It Irrawaddy-iikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus pygerythrus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat foarkomt yn Súd- en Súdeast-Aazje.

Fersprieding

Dizze soarte is lânseigen yn dielen fan Banglades, eastlik Yndia, Nepal, súdlik Sina en Birma. It Irrawaddy-iikhoarntsje is neamd nei de Irrawaddy, de grutste rivier fan Birma. Hy hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten Callosciurus pygerythrus blythii Callosciurus pygerythrus janetta Callosciurus pygerythrus lokroides Callosciurus pygerythrus mearsi Callosciurus pygerythrus owensi Callosciurus pygerythrus pygerythrus Callosciurus pygerythrus stevensi

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Pronkiikhoarntsje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina