Bamburgh is in plak en civil parish oan 'e Noardseekust yn it Ingelske greefskip Northumberland. Yn 2001 hie it plak 454 ynwenners en 414 by de folkstelling fan 2011.
Geografy Bamburgh leit sawat 32 km súdeastlik fan Berwick-upon-Tweed en likernôch 120 km súdeasten fan Edinburgh. It eilân Lindisfarne (ek bekend as Holy Island) leit himelsbreed likernôch 10 km noardwestlik.
Skiednis Bamburgh wie it sintrum fan in ûnôfhinklik Noard-Northumbriaansk territoarium tusken 867 en 954. It kastiel fan Bamburgh waard troch de Noarmannen boud op it plak fan in Angelsaksysk fort. De Fiktoariaanske heldin Grace Darling waard dêr beïerdige.
Persoanen ferbûn mei Bamburgh Grace Darling (1815–1842) rêde yn in stoarmnacht ferskate seelju op de Farne-eilannen nei in skipbrek. William George Armstrong, 1e baron Armstrong (1810–1900) liet it kastiel fan Bamburgh restaurearje. De boarch is sûnt besit fan syn neiteam. Kening Ida fan Bernicia Kening Hindrik IVNotable Persons in Bamburg Prideaux John Selby, ornitolooch, botanikus, yllustrator
Kategory:Plak yn Northumberland