Boeing 377 Stratocruiser 275px Rol Ferkearsfleantúch Makker Boeing Commercial Airplanes Earste flecht 8 july 1947 Yn tsjinst 1 april 1949 by Panam Ut tsjinst 1963 Tal makke 56 (mei 1 prototype) Grutste brûker Pan American World Airways Farianten Pregnant Guppy, Super Guppy, Mini Guppy
De Boeing 377 Stratocruiser wie in grutte lange-ôfstâns ferkearsfleanmasine dy't ûntwikkele waard út de militêre frachtfleanmasine C-97 Stratofreighter, dy't wer ôflaat wie fan de B-29 Superfortress. It ûntwerp wie modern yn dy tiid. Sa hie it tastel twa passazjiersdekken en in drukkabine, in betreklik nij ferskynsel by ferkearsfleantugen yn dy tiid. De Stratocruiser hie plak foar oant 100 passazjiers op it grutte dek en plak foar 14 op it salondek dêr ûnder.
De Stratocruiser wie grutter as de Douglas DC-6 en de Lockheed Constellation, dêr't er mei konkurrearje moast, en wie ek djoerder yn gebrûk. Hy wie bekend om syn goede prestaasjes, de grutte kapasiteit en de lúkse kabine, mar syn betrouberens foel tsjin, fral fanwege swierrichheden mei de fjouwer 28-sylinder Pratt & Whitney Wasp Major radiaalmotors en harren fjouwerblêdige propellers. Der waarden mar 55 Model 377s boud foar loftfeartmaatskippijen.
thumb| Needlâning fan Pan-Am flecht 6 Meiïoar 13 tastellen giene by ûngemakken ferlern, wêrby't tusken 1951 en 1970 totaal 140 deaden foelen.
Brûkers thumb|Ferslach fan de earste besite fan de Boeing Stratocruiser oan Skiphol yn 1949
Línea Internacional Aérea
Israelyske Loftmacht
British Overseas Airways Corporation
American Overseas Airlines Northwest Airlines Pan American World Airways Transocean Air Lines United Airlines
Rutas Aéreas Nacionales SA
Scandinavian Airlines System (net levere - trochferkocht oan BOAC)
Keppelings om utens Boargerloftfeart: Boeing 377 Stratocruiser Aviation History: Boeing 377 Stratocruiser Boeing 377 - Stratocruiser
Kategory:Boeing Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947