La Paz, offisjeel (Spaansk): Nuestra Señora de La Paz ("Us Leaffrou fan de Frede"), Aimara: Chuqi Yapu of Chuquiago, is de haadstêd fan it departemint La Paz en de administrative haadstêd fan Bolivia. La Paz leit yn kleau, ûnder in heechflakte, op in hichte fan 3600 meter oan de rivier La Paz. Op de heechflakte leit de stêd El Alto mei de ynternasjonale lofthaven fan La Paz, dy't ek El Alto hjit. La Paz wurdt faak sjoen as de heechst lizzende haadstêd fan de wrâld, mar de offisjele haadstêd fan it lân is Sucre.
De stêd waard yn 1548 stichte troch konkwistadore Alonso de Mendoza op it plak fan de ynlânske delsetting Chuqi Yapu.
La Paz waard yn 1898 de de facto sit fan de nasjonale oerheid. Dy feroaring wie it gefolch fan de oergong fan de foar de Boliviaanske ekonomy och sa wichtige, mar doe fierhinne útputte, sulverminen fan Potosí nei de eksploitaasje fan tin tichteby de stêd Oruro, en fan de feroaringen yn de distribúsje fan de ekonomyske en politike ynfloed fan de ferskate nasjonale elites dy't dat fan gefolgen hier.
Stedsdielen Stedsdielen fan La Paz center|200pxN° Bestjoersdistrikt Stedsdiel La Paz1Mallasa Amor de Dios • Mallasa • Muela del Diablo • Mallasilla • Jupapina2Zona Sur Obrajes • Bella Vista • Bolonia • Irpavi • Calacoto • Cota Cota • Achumani • Ovejuyo • Koani • La Florida • Seguencoma • San Miguel3San Antonio San Antonio • Villa Copacabana • Pampahasi • Valle Hermoso • Kupini • Villa Armonia • Callapa, •San Isidro4Periferica Achachicala • Chuquiaguillo • Villa Fátima • Vino Tinto •5 Dedos • Santiago de Lacaya • Rosasani5Max Paredes Munaypata • La Portada • El Tejar • Gran Poder • Obispo Indaburu • Chamoco Chico • Munaypata • Pura Pura • Ciudadela Ferroviaria6Zona CentroCasco Urbano Central • San Jorge • Miraflores • San Sebastián • Santa Bárbara • Parque Urbano Central7Cotahuma Sopocachi • Alto Sopocachi • Pasankeri • Tembladerani • Alpacoma • Belén • Tacagua • San Pedro • Bajo Llojeta
Befolking It ynwennertal fan de stêd Chuqi Yapu is yn de ôfrûne sechtich jier mear as ferdûbele, mar sakke yn it earste desennium fan de 21e iuw in bytsje: Jier Ynwennertal Boarne 1950 321 073 FolkstellingDemographic Yearbook 1955 s. 189 1976 654 713 FolkstellingThomas Brinkhoff: City Population 1992 713 378 FolkstellingINE – Instituto Nacional de Estadística Bolivia 1992 2001 789 585 FolkstellingInstituto Nacional de Estadística Bolivia (INE) 2001 2012 757 184 FolkstellingINE – Instituto Nacional de Estadística Bolivia 2012
La Paz is de tredsgrutte stêd fan Bolivia, nei de miljoenestêd Santa Cruz (1.453.549 ynwenners) yn it ynlân en de buorstêd El Alto (848.840 ynwenners).
It ynwennertal fan de agglomeraasje La Paz wurdt rûsd op sa'n twa miljoen.
Kategory:Plak yn Bolivia Kategory:Haadstêd yn Súd-Amearika Kategory:Plak stifte yn 1548