Boeing Model 6/B-1 275px Rol Postfleanmasine Makker Boeing Untwerper William Boeing Earste flecht 27 desimber 1919Bowers, 1989, s. 48 Ut tsjinst 1930 Tal makke 1 (1919 - 1927) De Boeing Model 6, ek bekend as de B-1 wie in lytse twadekker fleanboat dy't koart nei de Earste Wrâldoarloch ûntwurpen waard troch William Boeing.

Skiednis It Model 6 wie it earste net-militêre ûntwerp fan Boeing en krige dêrom de oantsjutting B-1. It ûntwerp wie frijwat konvinsjoneel. De Hall-Scott-motor dreaun in triuwpropeller oan en wie ûnder de boppefleugel tusken spanten nei de romp ophongen. De piloat siet yn in iepen cockpit yn de boech; yn in twadde iepen cockpit wie plak foar twa passazjiers. It ûnwerp docht tinken oan de Curtiss HS-2L dy't Boeing ûnder lisinsje boud hie yn de oarloch.

Der waard mar ien tastel makke om't Boeing it ûntwerp net slite koe. De nei-oarlochske merk waard nammentlik oerstreamd mei oerstallige militêre fleantugen. Edward Hubbard kocht it tastel yn 1920 en brûkte it as postfleanmasine tusken Seattle, Washington en Fiktoaria, Britsk-Kolumbia. It fleach oant 1930, mar bleau bewarre en is sûnt 1954 te sjen yn it Museum of History and Industry yn Seattle.

Spesifikaasjes

Bemanning: 1 Passazjiers: 2 Spanwiidte: 15,32 m Langte: 9,53 m Hichte: 4,06 m Fleugeldraachoerflak: 45,7 m2 Oandriuwing: 1 × Hall-Scott L-6, 220 hk, mei triuwpropeller Gewicht leech: 1089 kg Gewicht fol: 1 746 kg Krúsfaasje: 128 km/o Maks. faasje: 145 km/o Tsjinstplafond: 4050 m Aksjeradius: 640 km

Keppelings om utens Skiednis fan Boeing - B-1 Hubbard: The Forgotten Boeing Aviator

Kategory:Fleanboat Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Boeing Kategory:Yntroduksje út 1919