A. Leslie Scott (folút: Alexander Leslie Scott; Lewisburg (West-Firginia), 15 jannewaris 1893 – 1974) wie in Amerikaansk skriuwer fan westerns. Hoewol't er leard hie foar yngenieur, lei er him al rillegau ta op it skriuwen fan koarte ferhalen en romans, wêrby't er in grut oeuvre opboude. Foar syn wurk griep Scott gauris werom op syn eigen ûnderfinings yn it Amerikaanske Westen. Hy wie de geastlike heit fan 'e personaazjes Jim Hatfield en Walt Slade, dy't tige populêr waarden. Syn boeken ferskynden almeast ûnder de pseudonimen Bradford Scott en Jackson Cole.
Libben en karriêre Scott waard yn 1893 berne yn Lewisburg, yn 'e steat West-Firginia, en wie fan Skotsk komôf. Hy studearre mynbou en boukunde, en wie neitiid yn it Wylde Westen (dat doe al lang sa wyld net mear wie as dat it wol west hie) wurksum as yngenieur. In protte fan syn fertellings hawwe sadwaande as ûnderwerp (of neame sydlings) de eksploitaasje fan grûnstofen, lykas goud en ierdoalje.
Omtrint 1914 joech Scott him in hoart by de Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa, en it wie yn dy tiid dat er him it omgean mei fjoerwapens eigen makke. Letter sleat er him oan by it Frânske Frjemdlingelegioen, en as lezjonêr focht er mei yn 'e Earste Wrâldoarloch. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn 1919, wied er opklommen ta de rang fan kaptein. Tusken 1920 en 1930 wie Scott wer as yngenieur wurksum, wylst er yn syn frije tiid úteinsette mei skriuwen, earst fan gedichten, mar letter fan romans. Omtrint 1930 joech er syn baan deroan, ferfear nei New York, en makke fan it skriuwerskip syn berop.
Yn 1936 skoep Scott it personaazje Jim Hatfield, in Texas Ranger dy't it tsjin alderhanne kriminelen en oar rapalje opnaam. (Hatfield wie de famkesnamme fan Scott syn mem.) Nei sân koarte ferhalen ferskynde yn 1937 de earste roman út 'e Jim Hatfield-rige, mei as titel Terror Stalks the Border. By it betinken fan 'e plots griep Scott faak werom op syn eigen ûnderfinings. Syn 55 koarte ferhalen en romans oer Hatfield ferskynden ûnder it kollektive pseudonym Jackson Cole, dat ek troch oare skriuwers fan 'e útjouwerij Standard Magazines brûkt waard. Ein jierren fjirtich resultearre in skeel mei de útjouwer deryn dat Scott de rjochten op it personaazje fan Jim Hatfield ferlear.
Sadwaande skoep Scott in nij personaazje, Walt Slade, dat krektlyk in Texas Ranger wie. (Feitliks wie der behalven de namme net folle ferskil tusken Hatfield en Slade.) Nei't er oer syn nije held in rige ferhalen skreaun hie, kaam yn 1956 by útjouwerij Pyramid Books de earste roman yn 'e Walt Slade-rige út, The Avenger. Neitiid soene teminsten noch 79 oare romans folgje. Scott wie in flugge skriuwer, dy't soms wol njoggen ûnderskate romans yn in jier publisearre. Yn totaal soed er yn syn libben likernôch 250 ferskillende romans skriuwe. Hy ferstoar yn 1974. Syn soan Justin Scott is ek skriuwer.
Wurk (in ûnfolsleine opsomming; wol binne alle Nederlânske oersettings opnommen dy't de Keninklike Bibleteek yn De Haach yn syn katalogus hat) ûnder it pseudonym Jackson Cole Jim Hatfield-rige 1937 – Terror Stalks the Border 1939 – Lone Star Law 1939 – Lone Star Silver 1940 – Lone Star Legion 1945 – Guns of Vengeance 1948 – The Tomstone Trail Nederlânske oersetting: De Weg naar Tombstone (fert. Louis Knuvelder, 1961) op harsels steande romans 1939 – Outlawed 1944 – The Outlaws of Caja Basin
ûnder it pseudonym Bradford Scott Walt Slade-rige 1956 – The Avenger Nederlânske oersetting: Wraak in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1960) 1956 – Badlands Boss Nederlânske oersetting: Koning der Wildernis (fert. Louis Knuvelder, 1964) 1956 – Canyon Killers 1956 – Gunsmoke Over Texas Nederlânske oersetting: Bloed in Texas (fert. Hendrick van Diest, 1961) 1956 – Trigger Talk Nederlânske oersetting: De Revolverman (fert. Louis Knuvelder, 1963) 1957 – Curse of Texas Gold Nederlânske oersetting: De Vloek van het Texas-goud (fert. Louis Knuvelder, 1962) 1957 – Rimrock Raiders Nederlânske oersetting: De Duivelse Raiders (fert. Louis Knuvelder, 1964) 1959 – The Blaze of Guns Nederlânske oersetting: Revolverconcert (fert. M.M. Ponjee, 1961) 1959 – Shootin' Man Nederlânske oersetting: Schietende Schurken (fert. net fermeld, 1964) 1959 – Texas Vengeance 1960 – Lone Star Rider 1961 – The Desert Killers Nederlânske oersetting: Woestijnduivels (fert. Louis Knuvelder, 1962) 1961 – Gunsmoke on the Rio Grande 1961 – Skeleton Trail Nederlânske oersetting: Skeleton Trail (fert. Max L. Groen, 1968) 1961 – Smugglers' Brand 1962 – Gunsight Showdown 1962 – The Masked Riders Nederlânske oersetting: De Gemaskerde Ruiters (fert. Hendrick van Diest, 1963) 1962 – Texas Devil 1962 – Texas Rider Nederlânske oersetting: Texas-ruiters (fert. Louis Knuvelder, 1963) 1962 – Trail of Blood and Bones Nederlânske oersetting: Het Spoor van Dood en Verderf (fert. Louis Knuvelder, 1963) 1963 – Bullets for a Ranger 1963 – Gun Justice Nederlânske oersetting: Hoog Spel in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1964) 1963 – Gundown! Nederlânske oersetting: Terreur der Revolvers (fert. Hendrick van Diest, 1964) 1963 – Gunsmoke Talk Nederlânske oersetting: Terreur over El Paso (fert. Hendrick van Diest, 1964) 1963 – Killer's Doom Nederlânske oersetting: Genadeloze Jacht (fert. Hendrick van Diest, 1964) 1963 – Outlaw Gold Nederlânske oersetting: Het Goud van de Rio Grande (fert. Hendrick van Diest, 1964) 1963 – Outlaw Land 1963 – Ranger's Revenge Nederlânske oersetting: De Wraak van een Ranger (fert. Hendrick van Diest, 1964) 1963 – The Rattlesnake Bandit Nederlânske oersetting: Het Teken van de Slang (fert. Hendrick van Diest, 1965) 1963 – Rustlers' Guns 1964 – Dead At Sunset 1964 – Death Calls the Turn Nederlânske oersetting: Moord en Doodslag (fert. Louis Knuvelder, 1966) 1964 – The Ghost Trail Nederlânske oersetting: Goudkoorts (fert. Hendrick van Diest, 1965) 1964 – Guns for Hire 1964 – Horseman of the Shadows Nederlânske oersetting: Vuur over El Paso (fert. Hendrick van Diest, 1966) 1964 – The Range Ghost (alternative titel: The Range Terror) Nederlânske oersetting: Spook van de Prairie (fert. Hendrick van Diest, 1966) 1964 – Showdown at Skull Canyon 1964 – Trail of Guns and Gold Nederlânske oersetting: Het Giftige Goud (fert. Louis Knuvelder, 1966) 1964 – Trails of Steel Nederlânske oersetting: Storm over Texas (fert. Louis Knuvelder, 1966) 1965 – Border Vengeance Nederlânske oersetting: De Grens in Vlammen (fert. Hendrick van Diest, 1967) 1965 – Death in the Saddle 1965 – Dead in Texas (alternative titel: Gunslick) Nederlânske oersetting: Dood in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1966) 1966 – Texas Badman Nederlânske oersetting: Duel van Desperado's (fert. Hendrick van Diest, 1967) 1967 – Bullet Brand 1967 – Curse of Dead Man's Trail 1967 – Death on the Rimrock 1967 – Death's Harvest 1967 – Hot Lead and Cold Nerve 1967 – Rider of the Mesquite Trail 1967 – The Sidewinder 1967 – Texas Death 1967 – Thunder Trail 1968 – Boom Town 1968 – The Border Terror 1968 – Border War 1968 – Death's Tally 1968 – Hard Rock Showdown 1968 – Haunted Valley 1968 – Lead and Flame 1968 – Outlaw Round-up 1968 – The River Raiders 1968 – Sixguns in a Bloody Dawn 1968 – The Sky Riders 1969 – Curse of the Dead Man's Gold 1969 – Date with Death 1969 – Devil from Blazing Hill 1969 – Laredo on the Rio Grande 1969 – Mountain Raiders 1969 – Pecos Law 1969 – Six Gun Fury 1969 – Sixgun Doom 1969 – Trail of Empire 1970 – Death to the Ranger! 1970 – Ranger's Roundup 1970 – Red Road of Vengeance 1971 – Ranger Daring 1971 – The Ranger Wins 1972 – A Ranger Rides the Death Trail 1973 – Four Must Die op harsels steande romans 1942 – The Cowpuncher 1945 – The Range Rider 1946 – Desert Gold 1947 – Gold for the Dead 1949 – The Whip 1951 – Walters of the Flying W 1953 – Silver City 1954 – The Trail of the Yuma Kid 1956 – The Texas Terror Nederlânske oersetting: Terreur over Texas (fert. Hendrick van Diest, 1962) 1957 – Death Canyon 1957 – The Texas Hawk Nederlânske oersetting: De Texas Havik (fert. Louis Knuvelder, 1960) 1959 – Gun Law Nederlânske oersetting: Knallende Revolvers (fert. Louis Knuvelder, 1960) 1960 – Ambush Trail 1960 – The Pecos Trail Nederlânske oersetting: Brug over de Pecos (fert. Hendrick van Diest, 1962) 1960 – Rustler's Range 1960 – Valley of Hunted Men 1961 – Rangeland Guns Nederlânske oersetting: De Prairiehelden (fert. Hendrick van Diest, 1962) 1961 – Rangers At Bay 1962 – Death Rides the Rio Grande 1962 – Doom Trail 1962 – Guns of Bang Town Nederlânske oersetting: Schoten van Bang Town (fert. Gerard van Buuren, 1963) 1963 – Death's Corral 1964 – Raiders of the Rio Grande 1965 – Bullets Over the Border 1965 – Thundering Guns 1965 – Wasteland Rider Nederlânske oersetting: De Koning fan de Colt (fert. Hendrick van Diest, 1968) 1965 – West of Laredo 1967 – Maverick Showdown 1969 – Blood on the Moon 1969 – Bullet Justice 1969 – Hands Up! 1969 – Sixgun Talk 1969 – Texas Blood 1970 – Death Whispers 1970 – Reach for Gold 1971 – Savage Gunlaw
ûnder de namme fan A. Leslie Scott 1955 – The Texan Nederlânske oersetting: De Man uit Texas (fert. Louis Knuvelder, 1964) 1959 – Boothill Town 1964 – Black Bonanza
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk westernskriuwer Kategory:Amerikaansk yngenieur Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Amerikaansk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1974