thumb|250px|Van de Sande Bakhuyzen in zijn atelier (1903), foto van Sigmund Löw Julius Jacobus van de Sande Bakhuyzen (De Haach, 18 juny 1835 – dêre, 21 oktober 1925) wie in Nederlânsk skilder en etser.RKD, 3728
Biografy Van de Sande Bakhuyzen, lid fan de famylje Backhuijsen, wie in soan fan Hendrikus van de Sande Bakhuyzen (1795-1860) en Sophie Wilhelmina Kiehl (1804-1881). Julius krige, lykas ek syn suster Gerardine de earste teken- en skilderlessen fan syn heit, dy't keunstskilder wie. Hy studearre oan de Keunstakademy yn De Haach. Yn 1871 wûn die de grutte keninklik medalje op in útstalling yn Amsterdam, mei it wurk de Vijver in het Haagse bos. Fan 1875 ôf oan siet er de measte simmers yn Drinte, faak tegearre mei Gerardine.Encyclopedie Drenthe Online Van de Sande Bakhuyzen wurdt ta de Haachske Skoalle rekkene. Syn oeuvre bestiet fral út lânskippen.
Van de Sande Bakhuyzen wie lid fan in tal keunstnersferienings, sa as Arti et Amicitiae yn Amsterdam en Pulchri Studio yn De Haach. Hy wie meioprjochter fan de etsclub fan de Pulchri Studio.
Galery
Bibliografy (1997) De Haagse School in Drenthe. Swol: Waanders Utjouwers. (1997) Hendrikus, Gerardine en Julius van de Sande Bakhuyzen: Een Haagse schildersfamilie uit de negentiende eeuw. Swol: Waanders Utjouwers.
Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1835 Kategory:Persoan stoarn yn 1925 Kategory:Haachske skoalle