Saab 37 Viggen 275px Rol Multi role jachtfleantúch Makker Saab Untwerper Earste flecht 8 febrewaris 1967 Yn tsjinst 21 juny 1971 Ut tsjinst 25 novimber 2005 Tal makke 329 (1970-1990) Brûkers Sweedske loftmacht Farianten AJ, SF, SH, SK De Sweedske jachtfleanmasine Saab 37 Viggen (Viggen is 'wjerljocht') wie de opfolger fan de tige slagge Saab J 35 Draken. Der waard in oanfals- jacht, fotoferkennings-, loftferdigenings- en trenerferzje ûntwikkele.

It wie it earste fleantúch mei kanard-fleugels dat yn grutte oantallen produsearre waard en it earste dat in digitale sintrale kompjûter oan board hie mei yntegrearre syrkwys foar de avionika; dêrtroch wie it nei alle gedachten it modernste en meast avansearre gefjochtsfleantúch fan Europa op it stuit fan de yntroduksje. De digitale sintrale kompjûter wie de earste yn syn soarte yn 'e wrâld; hy automatisearre en naam taken oer dêr't earder in navigator of ko-piloat foar nedich wie. Dit makke it bestjoeren makliker yn taktyske situaasjes wêryn't ûnder oare hege snelheden en koarte beslútfoarmingstiden bepaalden oft in oanfal slagje soe of net – in systeem dat pas oertroffen waard mei it yn gebrûknimmen fan de Panavia Tornado yn 1981.

De ûntwikkeling begûn yn it begjin fan de jierren '50 om in opfolger te meitsjen foar sawol de Saab 32 Lansen (foar oanfallen) as de Saab 35 Draken (as jachtfleantúch). It ûntwerpteam fan Saab keas foar in relatyf radikale konfiguraasje mei deltafleugels en foar gebrûk as in yntegrearre wapensysteem yn kombinaasje mei it Sweedske nasjonale elektroanyske loftferdedigingssysteem STRIL-60. It fleantúch waard ek ûntwurpen om operearje te kinnen fan start- en landingsbanen dy't mar 500 meter lang wiene. De ûntwikkeling waard stipe troch de saneamde "37-bylage" (37-annex), wêrtroch't Sweden tagong krige ta avansearre Amerikaanske loftfearttechnology om sawol it ûntwerp as de produksje te ferhastigjen. It aerodynamyske ûntwerp fan it fleantúch waard yn 1963 definityf fêststeld. It prototype makke syn earste flecht op 8 febrewaris 1967, en it jier dêrnei bestelde it Sweedske regear in earste searje fan 175 Viggen-fleantugen. It earste dêrfan waard op 21 juny 1971 yn gebrûk nommen troch de Sweedske loftmacht.

Al wylst it earste model, de AJ 37, yn gebrûk nommen waard, wurke Saab al oan fierdere farianten fan de Viggen. Der waarden ferskate farianten fan de Viggen produsearre foar ferskate taken: jachtbommesmiter/oanfalsjager (AJ 37), loftferkenning (SF 37), maritime patrûlje/oanfallen op oerflakdoelen (SH 37) en in lesfleantúch mei twa sitplakken (Sk 37). Ein jierren '70 waard de JA 37 yntrodusearre, in fariant dy't geskikt wie foar ûnder alle waarsomstannichheden as ûnderskeppingsjager en oanfalsjager. Der waarden pogingen dien om de Viggen nei oare lannen te eksportearjen, mar dy wiene úteinlik net suksesfol. Yn novimber 2005 waarden de lêste Viggen-tastellen troch de Sweedske loftmacht – de iennige brûker – út tsjinst helle; op dat stuit wiene se al ferfongen troch de nijere en mear avansearre Saab JAS 39 Gripen.

Technyske spesifikaasjes thumb|right

Gegevens Lingte: Romp: 15,60 m Totaal: 16,40 m Spanwiidte: Fleugel: 10,60 m Canards: 5,45 m Hichte: 5,90 m Draachflak fleugels: 52,20 m² (mei canards) Gewicht leech: 9.900 kg Normaal startgewicht: As jager: 16.500 kg As oanfalsfleantúch: 18.500 kg Maks. startgewicht: 20.500 kg Tankynhâld: 4.600 kg Oandriuwing: 1 turbostrielmotor Volvo Flygmotor RM8B fan 125,04 kN driuwkrêft (mei neiferbaarnder)Sopheartith Moeng: Military Aircraft S. 107, Airlife Publishing Ltd, Shrewsbury, ISBN 1-85310-537-6 Heechste faasje: 2.126 km/o bzw. boppe Mach 2 op 10.975 m 1.410 km/o op likernôch seenivo Lâningsfaasje: 220 km/o Tsjinstplafond: 18.300 m Maks. klimfaasje: 207,80 m/s Klimfaasje: yn 1 minút en 40 sekonden nei 10.000 m Fleanberik: 2.000 km g-limyt: −3/+7g Easke startbaan: 400 m Easke lâningsbaan: 450 m Bemanning: 1 fleander

Kategory:Sweedske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1967