Heiloo (Kennemerlânsk: Eijloo; Egmondsk: Eiloo) is in doarp en gemeente yn it westen fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente, dy't bestiet sûnt 1811, makket diel út fan 'e gearwurkingsregio Kennemerlân en hat 22.578 ynwenners (31 maart 2015) en beslacht in oerflak fan 19,01 km². Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wûn de gemeente rap oan ynwenners, mei't in protte Amsterdammers nei Heiloo ferhuzen. De gemeente Heiloo grinzget oan 'e gemeenten Bergen, Alkmar en Kastrikum.

Kategory:Plak yn Noard-Hollân Kategory:Gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811