Aalsmeer is in plak en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente, dy't ûntstie yn 'e Frânske Tiid, hat ynwenners () en makket diel út fan 'e saneamde plusregio Stedsregio Amsterdam.

Gemeente De gemeente Aalsmeer bestiet út de plakken Aalsmeer en Kudelstaart. Dêrnjonken telt de gemeente noch de trije buorskippen Calslagen, Oosteinde en Vrouwenakker.

Skiednis Aalsmeer wurdt foar it earst neamd yn 1133 as Alsmar. It gebiet bestie doe foar in grut part út leech elze- en wylgebosk. Troch it winnen fan turf ûntstiene yn 'e omkriten grutte feanplassen.

Troch de ferfeaning gie in soad lânbougrûn ferlern. Sûnt de 15e iuw rjochten in soad ynwenners har dêrom op 'e fiskerij en de tylt fan beammen. Ek de ierdbeitylt waard wichtich. thumb|left|De Stommarmûne. Yn 'e 17e iuw waarden ferskate marren yn en om Aalsmeer drûchlein. De Stommar waard yn 1650 drûchmakke en de Hornmar yn 1674. Letter waarden ek oare polders drûchlein. De Stommarmûne, dy't dêrby in rol spile, waard letter ferfongen; de hjoeddeiske mûne datearret fan 1742 en waard yn 1920 yn Aalsmeer weropboud.

Nei it drûchmeitsjen fan 'e Haarlimmermar yn 1852 naam de fiskerij fierder ôf. Aalsmeer ûntwikkele him ta in sintrum fan túnbou. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw bloeide benammen de ierdbeitylt, mar om 1880 hinne kaam ek de blommetylt op. De blommehannel groeide út ta in wichtige feilingstûke. Yn 1912 waarden twa blomfeilingen stifte, dy't yn 1968 fusearren. De nije feiling ferhuze yn 1972 nei in grut kompleks oan 'e Legmeardyk.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie Aalsmeer de reputaasje fan in NSB-bolwurk. Dat kaam benammen troch de fûleindich nasjonaalsosjalistyske boargemaster Kolb en in lytse groep faksisten. De Dútske generaal Friedrich Christiansen, opperbefelhawwer fan 'e Wehrmacht yn Nederlân, kaam der geregeld en liet dêr boaten bouwe. Sûnt 1942 holpen ferskate lytse fersetsgroepen Joaden dy't út Amsterdam flechte wiene en yn Aalsmeer ûnderdûkten. It haad fan de boargerlike stân, Cor Braber, makke op grutte skaal falske persoansbewizen. Nei de oarloch folgen mear as hûndert rjochtsaken tsjin Aalsmearders dy't lid west hiene fan 'e NSB.

Aalsmeer hat trije tinktekens foar de oarloch. By Kudelstaart stiet sûnt 1987 in propeller fan in bommesmiter dy't op 17 desimber 1942 in needlanning makke op 'e Westeinderplassen. By it gemeentehûs stiet in tinkstien mei de nammen fan Aalsmearders dy't yn 'e oarloch omkamen. Yn Aalsmeer-Nieuw Oost stiet it glêzen monumint Hell's Fury fan Joop Kok, op it plak dêr't op 13 desimber 1943 in Amerikaansk fleantúch troch Dútsers delsketten waard. Fan 'e sân manlju oerlibbe allinnich de gesachfierder, kaptein Sanford, de crash.

Nei de Twadde Wrâldkriich bleau de túnbou, en benammen de blommetylt en blommehannel, de wichtichste ekonomyske sektor. Aalsmeer groeide út ta in wrâldferneamd sintrum fan 'e ynternasjonale blommehannel. thumb|left|Westeinderplassen. Hjoed-de-dei binne njonken de blommetylt en -hannel ek wettersport, rekreaasje, yndustry en tsjinstferliening fan belang. De Westeinderplassen foarmje in wichtich rekreaasje- en natuergebiet.

Monuminten Aalsmeer hat sa'n hûndert monuminten, wêrûnder 29 ryksmonuminten. Dêrûnder binne it Alde Riedhûs oan 'e Dorpsstraat 9 en de wetterttoer. In achttal monuminten stiet oan 'e Uiterweg.

De doarpstsjerke fan Aalsmeer is 16e iuwsk en waard nei de Reformaasje yn 1586 in protestantske tsjerke. It gebou waard letter fergrutte mei sydskippen.

De Leeuw is in stellingmmûne út 1863. De mûne is in ryksmonumint en kin alle dagen besocht wurde.

thumb|It fort by Kudelstaart

It Fort by Kudelstaart waard boud yn 1906 as ûnderdiel fan 'e Stelling fan Amsterdam en foarmet hjoed-de-dei wrâlderfgoed fan UNESCO.

It gemeentehûs, om 1960 hinne ûntwurpen troch arsjitekt J.F. Berghoef, stiet oan de Van Cleeffkade yn it sintrum fan Aalsmeer. Op it plein foar it gemeentehûs stiet – op in tsien meter hege sokkel – in stânbyld fan 'e goadinne Flora, goadinne fan 'e maitiid en de blommen. By it delsetten fan it monumint yn 1962 soarge it byld foar nochal wat opskuor, om't it neffens guon 'te neaken' wêze soe.

Eveneminten thumb|left|Blommekorso Aalsmeer (1950) Sechtich jier lang waard alle jierren op 'e earste sneon fan septimber in blommekorso organisearre. De earste edysje wie yn 1948, ta gelegenheid fan 'e ynhuldiging fan keninginne Juliana, en de lêste fûn plak op 1 septimber 2007. Nei't de wichtichste sponsor, de blomfeiling, syn finansjele bydrage stopsette, waard besletten mei de tradysje op te hâlden. Yn 2011 en 2012 waard noch in lytser blommekorso organisearre. Sûnt 2013 wurdt alle jierren yn it tredde wykein fan juny in blommefestival hâlden.

Yn juny is der alle jierren in bandjûn yn it doarpssintrum. Yn july wurdt op 'e eilannen fan 'e Westeinderplassen it teäterfestival Plaspop Aalsmeer hâlden. Op 'e earste sneon fan septimber is der in ferljochte boateshow en op 'e twadde sneon fan septimber de Aalsmeerse Pramenrace, in wedstryd mei platboaiems.

Radio Aalsmeer is de lokale publike omrop fan Aalsmeer en omkriten, wêrûnder Kudelstaart. De stjoerder fersoarget sûnt 1991 radioprogramma's en wurdt foar in grut part troch frijwilligers draaiende hâlden.

Dialekt Aalsmeer hat fanâlds in eigen dialekt, dat sterk ôfwykt fan 'e standertaal. It Aalsmearsk waard ek wol it "Buurts" of it "Uiterwegs" neamd. It is in typysk Hollânsk reliktdialekt dat opfalt troch de oerienkomsten mei it Westfrysk. De Fryske Akademy hat yn gearwurking mei it Meertens Ynstitút ûndersyk dien nei it Aalsmearske dialekt om in byld te krijen fan 'e Hollânske folkstaal tusken 1500 en 2000.

Kategory:Plak yn Noard-Hollân Kategory:Gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811