Daniel Dykstra (Helena (Montana), 20 augustus 1920 – Orange (Kalifornje), 25 maart 1999) wie in Amerikaansk steatspolitikus.
Libben en karriêre Dykstra waard yn 1920 berne yn Helena, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Montana. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er yn it Amerikaanske Leger. Dykstra siet fan 1961 oant 1965 yn it Hûs fan Offurdigen fan it Steatskongres fan Montana. Letter ferfear er nei súdlik Kalifornje, dêr't er yn 1999 yn 'e âlderdom fan goed 78 jier stoar oan in hertoanfal. Hy waard begroeven op it Montana State Veterans Cemetery yn Fort Harrison.
Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk steatspolitikus Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 1999