Skotske clans binne sibskipsgroepen dy't diel útmeitsje fan it Skotske folk. It wurdt "clan" of yn it Ingelsk clan komt fan it Gaelyske clann, dat "neiteam" betsjut. Skotske clans jouwe harren leden it gefoel dat se in mienskiplike identiteit en komôf hawwe, en dat gefoel wurdt utere mei de clansymboalen, lykas in eigen tartan, dat û.m. brûkt wurdt foar de makkelei fan kilts en plaids. Yn it ferline wiene de clans gauris ûnderling oan it oarlogjen en teffens spilen se in wichtige rol by de jakobityske opstannen yn Skotlân oan 'e ein fan 'e santjinde en yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw. Tsjintwurdich hawwe clans in formeel karakter dat erkend wurdt troch it Hof fan de Lord Lyon, de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske heraldyk. Der besteane twa soarten clans: guon mei in eigen haadman, en guon dy't in haadman misse en oantsjut wurde as wapenfierende clans (armigerous clans).

Fersprieding Hoewol't it clansysteem oer it algemien mei de Heechlannen assosjearre wurdt, binne der yn hiel Skotlân clans te finen, ek yn it leechlân. In Skotske wet, dy't yn 1597 opsteld waard troch it Skotske parlemint, sprekt fan "chiftanis and chieffs of all clannis [...] in the hielands or bordouris." Dat bewiist dus dat doedestiden de termen "clans" (clannis) en "haadlju" (chiftanis en chieffs) sawol fan tapassing wiene op 'e clans fan 'e Heechlannen (hielands) as dy oan 'e Ingelske grins (bordouris). Tsjintwurdich wurdt faak tocht dat inkeld de Heechlannen clans hawwe, wylst sokke mienskipswêzens yn 'e rest fan Skotlân famyljes neamd wurde moatte, mar dat is in njoggentjinde-iuwsk fabeltsje. It iennichste part fan Skotlân dêr't gjin clans foarkomme binne dy gebieten dêr't earder (oant yn 'e njoggentjinde iuw) Norn sprutsen waard, in taal dy't fuortkommen wie út it Noarsk, wat der dus op wiist dat de befolking fan dy gebieten yn grutte mearderheid ôfstammet fan 'e Wytsingen, dy't it clansysteem net koene. Dy gebieten binne de Sjetlân- en Orkney-eilannen en it uterste noardeastlikste puntsje fan it Skotske fêstelân, it gebiet om Thurso en John O'Groates hinne.

Skiednis Oarsprong In protte clans hawwe ûntsteansleginden wêryn't beweard wurdt dat se stifte binne troch mytologyske figueren, en dy't optocht binne om harren status fuort te sterkjen en harren oarsprong te romantisearjen. Sa makke de Clan MacDonald oanspraak op in ôfstamming fan Cú Chulainn, de mytyske held fan Ulster, wylst de Clan Campbell beweart stifte te wêzen troch in oar figuer út 'e Keltyske mytology, Diarmaid it Swyn. De Clans Mackinnon en MacGregor hjitte allebeide ôf te stammen fan Alpín mac Echdach, de heit fan Kenneth MacAlpin, de earste kening fan 'e Skotlân, dy't yn 843 op 'e troan kaam. Yn wurklikheid kin de ûntsteansskiednis fan Skotske clans hast nea fierder weromtrasearre wurde as oant de alfde iuw, wylst de rjochte line fan 'e clanhaden yn 'e measte gefallen net fierder weromgiet as oant de trettjinde of de fjirtjinde iuw. Inkeld in konfederaasje fan clans besteande út 'e Clans Lamont, MacLea, MacLachlan en MacNeil en de Ierske Clan Sweeney kin syn ôfstamming tebekfolgje nei Niall fan de Njoggen Gizelders, in fyfde-iuwske hege kening fan Ierlân.

It ûntstean fan 'e clans hie mear te krijen mei politike ûnstjoer as mei etnisiteit. Troch ferskate rebûljes yn it noarden fan 'e Skotlân yn 'e tolfde en trettjinde iuw, folge troch de pasifikaasje fan 'e provinsje Moray troch de Skotske Kroan en dêrnei it ferdriuwen fan 'e Noaren út Argyll en de Bûtenste Hebriden, soarge foar sa'n oanhâldende opskuor yn 'e Heechlannen dat in ferskaat oan kriichshearen syn kâns skoan seach om syn macht oer in beskaat gebiet te fêstigjen. Under dy iere clanhaden wiene behalven in protte Gaelen ek Brytoanen en lju fan ming Noarsk-Gaelysk komôf en letter teffens Normandiërs, Anglo-Normandiërs en Flamingen.

Untwikkeling Under de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen (1290-1330) waard troch kening Robert de Bruce in feodaal stelsel ynfierd dat de posysje fan 'e clanhaden formalisearre en harren ta fazallen fan 'e Skotske Kroan makke. Dêrmei wûn er harren stipe yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen, en dat wie wêr't it him om te dwaan wie. Sa feroare it clanstelsel fan in pleatslik mienskipswêzen yn in pylder fan it Skotske steatsbestel, en it is dy feodale komponint dy't de Skotske clans ûnderskiedt fan lânseigen stammen yn 'e Amearika's, Afrika en Australaazje.

Dêrby foarmen de clans trouwens in twasnedich swurd, want yn 'e roerige Midsiuwen wiene der ek gauris opstannen tsjin 'e Kroan, en boppedat wiene de clans geregeldwei ûnderling deilis, faak mei tige destruktive gefolgen dy't in negative ynfloed hiene op 'e hoemannichte belesting dy't it Skotske regear heffe koe. Uteinlik naam it útfjochtsjen fan ûnderlinge fetes nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart, yn 1660, sterk ôf. De lêste kears dat in skeel tusken clans ûnderinoar ta in fjildslach late, wie by de Slach by Mulroy, dy't yn augustus 1688 plakfûn.

Ek de dieverij fan fee fan oanbuorjende clans, dy't bekendstie as reiving of creach, en dy't troch jonge clanleden faak as in soarte fan sport beskôge waard, naam geandewei de santjinde iuw almar fierder ôf. Dêr moat by oantekene wurde dat dêrfoar yn 't plak doe sprèidh yn 'e moade kaam; dat wie it stellen fan fee fan boeren út it leechlân troch Heechlânske clanleden. Guon clans, wêrûnder de Clan MacFarlane en de Clan Farquharson beaen de leechlanners doe tsjin betelling beskerming oan tsjin sokke oerfallen, mar dat kaam eins del op in foarm fan sjantaazje.

De jakobityske opstannen De ôfsetting fan 'e rjochtlike kening Jakobus VII (Jakobus II fan Ingelân) by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689, fanwegen roomske sympatyen, sette by in protte Skotten in kwea bloed. Jakobus syn oanhingers, de jakobiten, besochten neitiid ferskate kearen him en letter syn erfgenamten wer op 'e troan te krijen. Dy jakobityske opstannen, dy't oan 'e ein fan 'e santjinde en yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw plakfûnen, ferdielden de clans. Guon, lykas de Clan Campbell en de Clan Sutherland, wiene wisberette oanhingers fan it nije bewâld, en kamen ek fanwegen om dêrfoar te fjochtsjen. Oaren, lykas de Clans MacDonald, Cameron, Gordon en Stewart fan Appin wiene like fûleindige tsjinstanners fan it nije rezjym, en griepen eltse kâns oan om te besykjen en draai de besteande sitewaasje werom.

Yn dizze kwestje wie godstsjinst yn 'e regel de beslissende faktor, mei't de clans ferdield wiene yn roomske, presbyteriaanske en episkopaalske groepen. De roomsen en guon presbyterianen stipen de Stuarts, wylst de episkopaalsen en de measte presbyterianen it nije regear bystiene. De oanhing ûnder grutte klibers folk dy't op in klútsje wennen, de flugge mobilisaasje dy't mooglik makke waard troch de clanorganisaasje, en de ôfhandichheid fan 'e Heechlannen yn in úthoeke fan Grut-Brittanje makke de Skotske klens ta it natuerlike begjinpunt fan eltse jakobityske opstân. Likegoed holden in protte haadlju fan tradisjoneel jakobityske clans by de Jakobityske Opstân fan 1745 tsjin dat harren clans har by de opstân joegen, út eangst dat neitiid har grûnbesit ûnteigene wurde soe. Sokken wiene bgl. de haden fan 'e Clan Mackenzie en de Clan MacDonald fan Sleat.

Nei de úteinlike jakobityske nederlaach yn 'e Slach by Culloden waard it clansysteem fierhinne ferrinnewearre troch de Ingelske besettingsmacht. Prins Willem, de hartoch fan Kumberlân en de soan fan kening George II fan Grut-Brittanje, fierde yn 'e Heechlannen in wier skrikbewâld, mei dieden dy't tsjintwurdich sûnder mis foar etnyske suverings oanmurken wurde soene. Hiele clans waarden fan har foarâlderlik grûngebiet ferdreaun, en der waarden ferskate slachings oanrjochte ûnder de boargerbefolking, wêrby't ek froulju en bern net ûntsjoen waarden. Yn in besykjen om 'e eigenste identiteit fan 'e clan út te rûgjen, waard it Heechlanners nei 1745 sels ferbean om harren kilts en tartan te dragen, dat tenei útslutend oan 'e leden fan Skotske rezjiminten fan it Britske leger foarbeholden wie. Pas yn 1782 slagge it James Graham, 3e hartoch fan Montrose, om dat ferbod ûngedien makke te krijen.

Al sûnt likernôch 1725 ferfearen in protte clanleden nei Amearika, dêr't se in nij bestean opbouden ûnder harren clanadel yn Jamaika, Georgia, New York, Noard-Karolina of Nij-Skotlân. Nei 1745 krigen dizze iere lânferhuzers selskip fan tûzenen ballingen. Yn 'e njoggentjinde iuw soargen de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances) foar in nije úttocht fan clanleden út Skotlân wei. Dêrby waarden tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep.

Nij elan Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wie de measte anty-clanwetjouwing dy't nei 1745 trochfierd wie, wer ôfskaft. De literatuer fan 'e Romantyk, benammen it wurk fan James Macpherson en sir Walter Scott, soarge foar in nij elan op it mêd fan 'e Skotske kultuer, wêrby't de wisânsjes fan 'e clans ta nasjonale tradysjes makke waarden. Sa makke de Skotske elite him yn 'e 1820-er jierren it drage fan 'e kilt en it tartan eigen. Yn 1822 droech sels kening George IV by in besyk oan Skotlân in kilt, sa't op in skilderij fan David Wilkie ferivige is. Letter keas keninginne Fiktoaria, dy't alles dat mei de clans te krijen hie tige nijsgjirrich fûn, it Heechlânske Balmoral út as ien fan har residinsjes. Sûnt dy tiid binne de clansymboalen foargoed wichtige dragers fan 'e hiele Skotske identiteit wurden.

De organisaasje fan clans It wurd clan is besibbe oan it Skotsk-Gaelyske wurd clanna, dat "bern" betsjut. It is lykwols in grutte (sij it frij algemiene) misfetting dat alle leden fan in clan ôfstamje fan ien foarfaar. De clans ûntstiene earder trochdat de minsken yn in beskaat diel fan it lân foar harren eigen beskerming en stipe gearkloften om ien lieder hinne, ûnder waans gesach alle leden fan 'e sa ûntstiene clan har deljoegen. De measte clans kinne opdield wurde yn saneamde septs, oftewol famyljes fan in beskate namme (net deselde as dy fan 'e clan sels), dy't allegear it clanhaad as har lieder beskôgje. Oars as fan 'e clans bestiet der gjin offisjele list fan sept-nammen, en betiizjendernôch kinne ferskillende clans in sept mei deselde namme hawwe.

Neffens de eardere Lord Lyon, sir Thomas Innes of Learney, is in clan in mienskip dy't heraldysk ûnderskaat wurdt fan 'e rest fan 'e befolking en dy't erkenning genietet fan 'e soeverein troch it Hof fan de Lord Lyon. Clans binne neffens dy opfetting in soarte fan adel, mei't it wapen dat troch de haadman fierd wurdt, ferliend of op in oare wize erkend is troch de Lord Lyon yn opdracht fan 'e Kroan, wat in keninklike erkenning fan 'e clan as gehiel ynhâldt.

Clans mei in erkende haadman (chief) wurde sadwaande ûnder de Skotske wetjouwing beskôge as in aadlike mienskip, mei beskate offisjele rjochten en plichten (krekt as oare rjochtspersoanen, lykas ferienings en stiftings). Wapenfierende clans (armigerous clans), dy't gjin (erkende) haadman hawwe, genietsje gjin erkenning foar de Skotske wet. Lju dy't oanspraak meitsje op 'e titel fan haadman en as sadanich erkend wurde troch de Lord Lyon, meie as iennichsten it ûndifferinsjearre wapen fan 'e oprjochter fan 'e clan fiere. In clan wurdt dan ek beskôge as it oererfber goed fan in haadman, dat er trochjaan kin oan syn erfgenamt of tainistear. Sa'n erfgenamt wie foarhinne yn 'e regel in âldste soan, mar soms waard de soan oan 'e kant set yn it foardiel fan in ambisjeuzer famyljelid. Tsjintwurdich is de erfgenamt it neiste manlike famyljelid yn 'e rjochte line. Under de Skotske wet genietet in haadman, ynsafier't dy mei goedkarring fan 'e Lord Lyon yn syn posysje ynstallearre is, erkenning as de rjochtlike fertsjintwurdiger fan in clanmienskip.