De echte Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Latynske namme: Callosciurini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurinae). Ta dizze tûke hearre likernôch 60 soarten iikhoarntsjes, dy't benammen yn Súdeast-Aazje foarkomme. De wittenskiplike namme fan 'e groep is ôflaat fan dy fan it skaai Callosciurus, dat "kreaze iikhoarntsjes" betsjut.
Tûke-opbou
tûke echte Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurini) skaai Aziatyske dwerchiikhoarntsjes (Exilisciurus): 3 soarten skaai Aziatyske streekte grûniikhoarntsjes (Lariscus): 4 soarten skaai Aziatyske streekte iikhoarntsjes (Tamiops): 4 soarten skaai byldhouweriikhoarntsjes (Glyphotes): 1 soarte skaai langsnútiikhoarntsjes (Hyosciurus): 2 soarten skaai pipermûskopiikhoarntsjes (Rhinosciurus): 1 soarte skaai pronkiikhoarntsjes (Callosciurus): 15 soarten skaai readwangiikhoarntsjes of Aziatyske berchiikhoarntsjes (Dremomys): 6 soarten skaai Selebesbeamiikhoarntsjes (Prosciurillus): 5 soarten skaai Selebesreuze-iikhoarntsjes of readbealchiikhoarntsjes (Rubrisciurus): 1 soarte skaai Sûndabeamiikhoarntsjes (Sundasciurus): 15 soarten skaai swarteardwerchiikhoarntsjes (Nannosciurus): 1 soarte skaai Yndosineesk grûniikhoarntsjes, berdmoregrûniikhoarntsjes of Berdmore's grûniikhoarntsjes (Menetes): 1 soarte
Kategory:Iikhoarntsje