan 'e haadrollen yn 'e BBC-searje Scarlet and Black, as tsjinspiler fan in jonge Rachel Weisz. Ek syn debút as filmakteur fûn dat jiers plak, yn Being Human, fan regisseur Bill Forsyth. Yn 1994 hie McGregor û.m. in tige heech wurdearre rol yn 'e skriller Shallow Grave, dêr't er in Empire Award mei wûn. Syn ynternasjonale trochbraak kaam yn 1996 mei de rol fan 'e heroïneferslaafde Mark Renton, yn 'e mannichfâld bekroane filmhûsfilm Trainspotting, fan regisseur Danny Boyle.
Fanwegen de rom dy't er mei Trainspotting wûn, kaam McGregor ûnder de oandacht fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas, dy't him yn 1999 yn 'e Hollywoodproduksje Star Wars: Episode I – The Phantom Menace caste yn 'e rol fan 'e jonge Jedi-ridder Obi-Wan Kenobi, in rol dy't yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, út 'e 1970-er en 1980-er jierren, ferneamd makke wie troch sir Alec Guinness. Mei dy rol waard McGregor ek bekend by it oansjenlike diel fan it publyk wêrfoar't Trainspotting te keunstsinnich wie. McGregor wie trouwens net de earste yn syn famylje dy't in rol yn in Star Wars-film spile, mei't syn omke Denis Lawson yn 'e oarspronklike trilogy de byrol fan Wedge Antilles fertolke hie. Yn 2002 en 2005 ferskynde McGregor fannijs as Obi-Wan Kenobi yn 'e oare beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. Hy die o sa war, fral yn it lêste diel fan 'e trilogy, om derfoar te soargjen dat syn lichemsbewegings en lytse oanwensten, de timing fan syn spraak, en syn aksint persiis lieken op dy fan Alec Guinness yn Star Wars: Episode IV – A New Hope.
Yn 2001 spile McGregor yn in oare grutte Hollywoodproduksje, Moulin Rouge!, de rol fan 'e jonge dichter Christian, dy't smoarfereale wurdt op 'e terminaal sike koertisane Satine, in rol fan aktrise Nicole Kidman. Dy rol smiet him in Satellite Award op. Datselde jiers hied er ek in rol yn 'e film Black Hawk Down, oer it delheljen troch rebellen fan ferskate Amerikaanske legerhelikopters yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, yn 1993, wat late ta de Slach om Mogadisjû. Yn 2003 wie McGregor as tsjinspiler fan Renée Zellweger te sjen yn Down with Love, wylst er dat jiers ek, mei û.o. Jessica Lange, yn 'e troch de resinsinten tige priizge film Big Fish spile.
Ek yn 2003 wie McGregor as stimakteur yn 't spier foar twa animaasjefilms: Robots en Valiant. Yn 2005 spile er twa rollen (de iene as kloan fan 'e oare) yn The Island, fan regisseur Michael Bay, mei as tsjinspylster Scarlett Johansson. Dat jiers wied er ek yn 'e psychologyske skriller Stay te sjen, mei Naomi Watts en Ryan Gosling. Yn dyselde snuorje giene der geroften dat men him de rol fan James Bond oanbean hie foar de rebootfilm Casino Royale (2006), mar yn in fraachpetear út 2010 ûntkende McGregor dat. Yn 'e film Cassandra's Dream (2007), fan regisseur Woody Allen, spile McGregor foar Colin Farrell oer, yn I Love You, Phillip Morris (2009) wied er te sjen mei Jim Carrey, en yn Amelia (2009) hied er Hilary Swank as tsjinspylster. Ek yn 2009 fertolke er de rol fan kamerlengo Patrick McKenna yn Angels & Demons, it twadde diel fan 'e Robert Langdon-filmsearje en de ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Dan Brown.
Yn 2011 hie McGregor mei Emily Blunt en Kristin Scott Thomas ien fan 'e haadrollen yn 'e Britske film Salmon Fishing in the Yemen, ûnder rezjy fan Lasse Hallström. Datselde jiers waard him op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle de Golden Space Needle Award takend foar bêste akteur. Yn 2012 siet McGregor yn 'e sjuery fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en wûn er op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián syn earste oeuvrepriis. Hy spile dat jiers ek yn 'e rampefilm The Impossible, mei Naomi Watts en Tom Holland. Yn 2013 wied er mei Meryl Streep en Julia Roberts te sjen yn August: Osage County en teffens as ridder yn 'e fantasyfilm Jack the Giant Slayer. Yn 2014 hied er in cameo yn 'e westernkomeedzje A Million Ways to Die in the West. Mei Johnny Depp spile McGregor yn 2015 yn 'e aksjekomeedzje Mortdecai. Yn 2016 hied er in rol yn American Pastoral, dat teffens de earste film wie dy't er sels regissearre.
McGregor kroep yn 2017 jitris yn 'e hûd fan Mark Renton foar it ferfolch op Trainspotting, dat T2 Trainspotting hiet. Hy spile ek Lumière yn 'e live-actionadaptaasje fan 'e Disney-klassiker Beauty and the Beast, in rol dy't yn 'e oarspronklike tekenfilm út 1991 ynsprutsen wurden wie troch Jerry Orbach. Foar Beauty and the Beast makke McGregor diel út fan in stjerrecast mei û.o. Ian McKellen, Emma Thompson, Emma Watson, Kevin Kline, Stanley Tucci, Gugu Mbatha-Raw en Josh Gad. Ek yn 2017 spile McGregor yn it trêde seizoen fan 'e tillefyzjesearje Fargo, dêr't er in Golden Globe foar bêste akteur mei wûn. Yn 2018 fertolke er de folwoeksen ferzje fan it titelpersonaazje yn Christopher Robin, in live-actionferfilming fan 'e Winnie the Pooh-franchise fan Disney.
Yn 2019 spile McGregor de âldere Danny Torrance yn Doctor Sleep, de ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan horrorskriuwer Stephen King. Yn 2020 wied er as de supersmjunt Black Mask te sjen yn 'e DC Comics-supersmjuntefilm Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn), mei de Australyske aktrise Margot Robbie as syn tsjinspylster. Yn augustus 2019 waard troch filmstudio Lucasfilm bekendmakke dat McGregor op 'e nij de rol fan Obi-Wan Kenobi spylje soe foar de oankommende minysearje Obi-Wan Kenobi, dy't fan 2022 ôf te sjen is op streamingtsjinst Disney+. McGregor liet witte sa bliid as in bern te wêzen dat er no in ferzje fan dat personaazje spylje koe dy't de Obi-Wan Kenobi fan Alec Guinness út 'e earste Star Wars-film mear belike. Yn 2021 krige McGregor rûnom lof taswaaid foar syn fertolking fan 'e rol fan 'e Amerikaanske moade-ûntwerper Roy Halston Frowick yn 'e biografyske minysearje Halston, fan streamingtsjinst Netflix. Foar dy rol wûn er in Emmy en in Satellite Award.
As toanielakteur Njonken syn karriêre as film- en tillefyzje-akteur, har McGregor ek geregeldwei op 'e planken stien. Sa wied er fan novimber 1998 oant maart 1999 û.m. yn Londen te sjen as Malcolm Scrawdyke yn it toanielstik Little Malcolm and His Struggles Against the Eunuchs, dat regisearre waard troch syn omke Denis Lawson. Fan juny 2005 oant april 2007 spile er fierders mei û.o. Jane Krakowski, Douglas Hodge en Jenna Russell yn 'e musical Guys and Dolls, yn it Piccadilly Teäter yn Londen. Foar de rol fan Sky Masterson yn dat stik waard er yn 2007 nominearre foar in tige prestizjeuze Laurence Olivier Award yn 'e kategory bêste akteur yn in musical. Fan desimber 2007 oant febrewaris 2008 spile McGregor yn it Donmar Warehouse de rol fan Iago yn Shakespeare syn trageedzje Othello, mei as tsjinspilers Chiwetel Ejiofor yn 'e titelrol en Kelly Reilly as Desdemona. Dyselde rol fertolke McGregor yn maaie 2008 jitris yn in harkspul op 'e BBC-radio.
As dokumintêremakker Al sûnt syn jonkheid is McGregor in fanatyk motorrider, en fan april oant juny 2004 ûndernaam er mei syn bêste freon Charley Boorman en kameraman Claudio von Planta in motorreis fan Londen nei New York fia Midden- en East-Jeropa, de Oekraïne, Ruslân, Kazachstan, Mongoalje, Sibearje, Alaska, Kanada en de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Dêrby leine hja op BMW R1150GS Adventure-motorfytsen in totale ôfstân fan 35.960 km ôf. De bylden dy't dat opsmiet, makke McGregor neitiid in dokumintêrerige fan mei as titel Long Way Round (frij fertaald: "By Berltsum Om"). Letter kaam der ek in boek oer de reis út, mei deselde titel, dat in bestseller waard.
Fan maaie oant augustus 2007 ûndernaam McGregor mei Boorman en Von Planta in twadde reis, diskear fan John o' Groats, it noardlikste punt fan Skotlân, nei Kaapstêd, yn Súd-Afrika. Op 'e nij ferskynden der in dokumintêrerige en in boek oer de reis, mei as titel Long Way Down. Yn septimber 2010 sei Boorman dat der in trêde reis op kommendeweis wie, fan Fjoerlân nei Kalifornje, mar it duorre noch oant 2019 ear't dy reis der echt fan kaam. De tsiendielige dokumintêresearje dy't dêr fan makke waard, krige de titel Long Way Up. McGregor wurke yn 2012 ek mei oan in twadielige BBC-dokumintêre mei as titel Ewan McGregor: Cold Chain Mission, wêryn't de akteur per motor, boat, fleantúch en geandefoets reizge om faksêns foar bern oer te bringen nei ôfhandige dielen fan Yndia, Nepal en de Demokratyske Republyk Kongo. Dat wie ûnderdiel fan syn wurk as goodwill-ambassadeur foar UNICEF.
Priveelibben McGregor troude yn 1995 mei Eve Mavrakis, in Frânske produksje-ûntwerpster. Mei har krige er fjouwer dochters: Clara Mathilde McGregor (1996), Esther Rose McGregor (2001), Jamyan McGregor (2001) en Annouk McGregor (2011). Jamyan wie in strjitbern dat McGregor yn 2004, ûnder de opnamen fan Long Way Round, mette yn Mongoalje en yn 2006 adoptearre. It jongste famke, Annouk, is ek oannommen. De bern waarden grutbrocht as joaden om't Mavrakis in joadinne is en McGregor sels gjin útsprutsen religy hat, hoewol't er, nei eigen sizzen "dizenich", as kristen grutbrocht is.
McGregor wenne fan 2010 ôf mei wiif en bern yn Los Angeles, om't er yn syn eardere wenplak Londen net mear normaal libje koe en oeral lestich fallen waard troch fans.
Yn maaie 2017 rekke McGregor by de frou wei, fan wa't er sûnt skieden fan tafel en bêd libbe. Op 19 jannewaris 2018 frege er in formele skieding oan, dy't op 13 augustus 2020 definityf waard. Sûnt 2017 hat McGregor in relaasje mei de Amerikaanske aktrise Mary Elizabeth Winstead, mei wa't er yn 'e kunde kaam op 'e set fan 'e tillefyzjesearje Fargo. Harren soan Laurie waard berne yn juny 2021.
Ewan McGregor set him tige yn foar ferskate goede doelen, wêrûnder UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes, dêr't er goodwill-ambassadeur foar is. Yn 2013 waard er beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) foar syn fertsjinsten op it mêd fan toaniel en goeddiedichheid.