thumb|250px|It stasjon yn 1960 Buerstermûne of Froubuorstermûne (Biltsk: Froubuurtstermoln) is in buorskip dy't foar it meastepart yn de gemeente Ljouwert (foarh. Ljouwerteradiel) leit, by Alde Leie. De delsetting bestiet út inkele huzen en heart foar in part by Froubuorren (gemeente De Waadhoeke, foarh. It Bilt).
By Buerstermûne lei eartiids in halte oan it spoar Stiens-Harns, in ôftakking fan it Dokkumer Lokaaltsje fan de NFLS. De halte, iepene op 2 desimber 1902, lei op 4 kilometer fan Stiens en hie as ôfkoarting Vbm. Op 1 desimber 1940 waard de halte opheft. It stasjonsgebou bestiet noch altyd.
Kategory:Alde Leie Kategory:Buorskip yn Ljouwerteradiel Kategory:Buorskip yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Froubuorren Kategory:Buorskip op It Bilt Kategory:Buorskip yn De Waadhoeke