The Boeing Company, meastentiids ôfkoarte ta Boeing, is in Amerikaanske multinasjonale ûndernimming dy't fleanmasines, helikopters, raketten en satelliten ûntwerpt, bout en ferkeapet. Boeing is wrâldwiid ien fan 'e grutste fleanmasinebouwers en is tagelyk de grutste eksporteur yn 'e Feriene Steaten nei wearde yn dollars. It haadkertier fan The Boeing Company stiet yn Chicago en it bedriuw wurdt laat troch presidint en direkteur Dennis Muilenburg.
Skiednis Foar 1930 thumbnail|William E. Boeing yn 1929. Maart 1910 kocht William E. Boeing de skipswerf fan Edward Heath yn Seattle, dêr't hy letter syn earste fleanmasinefabryk fan makke. Op 15 july 1916 waard dêr troch William Boeing it bedriuw "Pacific Aero Products Co" anneksearre. Boeing, dy't oan 'e Universiteit fan Yale studearre, wurke ynearsten yn 'e houtyndustry, wêrmei't hy aardich fertsjinne en in protte learde oer houtkonstruksjes. Syn witten koe er mar al te bêst brûke foar syn nije warberens: it ûntwerpen en bouwen fan fleanmasines. It bedriuw bleau yn Seattle, mei't yn 'e omkriten in protte fjurrehout beskikber wie.
William Boeing stifte syn bedriuw in moanne nei de earste flecht fan ien fan de twa B&W-wetterfleanmasines, dy't hy boud hie mei George Conrad Westervelt, in yngenieur fan 'e Amerikaanske marine. De earste fleanmasine fan Boeing waard gearstald yn in hangaar oan 'e ouwers fan Lake Union.
9 maaie 1917 waard it bedriuw omneamd ta "Boeing Airplane Company". Letter dat jier krigen de Feriene Steaten te meitsjen mei de Earste Wrâldkriich, en Boeing wist dat de Amerikaanske marine wetterfleanmasines brûke moast foar training. Dêrop stjoerde hy twa nije fleanmasines fan it Model C nei Pensacola yn Floarida, dêr't se brûkt waarden troch de marine. De marine mocht wol oer it Model C en woe dêr nochris fyftich fan hawwe. It bedriuw ferhuze dêrom nei in grutter pân, dêr't earder skippen boud waarden.
Doe't 1918 de Earste Wrâldkriich ta in ein kommen wie, rekke de merk fan kommersjele fleanmasines oerspield mei goedkeape, brûkte fjochtsfleanmasines. Dêrom sieten fleanmasinebouwers mei de hannen yn 't hier, mei't dy harren guod net mear slite koenen. Mannich fleanmasinebouwer moast de doarren slute, wylst oare bedriuwen, wêrûnder Boeing, oar guod ferkeapjen gong. Boeing makke bygelyks kasten en meubels, mar ek boaten.
27 desimber 1919 makke de Boeing B-1 har earste flecht. It wie in fleanende boat dy't ien piloat, twa passazjiers en wat post hâlde koe. Acht jier hat it ynternasjonale postflechten útfierd tusken Seattle en de Kanadeeske stêd Fiktoaria. 24 maaie 1920 makke de Boeing Model 8 har earste flecht; it wie de earste fleanmasine dy't oer de Mount Rainier hinne fleach.
Boeing gong 1923 de konkurrinsjestriid oan mei Curtiss om in kontrakt foar it ûntwikkeljen fan in fjochtsfleanmasine foar de Amerikaanske loftmacht. Curtiss hie by eintsjebeslút earder in ûntwerp ree en krige it kontrakt, mar Boeing gong troch mei it ûntwikkeljen fan syn PW-9. Tegearre mei de Boeing P-12/F4B makke dy Boeing ta wichtichste fjochtsfleanmasinebouwer foar de tsien jier dy't folgen.
1925 boude Boeing syn Model 40, in postfleanmasine foar de Amerikaanske oerheid, dêr't twa jier letter in fernijde ferzje, Model 40A, fan boud waard. Mei it nije model waard de loftpostferbining tusken San Fransisko en Chicago ûnderholden. De 40A hie boppedat plak foar twa passazjiers.
It wie 1927, doe't Boeing in loftfeartmaatskippij oprjochte ûnder de namme "Boeing Air Transport". De earste postflecht waard útfierd op 1 july 1927. In jier letter waard de loftfeartmaatskippij lykwols gearfoege mei Pacific Air Transport en Boeing Airplane Company, en wer twa jier letter waard it omneamd ta "United Aircraft and Transport Corporation". De bedriuwen Pratt & Whitney, Hamilton Standard en Chance Vought waarden doe ynlive. 1930 waard ek de grutte loftfeartmaatskippij National Air Transport oernommen.
27 july 1928 makke de trijemotoarige Boeing 80, dy't tolve passazjiers ferfiere koe, har earste flecht. It wie de earste fleanmasine fan Boeing dy't allinnich foar it persoaneferfier ornearre wie. Goed in jier letter makke de Boeing 80A, it nijere model dat plak hie foar achttjin passazjiers, har earste flecht.
1930-1949 Maitiid 1930 wie de bou fan 'e Monomail ree. Dy folslein metalen postfleanmasine koe tige hurd fleane, wie aerodynamysk en hie in ynlûkber lâningsgestel. It ûntwerp wie eins sa revolúsjonêr, dat de motoaren en propellers fan dy tiid alhiel net gaadlik wienen foar de Monomail. Doe't der lang om let ferstelbere propellers kamen, wie by Boeing de bou fan 'e nije Boeing 247 al begûn. Dochs waarden der twa Monomails boud, wêrfan't de twadde, Model 221, plak hie foar seis passazjiers.
De Boeing 247 waard 1933 yntrodusearre as de earste echte moderne passazjiersfleanmasine. De folslein metalen iendekker wie flugger, feiliger, en ienfâldiger te bestjoeren as oare passazjiersfleanmasines. It wie bygelyks de earste twamotoarige passazjiersfleanmasine dy't op ien motor fleane koe. Yn in tiid fan ûnbetroubere motoaren betsjutte dat in hiele foarútgong foar de fleanfeiligens. Boeing boude de earste sechstich tastellen eksklusyf foar it dochterbedriuw United Airlines, en dat wie foar de konkurrinsje fansels in toarne yn it each.
De loftpostwet fan 1934 ferbea loftfeartmaatskippijen en fleanmasinebouwers ûnder deselde korporaasje te operearjen, dat Boeing besleat ta it opdielen yn trije lytsere bedriuwen: Boeing Airplane Company, United Airlines en United Aircraft Corporation. William Boeing die syn oandielen dêrop fan 'e hân en gong by it bedriuw wei. Claire Egtvedt, dy't 1933 al presidint fan Boeing wurden wie, waard no ek foarsitter. Hy fûn dat de takomst fan Boeing yn 'e bou fan gruttere fleanmasines lei, dat it wie 1936 doe't in nije fabryk boud waard foar de produksje fan gruttere moderne tastellen.
thumbnail|left|Boeing 377 Stratocruiser Frij gau krige Boeing in opdracht fan Pan American World Airways (Pan Am) ta it ûntwikkeljen fan in kommersjele wetterfleanmasine foar persoaneferfier op transoseanyske rûtes. De earste Boeing 314 gong juny 1938 de loft yn. Doedestiids wie it mei in kapasiteit fan 90 passazjiers op deiflechten, en 40 passazjiers op nachtflechten, de grutste fleanmasine yn 'e boargerloftfeart. In jier letter begûn de earste regelmjittige ferbining tusken de Feriene Steaten en Grut-Brittanje. It duorre net lang oft Pan Am fleach mei de Boeing 314 nei bestimmings oer de hiele wrâld.
Desimber 1938 wie de Boeing 307 Stratoliner ree. Dit wie de alderearste transportfleanmasine mei in drukkabine. De krúshichte fan it tastel wie 20.000 foet (sa'n 6.100 meter), wêrtroch't men boppe de measte depresjes fleane koe. De fleanmasine hie in soad wei fan 'e B-17, mei't deselde fleugels, sturt en motoaren brûkt waarden.
Tidens de Twadde Wrâldkriich boude Boeing in protte bommesmiters fan it type B-17 en B-29. De wurkers wienen oer it algemien froulju, fan wa't de manlju meiwurken yn 'e kriich. De produksje waard maart 1944 sa fier opskroeve, dat op in stuit eltse moanne mear as 350 fleanmasines boud waarden. Om oanfallen út 'e loft wei te foarkommen, waarden de fabryksterreinen bedekt mei grien en lânbouguod. Yn 'e kriichsjierren waard der yntinsyf gearwurke troch de grutte Amerikaanske fleanmasinebouwers. Sa waard de bommesmiter B-17 net allinnich boud troch Boeing, mar ek troch Lockheed Aircraft en Douglas Aircraft, wylst de B-29 ek boud waard troch Bell Aircraft en Glenn L. Martin.
Doe't de kriich foarby wie, waarden de measte bestellings foar de bommesmiters annulearre, wêrtroch't sa'n 70.000 wurknimmers fan Boeing harren wurk kwytrekken. It bedriuw woe der wer boppe-op komme mei in flugge ferkeap fan 'e nije Stratocruiser, in lúkse fjouwermotoarige passazjiersfleanmasine dy't basearre wie op 'e B-29. De ferkeap gong lykwols net sa't men hope, dat Boeing moast wat oars betinke. It bedriuw fûn syn lok njonkenlytsen yn 'e militêre transport- en tankfleanmasines. De C-97 en de KC-97 binne dêr eksimpels fan.
1950-1959 thumbnail|In Boeing 707 fan British Overseas Airways Corporation (BOAC) yn 1964 Ek yn 'e fyftiger jierren gong Boeing troch mei it ûntwikkeljen fan militêre fleanmasines, dêr't de B-47 Stratojet en de B-52 Stratofortress de ferneamste fan binne. Underwilen ûntwikkele it bedriuw mei eigen sinten de 367-80, in prototype fan in strielfleanmasine, dy't de basis lei foar de lettere Boeing 707 en de KC-135 Stratotanker, dy't oant de dei fan hjoed noch brûkt wurde.
Yn 'e rin fan 'e jierren fyftich gong de technology flink foarút, en dat joech Boeing de kâns en ûntwikkelje nij guod. Ien fan 'e earste produkten wie in koarteôfstânsraket om fijannige fleanmasines te ûnderskeppen. Underwilen wie men yn 'e ban fan 'e Kâlde Kriich, en mei de technology fan 'e koarteôfstânsraket ûntwikkele en boude Boeing in ynterkontinintale raket.
1958 begûn it ôfleverjen fan 'e Boeing 707, de earste kommersjele strielfleanmasine ôfkomstich út 'e Feriene Steaten. De Britske De Havilland Comet, de Frânske Sud Aviation Caravelle en de Tupolev Tu-104 út 'e Sovjet-Uny gongen de 707 foar yn it noch jonge strieltiidrek. Mei de fjouwermotoarige 707, dy't 156 passazjiers ferfiere koe, nammen de Feriene Steaten de lieding yn 'e kommersjelefleanmasinebou. In pear jier letter kaam der in twadde ferzje fan it tastel, de Boeing 720, dy't wol wat flugger wie, mar ek in wat lytser berik hie.
Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wie Boeing in grutte produsint fan lytse turbinemotoaren. Dat symbolisearre de ynspannings dy't Boeing nei de Twadde Wrâldkriich levere ta it fergrutsjen fan it produktoanbod. It ûntwikkeljen fan gasturbinemotoaren begûn 1943 en Boeing makke úteinlik de modellen 502, 520, 540, 551 en 553. Doe't Boeing april 1968 stoppe mei de produksje, hie it bedriuw 2.461 motoaren boud. Mannich tapassing fan 'e gasturbines fan Boeing waard beskôge as baanbrekkend, lykas de earste helikopter en boat mei turbine-oandriuwing.
1960-1969 thumb|left|In Boeing 747 fan United Airlines, mei op 'e eftergrûn in Boeing 707 fan Pan Am Boeing naam maart 1960 helikopterbouwer Vertol Aircraft Corporation oer, en reorganisearre it bedriuw ta de Vertoldifyzje fan Boeing. De CH-47 Chinook, produsearre troch Vertol, fleach foar it earst yn 1961 en wurdt hjoeddedei noch altiten op grutte skaal brûkt. 1964 begûn Vertol ek mei de produksje fan 'e CH-64 Sea Knight.
Desimber 1960 kundige Boeing de 727 oan, en noch gjin trije jier letter makke dy har earste flecht. Yn 'e rin fan 'e tiden waarden der ferskate passazjiers-, fracht- en kombiútfierings ûntwikkele. De 727 wie de earste kommersjele strielfleanmasine dy't mear as tûzen kear ferkocht waard, en yn in pear jier tiid wienen dêr nochris fiifhûndert bykommen.
1961 wûn Boeing in kontrakt foar it meitsjen fan it earste part fan 'e Saturnus V-raket. De boulokaasje waard de Michoud Assembly Facility yn New Orleans.
It wie 1966, doe't William M. Allen, doe presidint fan Boeing, Malcolm T. Stamper frege om lieding te jaan oan 'e produksje fan 'e nije 747, dêr't de takomst fan Boeing suver mei gearhong. Foar it revolúsjonêre projekt waard yn Everett de grutste fabryk fan 'e wrâld boud. It kompleks, dêr't de 747 op boud wurde soe, waard sa grut as fjirtich fuotbalfjilden.
1967 yntrodusearre Boeing de twamotoarige 737, in koarte- en middellangeôfstansfleanmasine. En dy waard in súkses: oant de dei fan hjoed is de 737 de meastferkochte kommersjele fleanmasine yn 'e loftfeartskiednis. Noch altiten wurdt it tastel boud, en noch altiten wurde der nijere ferzjes ûntwikkele.
Op it gigantyske fabryksterrein yn Everett waard 1968 de earste 747-100 nei bûten riden, en in jier letter gong dy foar it earst de loft yn. De earste kommersjele flecht mei it tastel waard 1970 útfierd. De 747 hat in ynterkontinintaal berik en kin mear passazjiers ferfiere as eardere fleanmasines fan Boeing.
1970-1979