Marije I, yn 'e regel Marije Stuart neamd en yn it Ingelsk bekend as Mary, Queen of Scots (Linlithgow (Skotlân), 8 desimber 1542 – Fotheringhay (Ingelân), 8 febrewaris 1587), wie keninginne fan Skotlân fan 1542 oant 1587 en dêrnjonken ek keninginne-gemalinne fan Frankryk fan 1559 oant 1560. Hja wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan kening Jakobus V fan Skotlân, dy't seis dagen nei har berte stoar. Marije waard grutbrocht oan it Frânske Hof, wylst Skotlân bestjoerd waard troch reginten. Har houlik mei kening Frâns II fan Frankryk duorre mar koart.

Yn 1561 kearde se as widdo werom nei Skotlân om it regear oer har heitelân op te nimmen. Troch har roomske opfieding yn Frankryk stie Marije negatyf foar it oanwaaksende protestantisme yn Skotlân oer, wylst de protestanten har as harren wichtichste fijân seagen. Doe't har ûnlijige leafdeslibben it hiele lân yn ûnstjoer brocht, waard Marije yn 1567 twongen en doch ôfstân fan 'e troan. Se waard finzen set, mar wist nei Ingelân te ûntkommen, dêr't se lykwols fannijs opsletten waard troch har efternicht Elizabeth I. Dy seach har as in bedriging om't Marije troch de roomsen yn Ingelân as de wiere keninginne fan dat lân beskôge waard. Nei in finzenskip dy't mear as 18 jier duorre, liet Elizabeth har úteinlik yn 1587 ûnthalzje.

Libben Berte Marije waard berne op 8 desimber 1542 (of miskien noch foar midsnacht op 7 desimber), yn Linlithgow Palace, yn it Skotske Linlithgow. Hja wie de dochter fan Jakobus V, de kening fan Skotlân, en dy syn Frânske frou Marije fan Guise. Marije wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan Jakobus en de âldomkesizzer fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII, waans suster Margareta Tudor mei Marije har pake, kening Jakobus IV fan Skotlân, troud west hie.

In wike nei har berte, op 14 desimber, waard Marije keninginne fan Skotlân doe't har heit nei de ferlerne Slach by Solway Moss, tsjin 'e Ingelsen, kaam te ferstjerren oan itsij in senuwynsinking, itsij it drinken fan fersmoarge wetter. Neffens in Skotske folksleginde, dy't foar it earst optekene waard troch de tsjerkeherfoarmer John Knox, hearde Jakobus V op syn stjerbêd dat de langferwachte poppe in famke wie (wylst er fansels op in soan hope hie, om syn geslacht fuort te setten). Hy soe doe sein hawwe: "It cam wi' a lass and it will gang wi' a lass." ("It kaam mei in famke en it sil gean mei in famke.") Dy útspraak ferwiist nei it feit dat syn famylje, it Hûs Stuart (of Stewart), op 'e Skotske troan kommen wie trochdat de stamfaar Walter Stewart mei Marjorie Bruce, de dochter fan Robert de Bruce troud wie op it stuit dat Hûs Bruce yn 'e manlike line útstoar. As er it al sein hat, wie Jakobus V lykwols mis dat it regear fan 'e Stuarts mei syn dochter einigje soe; dat barde pas yn 1714, doe't de lêste Stuart-keninginne fan Grut-Brittanje, Anne, opfolge waard troch George I, de Dútske karfoarst fan Hannover.

Jonkheid yn Skotlân Mei't Marije noch mar in poppe wie doe't hja de Skotske troan urf, moast der in regint oansteld wurde om it regear oer it lân waar te nimmen oant hja âldernôch wêze soe om it sels te bewurkmasterjen. Fan it begjin ôf oan waard dêrby tsierd oer wa't it regintskip tawiisd krije moatte soe. Oan 'e iene kant stiene de roomsen, dy't kardinaal David Beaton foarútskoden, en oan 'e oare kant stiene de protestanten foar wa't Jakobus Hamilton, greve fan Arran it regintskip opeaske. Arran, dy't nei Marije sels de twadde yn 'e line foar de troan wie, basearre syn oanspraak op in ferzje fan it testamint fan Jakobus V dat troch syn tsjinstanners oan kant reage waard as in ferfalsking. Likegoed wist hy mei help fan meistanners it pleit yn 't earstoan yn syn foardiel te besljochtsjen en regint te wurden. Dat duorre oant 1554, doe't keninginne-mem Marije fan Guise him út dy funksje ûntheft wist te krijen, wêrnei't se him sels opfolge.

Underwilens besocht kening Hindrik VIII fan Ingelân om fan 'e Skotske swakte gebrûk te meitsjen om Skotlân foar iens en foar altyd los te weakjen fan syn âlde bûnsgenoat Frankryk (en it ynstee fêst te plakken oan Ingelân). Yn 1543 sleat er mei Arran-en-dy it Ferdrach fan Greenwich, wêryn't fêstlein wie dat Marije mei tsien jier trouwe soe mei de Ingelske kroanprins Edwert, wêrnei't se fierder ûnder syn eigen tafersjoch oan it Ingelske Hof grutbrocht wurde soe. Under de betingsten fan dit ferdrach soene Ingelân en Skotlân selsstannige lannen bliuwe, dy't lykwols in personele uny foarmen (krekt sa't yn 1603 ek wier-wier barre soe).

Hindrik syn snoade plannen rûnen lykwols averij op doe't de faksje fan kardinaal Beaton, dy't in fernijing foarstie fan 'e saneamde Auld Alliance mei Frankryk, yn Skotlân wer mear macht krige. Beaton woe Marije by de Skotske kust wei hawwe, dêr't hja kwetsber wie foar ûntfiering troch fijannen mei in sterke marine (lykas Ingelân), mar Arran wie dêr op tsjin. Dyselde joech lykwols ta doe't Beaton syn wapene oanhingers harren by it paleis te Linlithgow sammelen. Ein july 1543 eskortearre Mattéus Stuart, greve fan Lennox de jonge keninginne en har mem mei 3.500 soldaten nei it kastiel fan Stirling, dêr't Marije op 9 septimber fan dat jier yn 'e slotkapel kroane waard.

Neitiid goaide Hindrik VIII syn eigen glêzen alhiel yn troch Skotske keapfarders dy't ûnderweis wiene nei Frankryk yn beslach te nimmen en de keaplju sels finzen te nimmen. Dat foel yn Skotlân sa min, dat Arran him bekearde ta it roomsk-katolisisme en him by de pro-Frânske partij joech. It Ferdrach fan Greenwich waard dêrnei yn desimber ôfwiisd troch it Skotske parlemint. Dêrop sette Hindrik útein mei wat bekend kaam te stean as syn Rûge Hofmakkerij (Rough Wooing), in militêre kampanje om 'e Skotten te twingen ta in houlik tusken Marije en Edwert. Yn it ramt dêrfan plonderen de troepen fan 'e Ingelske greve fan Hertford yn maaie 1544 de Skotske haadstêd Edinburch. Marije waard dêrop fierder nei it noarden brocht, nei Dunkeld. Nei't yn maaie 1546 kardinaal Beaton fermoarde wie troch protestantske Skotske eallju en de Skotten op 10 septimber 1547 in swiere nederlaach litten yn 'e Slach by Pinkie Cleugh, besleat men de Frânsen om help te freegjen.

Kening Hindrik II fan Frankryk stelde doe in personele uny tusken Frankryk en Skotlân foar, troch Marije trouwe te litten mei syn doe trijejierrige soan, de lettere kening Frâns II. Wylst Ingelske troepen in spoar fan ferwoastging troch it Skotske leechlân lutsen, besleat it Skotske parlemint mei dat plan, it saneamde Ferdrach fan Haddington, yn te stimmen.

Jonkheid yn Frankryk De fiifjierrige Marije waard dêrop oerbrocht nei Frankryk, dêr't se de folgjende trettjin jier fan har libben trochbringe soe oan it Frânske Hof. Hja hie dêr in eigen húshâlding besteande út û.m. har beide ûnwettige healbruorren en de 'fjouwer Marijen', fjouwer famkes fan har eigen jierren út 'e meast foaroansteande aadlike famyljes fan Skotlân (Beaton, Seton, Fleming en Livingston), dy't allegear fan Marije hieten. Neffens kontemporêne boarnen wie Marije libben, tsjep en fernimstich, en mocht eltsenien oan it Frânske Hof graach oer har, útsein Katerine de' Medici, de frou fan kening Hindrik II. Marije learde lútspyljen, koe sawol proaza as poëzij skriuwe, die oan hynsteriden, falkerij en hantwurk en kaam behalven Skotsk ek Frânsk, Italjaansk, Latyn, Spaansk en Aldgryksk floeiend te sprekken.

Hoewol't hja har ûntjoech ta in mûlripe en tige lange jonge frou (hja wie 1.80 m, wat útsûnderlik wie foar froulju yn 'e sechstjinde iuw) en har ferseine Frâns stammere en abnormaal koart wie, koene hja it nei't it skynt goed mei-inoar fine. Op 4 april 1558 tekene Marije in geheime oerienkomst wêryn't stie dat se Skotlân en har oanspraken op 'e troan fan Ingelân neilitte soe oan 'e Frânske keninklike famylje yn it gefal dat se sûnder bern kaam te ferstjerren. Tweintich dagen letter troude se mei Frâns yn 'e Nôtre Dame te Parys, en waard de kroanprins kening-gemaal fan Skotlân.

Yn novimber fan datselde jiers kaam Marije har efternicht Elizabeth I op 'e Ingelske troan nei it ferstjerren fan har âldere healsuster Marije de Bloedige. Om't Elizabeth berne wie út in houlik dat troch har heit Hindrik VIII sletten wie nei't er him sûnder tsjerklike tastimming skiede litten hie fan syn earste frou Katerina fan Aragon, beskôgen roomsen har lykwols as in ûnwettich bern, dat sadwaande nea yn oanmerking komme meien hie foar de Ingelske troan. Ynstee waard troch de measte roomsen, ek dy yn Ingelân sels, Marije fan Skotlân, as de naust besibbe ôfstammeling fan Hindrik VIII syn suster Margareta, sjoen as de rjochtlike keninginne fan Ingelân. Sadwaande liet Hindrik II fan Frankryk syn soan en skoandochter nei Elizabeth har troansbestiging útroppe ta wiere kening en keninginne fan Ingelân.

Op 10 july 1559 kaam Hindrik II te ferstjerren oan ferwûnings dy't er oprûn hie by syn dielname oan in riddertoernoai. Fan gefolgen waard Marije har man doe mei fyftjin jier útroppen ta kening Frâns II fan Frankryk, en sysels ta syn gemalinne. Mei har kaam yn Frankryk de partij fan Guise, de famylje fan har mem, oan 'e macht, oanfierd troch Marije har omkes Frâns, hartoch fan Guise en Karel fan Guise, kardinaal fan Loataringen.

Underwilens ûntstie der ûnder de Skotske protestanten almar mear ûnfrede oer it bestjoer fan Marije har mem, regintesse Marije fan Guise, dy't inkeld troch ynset fan Frânske troepen oan 'e macht bliuwe koe. Doe't begjin 1560 protestantske Skotske eallju by it Ferdrach fan Berwick Ingelân oprôpen om troepen nei Skotlân te stjoeren om dêr it protestantisme ta steatsgodstsjinst te meitsjen, en in Hugenoatske rebûlje yn Frankryk (it saneamde Trelit fan Amboise) it de Frânsen ûnmooglik makke om fersterkings nei Skotlân te stjoeren, late dat ta koartseftich oerlis tusken Frankryk en Ingelân. Nei de dea, op 11 juny 1560, fan Marije fan Guise, kaam de Frânske posysje yn Skotlân hielendal faai te stean. Op 6 july waard dêrom mei de Ingelsen it Ferdrach fan Edinburch sletten, wêrby't Ingelân syn troepen weromloek en Frankryk Elizabeth erkende as rjochtlike keninginne. It wie de bedoeling dat Skotlân him ek by it ferdrach oanslute soe, mar de santjinjierrige Marije wegere it te tekenjen.

Werom yn Skotlân Op 5 desimber 1560 kaam Marije har man Frâns II fan Frankryk te ferstjerren oan in ynfeksje oan it middenear, dy't in abses yn syn harsens feroarsake. Marije wie yn djippe rou. Har skoanmem, Katerine de' Medici, waard regintesse oer Frankryk foar har twadde soan Karel IX, dy't doe tsien jier âld wie. Dêrop kearde Marije werom nei Skotlân, dêr't se op 19 augustus 1561 oankaam. It doetiidske Skotlân waard ferskuord troch de striid tusken en de yntriizjes fan 'e roomske en protestantske partijskippen. Troch har goedroomske opfieding kaam Marije sels oan it haad fan 'e roomsen te stean, wylst har ûnwettige healbroer Jakobus Stuart, greve fan Moray, lieder fan 'e protestanten wie. In oare wichtige protestant wie de tsjerkeherfoarmer John Knox, dy't tsjin Marije preke om't se nei de mis gie, dûnse en klean droech dy't hy te ûnbeskieden fûn. Hja besocht mei de man te praten, mar hy woe net harkje, en letter besocht se him om 'e nocht foar ferrie feroardiele te krijen.

Lykwols fersette Marije har net tsjin 'e ynfloed dy't protestantske eallju oan it Skotske hof hiene. Sa wie har healbroer Moray ien fan har wichtichste riedslju, en hiene ek oare protestantske lieders, lykas de greven fan Argyll en Glencairn, foaroansteande posysjes. Yn 1562 wurke Marije sels gear mei Moray om 'e wichtichste roomske ealman fan Skotlân, George Gordon, 4e greve fan Huntley, ûnder fuotten te heljen nei't dy yn 'e Heechlannen in opstân tsjin har úteinset wie.