thumb|Portret fan skilder Alban (1903), yn de spegel is Löw te sjen thumb|Keninginne Wilhelmina (1900). Midden ûnderoan de liuw van Löw Sigmund Löw (Rastatt, 11 maaie 1845 - Amsterdam, 15 maart 1910) wie in Dútske fotograaf.

Libben en wurk Löw kaam út in Dútsk-joadske famylje, hy wie in soan fan Hirsch Löw en Fanny Ehrmann. Yn de jierren 70 fan de 19e iuw fêstige er him mei syn skoansuster Sophia Herz (1852-1940) yn Amsterdam, dêr't sy harren Spiegelfabriek, Magazijn van Schilderijen en Encadrementen iepenen. Se setten dêrmei in saak troch dy't yn 1869 oprjochte wie yn Dútslân en om 1900 hinne de namme Atelier Hertz krige. RKD-profyl Yn de jierren 80 hat de saak twa lokaasjes yn Amsterdam, de spegelhannel oan de Heerenstraat en in keunsthannel oan de Herengracht. Löw makke as fotograaf cartes de visite, kabinetfoto's en stereofoto's. Hoewol't op de fotokartonnen de firmanamme Herz fermeld stie, is op it meastepart dêrfan in steande liuw mei wapen te sjen, mei op it skyld in haadletter S, wat lêzen wurde kin as S. Löw. Tineke de Ruiter en Steven Wachlin, "Atelier Herz", FotoLexicon, 25e jiergong, nr. 39 (maart 2008).

Yn 1902 ferhuze it atelier nei de Prinsengracht. Löw ferstoar yn 1910 yn de âldens fan 64 jier.

Portretrige Löw hat yn 1913 in rige portretten fan bekende Nederlânske byldhouwers en keunstskilders yn harren atelier makke, ûnder oaren fan: Constant Joseph Alban Louis Apol Nicolaas Bastert Johan Braakensiek Eduard Frankfort Arnold Marc Gorter Sophie Jacoba Wilhelmina Grothe Abraham Hesselink Johan Hulk Isaac Israëls Hendrik Willebrord Jansen Hein Kever Simon Maris Joseph Mendes da Costa Sientje Mesdag-van Houten Julius van de Sande Bakhuyzen

Galery

Kategory:Dútsk fotograaf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1910