De Universiteit fan Helsinki (Finsk: Helsingin yliopisto; Sweedsk: Helsingfors Universitet) is de grutste universiteit en âldste fan Finlân.
Skiednis De Universiteit fan Helsinki is sûnt 1829 yn Helsinki fêstige, mar waard al yn 1640 stichte yn Turku as de Keninklike Akademy fan Turku. It wie de trêde universiteit yn it Sweedske Ryk nei de Universiteit fan Uppsala en de Academia Gustaviana yn Tartu, de foargonger fan de Universiteit fan Tartu yn Estlân.
Yn 1809 waard Finlân in selsstannich grutfoarstendom yn it Russyske Ryk; dêrom moast de namme fan de Akademy fan Turku feroare wurde yn Keizerlike Akademy fan Turku. Nei de grutte brân fan Turku yn 1827 en it ferpleatsen fan de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân nei Helsinki, waard de universiteit dêr yn 1829 ek festige en fan tsaar Nikolaas I omdoopt ta Keizerlike Alexander-Universiteit an Finlân, ta eare fan syn ferstoarne broer en foargonger tsaar Aleksander I fan Ruslân. De universiteit wie yn de 19e iuw it kultuerele sintrum fan Finlân. Doe't Finlân yn 1917 ûnôfhinklik waard krige de universiteit har hjoeddeiske namme.
Gebouwen It haadgebou waard tusken 1828 en 1832 troch Carl Ludwig Engel boud en yn 1936 útwreide. Benoarden it haadgebou leit de ek troch Engel ûntwurpen universiteitsbibleteek.
De universiteit hat fjouwer haadkampussen. Oarspronklik lei de hiele universiteit yn it sintrum fan Helsinki, mar benammentlik yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw waard om reden fan de hurde groei útwreide nei oare parten fan de stêd. Yn de jierren santich waard besletten om de aktiviteiten fan de universiteit op fjouwer kampussen by elkoar te bringen: it sintrum, Meilahti, Kumpula en Viikki.
Fakulteiten De Universiteit fan Helsinki is ferdield yn alve fakulteiten. De universiteit brûkt in offisjele folchoarder, dy't in ôfspegeling is fan sawol de skiednis fan de universiteit as fan de hierargy fan de disiplines doe't de universiteit stifte waard: Godgeleardheid Rjochten Genêskunde Letteren Eksakte wittenskippen Farmasy Biology Gedrachswittenskippen Sosjale wittenskippen Lân- en Boskbou Bistegenêskunde
Bekende studinten en heechleararen
Namme Libbensjierren DetailsLiisa Ahtee(1933)Farmakology, pionier op it mêd fan farmakalogysk ûndersyk yn Finlân. Albert Wuokko-priiswinner yn 1999.Katriina Vuolteenaho (redaksje), Suomen Farmakologiyhdistyksen jäsenlehti yn Transmitteri. April 2008, diel 25, ûnderwerp nû 88, side 5 Pdf Lars Ahlfors(1907–1996)Wiskundige, ien fan de twa dy't yn 1936 de Fields Medal krigenEmma Irene Åström(1847–1934)Earste frou dy't ôstudearre yn FinlânTancred Borenius(1885–1948)Keunsthistoarikus en diplomaatAnders Chydenius(1729–1803)Preester, ekonoom en politikusAnders Donner(1854–1938)AstronoomGustav Elfving(1908–1984)Wiskundige en statistikusRagnar Granit(1900–1991)Nobelpriiswinner (Fysiology en medisinen, 1967)Hugo Gyldén(1841–1896)AstronoomTarja Halonen(1943–)Abbekaat en earder presidint fan Finlân (2000–2012)Rosina Heikel(1842–1929)Earste Finske frouljus dokter, feministePekka Himanen(1973–)FilosoofJaakko Hintikka(1929–)Filosoof en logikusBengt R. Holmström(1949–)EkonoomJukka Jernvall(1963–)EvolúsjebioloochKari Karhunen(1915–1992)WiskundigeUrho Kaleva Kekkonen(1900–1986)Earder minister-presidint (1950–1953, 1954–1956) en earder prisidint fan Finlân (1956–1982)Elina Kahla(1960)akademika, skriuwsterAleksis Kivi(1834–1872)SkriuwerNils Kock(1924–2011)Sjirurch en betinker fan de Kockpûde-proseduere by ileostomyBjörn Kurtén(1924–1988)PaleöntoloochJarl Lindeberg(1876–1932)WiskundigeErnst Lindelöf(1870–1946)WiskundigeElias Lönnrot(1802–1884)Samler fan KalevalaRolf Nevanlinna(1895–1980)WiskundigeAdolf Erik Nordenskiöld(1832–1901)Geolooch en poalûndersikerJorma Ollila(1950–)Earder foaroanman by Nokia en Royal Dutch ShellJuho Kusti Paasikivi(1870–1956)Earder presidint fan Finlân (1946–1956)Lauri Kristian Relander(1883–1942)Earder presidint fan Finlân (1925–1931)Risto Ryti(1889–1956)Earder presidint fan Finlân (1940–1944)Esa Saarinen(1953–)FilosoofJean Sibelius(1865–1957)KomponistJuha Sihvola(1957–2012)Filosoof en histoarikusFrans Emil Sillanpää(1888–1964)Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Literatuer, 1939)Kaarlo Juho Ståhlberg(1865–1952)Earder presidint fan Finlân (1919–1925)Karl Fritiof Sundman(1873–1949)AstronoomPehr Evind Svinhufvud(1861–1944)Politikus, earder presidint fan Finlân (1931–1937)Zacharias Topelius(1818–1898)Skriuwer en histoarikusLinus Torvalds(1969–)Softwareyngenieur en ûntwikkeler fan LinuxArtturi Ilmari Virtanen(1895–1973)Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Skiekunde, 1945)Jussi V. Koivisto(1965–)Ekonoom en ûnderwiismanMika Waltari(1908–1979)RomanskriuwerGeorg Henrik von Wright(1916–2003)Filosoof en foarsitter fan de Akademy fan FinlânJuha Hernesniemi(1947–)Neurosjirurch
Rektors Rektors Waldemar Ruin 1915–1920 Ivar August Heikel 1920–1922 Hugo Suolahti 1923–1926 Antti Tulenheimo 1926–1931 Robert Brotherus 1931–1938 Kaarlo Linkola 1938–1941 Rolf Nevanlinna 1941–1945 Arthur Långfors 1945–1950 Erik Lönnroth 1950–1953 Paavo Ravila 1953–1956 Edwin Linkomies 1956–1962 Erkki Kivinen 1962–1971 Mikko Juva 1971–1973 Ernst Palmén 1973–1978 Nils Oker-Blom 1978–1983 Olli Lehto 1983–1988 Päiviö Tommila 1988–1992 Risto Ihamuotila 1992–1996 Kari Raivio 1996–2003 Ilkka Niiniluoto 2003–2008 Thomas Wilhelmsson 2008–2013 Jukka Kola 2013–2018Jari Niemelä2018–
Kategory:Universiteit yn Finlân Kategory:Helsinki Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1640