Stasjon Akkrum (Akm) is in spoarweistasjon yn Akkrum yn de gemeente It Hearrenfean. En waard iepene yn 1868 oan de Steatsline A (Arnhim Sintraal - Ljouwert).
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Akkrum wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it fernijde type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.
It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrutsen en ferfongen troch in Standerttype Beilen ûntwurpen troch arsjitekt Cees Douma.
Treintsjinsten Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 9000 Sprinter (NS) Ljouwert - Akkrum - Meppel - Lelystêd Rydt om 'e healoere. Rydt jûns en wikeins allinnich tusken Ljouwert en Swol (ienris yn 'e oere). Nei 21:00 oere ienris yn 'e oere it hiele trajekt.
Kategory:Akkrum Akkrum Kategory:Bouwurk yn Boarnsterhim Kategory:Bouwurk yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973