Apollo (Attysk Aldgryksk: Ἀπόλλων, Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn"; Latyn: Apollo) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, kolonisaasje, de sinne en it ljocht. Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht. Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dêre nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteön. Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske fêstelân.

Namme De etymology fan 'e namme Apollo is ûnwis. Al oan it begjin fan it histoaryske tiidrek hie de Attyske en Ioanyske foarm Ἀπόλλων (Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn") hast alle oare farianten ferkrongen, mar de Doaryske foarm Ἀπέλλων (Apellōn, útspr.: [Apɛllɔ:n], likernôch "Apellôn"), de Eoalyske foarm Ἄπλουν (Aploun, útspr.: [Aplu:n], likernôch "Aplûûn") en de Arkadosyprioatyske foarm Ἀπείλων (Apeilōn, útspr.: [Apɛilɔ:n], likernôch "Apeilôn") binne ek oerlevere.

Saakkundigen binne fan betinken dat de Doaryske fariant it âldst is, en wierskynlik oerienkomt mei de Doaryske moanne-namme Ἀπελλαῖος, Apellaios, en de offers (ἀπελλαῖα, apellaia) dy't jongfeinten brochten ûnder it famyljefeest ἀπέλλαι, apellai. Guon taalhistoarisy tinke dat al dy wurden úteinlik weromgeane op it Doaryske wurd ἀπέλλα, apella, dat oarspronklik "muorre" of "ôffreding foar fee" betsjutte, mar letter "gearkomste binnen de grinzen fan it plein". Dêrmei soe de namme Apollo dus besibbe wêze oan ús wurd "appèl".

In oare teory siket de oarsprong fan 'e namme Apollo bûten it Grykske taalgebiet, nammenste mear mei't de namme fan syn mem Leto in dúdlik Lydyske orizjine hat. In oare oanwizing op dit mêd kin wêze dat Homêros Apollo yn syn Ilias (ien fan 'e âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer) ôfskilderet as in skriklike god, dy't mei de Trojanen tsjin 'e Griken fjochtet en dy't troch de Griken minder fertroud wurdt as oare goaden. Fan Apollo is de Hettityske foarm Appaliunaš bekend út it Manapa-Tarhûnta-brief. Dy foarm fan 'e namme is mooglik besibbe oan Aplu, in Hoerrityske god fan sykten, wêrfan't de namme mooglik wer ôflaat is fan it Akkadyske Aplu Enlil, dat ienfâldichwei "soan fan Enlil" betsjut, in titel fan 'e god Nergal, dy't wer ferbûn wie Sjamasj, de Babyloanyske sinnegod. Yn dit ferbân is it ynteressant om oan te tsjutten dat Apollo sawol de Grykske sinnegod as de god fan 'e sykten is.

Oarsprong De namme fan Apollo liket ôfwêzich te wêzen yn it oerlevere Lineêr B-skrift fan it Myseensk Gryksk (1700-900 f.Kr.), hoewol't syn titel Paian (of Paean) wol deeglik neamd wurdt. Sadwaande wurdt wol spekulearre dat Paian in foargonger fan Apollo wie, dy't letter mei him gearraand is. De grutte sintra fan 'e kultus fan Apollo, Delfy en Delos, datearje út 'e achtste iuw f.Kr. Delos dielde er mei syn suster Artemis, en te Delfy stie syn ferearing benammen yn it teken fan syn oerwinning op 'e slange Pyton. Foar de âlde Griken wie Apollo eins alle goaden gearbrocht ûnder ien namme, mei't er in wiid ferskaat oan domeinen hie. Hoewol't er yn 'e Klassike Aldheid fan 'e stêden en de skriuwende elite benammen de god fan 'e skiene keunsten en it ljocht wie, hied er foar it miene folk op it plattelân dochs fral de funksje om kwea tsjin te kearen. It is mooglik dat dy kant fan Apollo, dy't sterk ferbûn wie mei syn aspekt fan bôgesjitter, weromgiet op in Proto-Yndo-Jeropeeske oarsprong, mei't er yn dizze foarm sterk oerienkomt mei de Vedyske god Rûdra.

Domein Apollo wie foar de âlde Griken de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, de sinne en it ljocht. Dat er benammen bekendstiet as de god fan 'e skiene keunsten en de wittenskip, komt trochdat wy him fral kenne út it oerlevere wurk fan dichters en skriuwers út 'e Aldheid, foar wa't dat fansels syn wichtichste funksjes wiene. Datoangeande waard er û.m. beskôge as de lieder fan 'e muzen.

Mar de boeren op it Grykske plattelân seagen him mear as beskermer tsjin it kwea, dêr't er it as de Hear fan 'e Sulverne Bôge mei syn nea-missende pylken tsjin opnaam. Ek wie syn funksje as sinnegod wichtich, en yn dy hoedanichheid raande er op it lêst suver gear mei de titaan Helios, in eardere sinnegod, krekt sa't syn suster Artemis stadichoan identifisearre waard mei Selene, de titaanske goadinne fan 'e moanne. Yn 'e Romeinske mytology wist de sinnegod Sol lykwols oan 'e Iere Midsiuwen ta syn selsstannigens fierhinne te behâlden. Apollo rekke letter ek ferbûn mei kolonisaasje, en it wie nei alle gedachten yn syn foarm fan riedshear fan 'e Grykske koloanjes yn súdlik Itaalje, dat er trochkrong yn it Romeinske panteön.

Apollo syn patronaat fan 'e genêskunde droech er geandewei mear oer oan syn soan, de god Asklepius, al behold er sels it nau mei genêskunde ferbûne aspekt fan syktebringer. In oare soan fan Apollo, Aristeus, ûntjoech him ta de god fan it fee, fruchtbeammen, de de jacht en ymkerij. Hy soe de minsken leard hawwe hoe't se fee melke moasten, hoe't se oliifbeammen kweke moasten en hoe't se bisten fange koene yn netten en fâlen.

In tige wichtich, mar faak ûnderbeljochte aspekt fan Apollo wie fierders syn funksje as god fan profesije. Der wiene nammentlik ferskate orakels oan him wijd, wêrfan't it bekendste it Orakel fan Delfy wie. Ienris yn 'e fjouwer jier waarden te Delfy ta eare fan Apollo de Pytyske Spullen holden (neamd nei Pyto, de krite om Delfy hinne). Oare Apolloanyske orakels wiene fêstige yn Abai, yn 'e lânstreek Fokis; yn Bassai, yn 'e Peloponnesos; yn 'e stêd Korinte; op it eilân Delos; yn westlik Lyts-Aazje te Klarus, Chyrse, Didyma en Patara; en yn Segesta, op Sisylje.

Attributen Apollo wurdt almeast ôfbylde mei pylk-en-bôge of mei de kitara, in heechûntwikkele foarm fan 'e liere. Teffens hat er wolris in plektrum of in swurd by him, en ek de offertrijepoat is mei him ferbûn, mei't dy't Apollo syn profetyske macht symbolisearret. Ek de lauwerkrâns as symboal foar oerwinning nei it bringen fan offers is fan oarsprong sterk mei Apollo assosjearre. Fan 'e planten wie de palmbeam hillich foar Apollo, mei't er op Delos ûnder sa'n beam berne wêze soe. Yn 'e bistewrâld waarden benammen dolfinen en ravens mei Apollo assosjearre, mar ek wol wolven, reeën, swannen, hauken, kraaien, slangen, mûzen en sikades, lûdroftige ynsekten dy't muzyk en sang symbolisearren. Ek mei de mytyske griffioen (heal earn, heal liuw) wie Apollo ferbûn.

Myten oer Apollo Berte en iere jonkheid Doe't Heara, de frou fan Seus, ûntdiek dat de titaanske goadinne Leto swier wie en dat Seus de heit wie, ferbea hja Leto om har bern it libben te skinken op 'e fêste ierde. Lokkigernôch fûn Leto yn har dêropfolgjende swalkerstocht it driuwende eilân Delos, dat noch ûnderdiel fan it fêstelân, noch in echt eilân wie. Heara ûntfierde doe Eileitya, de goadinne fan 'e berte, sadat Leto net befalle koe, mar de oare goaden wisten Eileitya te befrijen nei't se Heara ôflaat hiene mei in 8 m lang halskeatling fan barnstien. Sadwaande koe Leto dochs har bern te wrâld bringe. It die bliken dat it om in twilling gie, wêrfan't Artemis, de goadinne fan 'e jacht, it earst berne waard, op it eilân Ortygia. Hja holp har mem de oare deis by de berte fan Apollo, nei't Leto de seestrjitte nei Delos oerstutsen wie. Neitiid befêstige Seus Delos oan 'e seeboaiem, sadat it in gewoan eilân waard.

Heara stjoerde lykwols fjouwer dagen nei de berte fan Apollo de meunsterlike slange (of draak) Pyton, dy't te Delfy libbe, om Leto te deadzjen. Apollo smeke dêrop syn healbroer Hefaistos, de godlike smid, om in pylk-en-bôge foar him te meitsjen. Doe't er dy krigen hie, jage er Pyton werom nei Delfy, dêr't er him yn in grot fûn en deade. Dy grot waard dêrnei troch ferearders fan Apollo as hillich beskôge, en it wie dêr dat it Orakel fan Delfy letter residearre. Dêrnei stjoerde Heara de reus Tityos om Leto te ferkrêftsjen. Apollo en Artemis giene de striid mei him oan, en úteinlik griep Seus yn en smiet Tityos yn 'e ûnderwrâld Tartarus, dêr't er fêstset waard oan 'e rotsflier en dêr't in pear gieren eltse dei fannijs syn lever opfrieten.

Lettere dieden De liere fan Apollo Hermes, de godlike boadskipper, waard berne op 'e berch de Kyllini, yn Arkaadje, nei't syn mem Maia, de dochter fan 'e titaanske reus Atlas, yn it geheim troch Seus swiermakke wie. Maia bewuolle har poppe yn tekkens, mar de wetterflugge Hermes pykte út doe't hja lei te sliepen. Hy draafde alhiel nei Tessaalje ta, dêr't Apollo syn kij oan it weidzjen wie. Hermes naaide út mei in stikmannich fan 'e kij, en yn in grot yn 'e neite fan Pylos fûn er in seeskylpodde, dy't er lytsman makke. Mei it yngewant fan in ko en it lege skyld fan 'e skylpodde makke er doe de earste liere.

Doe't Apollo úteinlik it spoar fan 'e bûkeman werom folge hie nei de Kyllini, beklage er him foar Maia oer it hâlden en dragen fan har soan. Mei't Hermes lykwols al wer werom west hie doe't hja wekker waard, leaude se neat fan Apollo syn beskuldigings. Dêrop ferskynde Seus, dy't alles sjoen hie, en sei dat Apollo gelyk hie. Op dat stuit begûn Hermes op 'e liere te spyljen, en Apollo, god fan 'e muzyk dat er wie, rekke daliks fereale op it lûd fan dat nije ynstrumint. De hiele saak koe doe sust wurde troch de missende kij tsjin 'e liere te ruiljen.

Trojaanske Oarloch Neffens it ferhaal rekke Apollo fereale op Kassandra, de dochter fan Priam, de kening fan Troaje. Hja wie de healsuster fan syn soan Troilus, dy't Apollo by Kassandra har mem, keninginne Hekûba, oanset hie. Om Kasandra te ferlieden ûnthiet Apollo dat er har de jefte fan it profetearjen jaan soe, mar nei't se him dat ûnthjit ôftwongen hie, wiisde se him ôf. Poerlulk joech Apollo har yndie it fermogen om yn 'e takomst te sjen, mar hy foege der in flok oan ta, sadat se inkeld trageedzjes sjen koe en sadat nimmen har warskôgings deroer ea leaude.

Neffens de Ilias makken de Griken ûnder de Trojaanske Oarloch in Trojaanske jongfaam bút mei de namme Chryseis. Hja wie de dochter fan Chryses, in preester fan Apollo, dy't neitiid besocht har frij te keapjen, mar troch Agamemnon, de kening fan Mysene en lieder fan 'e Griken, ôfstegere waard. Ut wraak foar dy mislediging beskeat Apollo doe it Grykske legerkamp mei pylken dy't besmet wiene mei in skriklike sykte. Hy easke dat Chryseis fuortendaliks weromjûn wurde soe, en doe't se yn 'e kunde kommen wiene mei Apollo syn metoaden woene de Griken datoangeande wol omlyk. Chryseis waard dêrnei troch Agamemnon weromstjoerd nei Troaje, wat de lulkens opwekke fan 'e Grykske held Achilles, dy't fereale op har wurden wie.

Noch twa oare kearen griep Apollo, neffens de Ilias, persoanlik yn 'e Trojaanske Oarloch yn. Sa rêde er de Trojaan Aineäs, dy't troch de Gryk Diomedes ferwûne wie. En teffens holp er de Trojaanske prins Paris om Achilles te deadzjen troch de pylk fan Paris syn bôge nei de hakke fan Achilles ta te lieden, it iennichste kwetsbere part fan dy syn lichem (syn Achilleshiel). Hoewol't it net mei safolle wurden sein wurdt yn 'e Ilias, wurdt dat faak sjoen as de wraak fan 'e god foar it feit dat Achilles earder Apollo syn eigen soan Troilus fermoarde hie op it alter yn 'e Timpel fan Apollo.

Tsjinner fan Admetus