Sânjes Safary (Nederlânsk en offisjeel: Sanjes Safari), foarhinne Boarters- en Bistepark SânjesFertier (Nederlânsk en offisjeel: Speel- en Dierenpark SanjesFertier), is in lytsskalich ferdivedaasjepark mei in dieretún derby, sitewearre yn Dantumadiel, deunby De Westereen, mar yn 'e himrik fan Feanwâlden. It park waard yn 1998 oprjochte as SânjesFertier en waard yn 2020 omneamd ta Sânjes Safary.
Akkomodaasjes Sânjes Safary bestiet út twa ôfdielings, in boarterspark of ferdivedaasjepark mei as namme SânjesFertier, en in lytse dieretún dy't Dierepark SânjesZoo hjit. Dêrnjonken beskikt it park ek oer in kafetaria dêr't men telâne kin foar in hapke en in snapke. In diel fan it park is oerdutsen om ek by reinich waar oantreklik te wêzen foar toeristen en deitoeristen. Yn totaal hat it park in oerflak fan 10.000 m² bûtendoar en 2.000 m² binnen. Yn it bistepark wurde likernôch 40 ferskillende bistesoarten holden, wêrûnder kamielen, strúsfûgels, stôksturtsjes, kavia's en kninen. Teffens is yn it bistepark it Natuermuseum Bruinenberg fêstige. By in grutte útslaande brân dy't it haadgebou fan Dierepark SânjesZoo folslein yn 'e jiske lei, kamen op 20 maaie 2026 ferskate bisten om. Ek gie de folslein kolleksje fan it Natuermuseum Bruinenberg ferlern.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Sânjes Safary Sânjes Safary op Facebook
Kategory:Ferdivedaasjepark yn Fryslân Kategory:Feanwâlden Kategory:Dantumadiel Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1998 Kategory:Bouwurk út 1998