De Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Latynske namme: Callosciurinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae). Ta dizze ûnderfamylje hearre likernôch 65 soarten iikhoarntsjes, dy't benammen yn Súdeast-Aazje foarkomme. De wittenskiplike namme fan 'e groep is ôflaat fan dy fan it skaai Callosciurus, dat "kreaze iikhoarntsjes" betsjut.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurinae) tûke echte Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurini) skaai Aziatyske dwerchiikhoarntsjes (Exilisciurus): 3 soarten skaai Aziatyske streekte grûniikhoarntsjes (Lariscus): 4 soarten skaai Aziatyske streekte iikhoarntsjes (Tamiops): 4 soarten skaai byldhouweriikhoarntsjes (Glyphotes): 1 soarte skaai langsnútiikhoarntsjes (Hyosciurus): 2 soarten skaai pipermûskopiikhoarntsjes (Rhinosciurus): 1 soarte skaai pronkiikhoarntsjes (Callosciurus): 15 soarten skaai readwangiikhoarntsjes of Aziatyske berchiikhoarntsjes (Dremomys): 6 soarten skaai Selebesbeamiikhoarntsjes (Prosciurillus): 5 soarten skaai Selebesreuze-iikhoarntsjes of readbealchiikhoarntsjes (Rubrisciurus): 1 soarte skaai Sûndabeamiikhoarntsjes (Sundasciurus): 15 soarten skaai swarteardwerchiikhoarntsjes (Nannosciurus): 1 soarte skaai Yndosineesk grûniikhoarntsjes, berdmoregrûniikhoarntsjes of Berdmore's grûniikhoarntsjes (Menetes): 1 soarte tûke palmiikhoarntsjes (Funambulini) skaai palmiikhoarntsjes (Funanbulus): 5 soarten

Kategory:Iikhoarntsje