Harrison (útspr.: ['hæɹəsn̩]) is in census-designated place yn Douglas County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It plak waard stifte yn 1887. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wennen der doe 51 minsken. It doarpke beslacht 0,3 km².
Demografy Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wennen doe yn Harrison 51 minsken, ferdield oer 26 húshâldings. De befolkingstichtens bedroech 170 minsken de km². Fan 'e befolking fan Harrison wie 49,0% âlder as 65 jier en 11,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 53,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier wie dat 36,4%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 96,1% blanken; 2,0 Latino's; 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Kategory:Plak yn Súd-Dakota Kategory:Plak stifte yn 1887