In ferkearsfleanmasine is in fleanmasine dy't foar de boargerloftfeart brûkt wurdt.
Ferkearsfleanmasines kinne yn trije kategoryen yndield wurde:
Passazjiersfleanmasines, dy't foar it ferfier fan passazjiers en harren bagaazje brûkt wurde. As der romte ûnderyn 'e fleanmasine is, kin der ek fracht ferfierd wurde; Frachtfleanmasines, dy't allinnich foar it ferfier fan fracht brûkt wurde; Kombi-fleanmasines, dy't foar in part brûkt wurde foar it ferfier fan passazjiers (meastentiids it foarste part), en foar in part foar it ferfier fan fracht.
Kategory:Ferkearsfleanmasine Kategory:Fleanmasine