Turku (Sweedsk: Åbo) is in stêd yn it súdwesten fan Finlân, en leit oan de mûning fan de rivier de Aura yn de Eastsee; it is de haadstêd fan de regio Varsinais-Suomi. Turku fierde yn 1979 syn 750-jierrich bestean. Mei likernôch 180.000 ynwenners is Turku op fjouwer nei de grutste gemeente fan it lân, mar it stedsgebiet jildt nei Helsinky en Tampere as op twa nei it wichtichste fan it lân.

Turku is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (± 89%) en Sweedsk as minderheidstaal.

Yn 2011 wie de unversiteitsstêd Turku tegearre mei Tallinn de kulturele haadstêd fan Europa.

It besjen wurdich De grutte katedraal waard yn 1300 ynwijd. It ek 13e iuwsk kastiel, dat yn 1614 ôfbaarne en yn 1961 fannijs boud waard, is no in histoarysk museum.

Underwiis Turku hat twa universiteiten: de Finsktalige Universiteit fan Turku, oprjochte yn 1920, en de iennige Sweedsktalige universiteit fan it lân, Åbo Akademi, oprjochte yn 1918. Njonken dat hat de stêd in tal hegeskoallen (wêr't de grutste fan Finlân by sit) en de Turku School of Economics and Business Administration.

Berne yn Turku Abraham Niclas Edelcrantz (1754-1821), baron en dichter Johan Gadolin (1760-1852), skiekundige, natuerkundige en mineralooch Rafael Erich (1879-1946), politikus, diplomaat en heechlearaar Mauno Koivisto (1923), politikus Pertti Jalava (1960), komponist en musikus Marko Kitti (1970), skriuwer

Kategory:Plak yn Finlân Kategory:Gemeente yn Finlân Kategory:Plak stifte yn de 13e iuw