Bram Dijkstra (5 july 1938) is in Amerikaansk rêstend heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde, literatuerkritikus en publisist fan etnysk Frysk komôf.

Libben en karriêre Dijkstra waard yn 1966 oansteld as lid fan 'e fakulteit Ingelske taal- en letterkunde fan 'e Universiteit fan Kalifornje, San Diego. Dêr joech er les oant er yn 2000 mei pinsjoen gie as emeritus-heechlearaar. Hy hat sân non-fiksjeboeken oer letterkundige ûnderwerpen skreaun, en is op dat mêd nei alle gedachten it bekendst troch twa wurken dy't de akademyske wrâld ûntglûpt binne nei de Amerikaanske popkultuer: Idols of Perversity en it ferfolch dêrop, Evil Sisters. Yn dy beide boeken beskriuwt er hoe't fampiers yn literatuer en film as metafoar brûkt binne foar it útlânske, it besmoargjende, wêrby't er in link leit nei de joadeferfolging ûnder it nasjonaal-sosjalisme, en behannelet er de fatale frou en oare krektlyk bedriigjende bylden fan froulike seksualiteit út in grut tal literêre en oare keunstwurken. Fierders is Dijkstra ek aktyf as gearstaller fan tentoanstellings foar museä yn San Diego, en skriuwt er essay's by de katalogussen fan sokke tentoanstellings. Hy is troud mei de literêr agint Sandra Dijkstra.

Wurk 1965 – Faces in Skin: Poems and Drawings 1970 – Hieroglyphics of a New Speech: Cubism, Stieglitz and the Early Poetry of William Carlos Williams 1986 – Idols of Perversity: Fantasies of Feminine Evil in Fin-de-siècle Culture 1996 – Evil Sisters: The Threat of Female Sexuality and the Cult of Manhood 1998 – Georgia O'Keeffe and the Eros of Place 2003 – American Expressionism: Art and Social Change 1920–1950 2010 – Naked: The Nude in America

Keppelings om utens Fraachpetear mei Bram Dijkstra

Kategory:Amerikaansk letterkundige Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Amerikaansk literatuerkritikus Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk konservator Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1938