thumb|150px|left|Lizzing fan Mariehamn yn Finlân thumb|260px|Fearboaten yn de haven fan Mariehamn Mariehamn (Finsk: Maarianhamina) is de haadstêd fan de Finske eilannegroep Ålân, dy’t yn de Eastsee tusken Sweden en Finlân leit. Ålân is in autonoom, demilitarisearre en ientalich Sweedsk gebiet.
Mariehamn hat in haven dêr’t fearboaten oanlizze dy’t tusken Stockholm en Turku of Helsinky farre. De fuotbalklup is IFK Mariehamn.
Sûnt 1990 is Mariehamn de thúshaven fan de eardere 'Jan Nieveen', yn earder tiden it flaggeskip fan de Lemmerboat, in skipfeartferbining oer de Iselmar tusken Amsterdam en De Lemmer. It skip, dat omdope is ta "F.P. von Knorring", docht no tsjinst as restaurant. Nammejouwer Frans Petter von Knorring wie in pleatslike pommerant út de 19e iuw dy’t him ynsette foar de ûntwikkeling fan Ålân en Mariehamn.
Demografy thumb|left|Sint George Untjouwing ynwennertal Jier Befolking 1987 9,966 1990 10,263 1997 10,408 2000 10,488 2002 10,632 2004 10,712 2006 10,824 2008 11,005 2009 11,123 2013 11,446
Kategory:Ålân Kategory:Plak yn Finlân Kategory:Haadstêd yn Jeropa