Hachette Livre (útspr.: ['aʃɛt 'li:vʀ]) is de grutste útjouwerij fan Frankryk. It bedriuw waard yn 1826 oprjochte en is fêstige yn it fyftjinde arrondisemint fan Parys. Sûnt 1981 makket it ûnderdiel út fan 'e Lagardère Group. De Amerikaanske dochterûndernimming de Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrâld.
Skiednis Hachette waard yn 1826 oprjochte troch de Frânske ûndernimmer Louis Hachette, as in boekhannel anneks útjouwerij, mei as namme Brédif. Yn 1846 waard it bedriuw omneamd ta L. Hachette et Compagnie; yn 1919 ta Librairie Hachette; en yn 1977 ta Hachette SA. Yn 1981 waard it bedriuw oernommen troch de Lagardère Group, dy't yn 1992 by in reorganisaasje alle útjouwersaktiviteiten fan Hachette gearbrocht ûnder de namme Hachette Livre (livre is Frânsk foar "boek"), wylst alle oare aktiviteiten fan Hachette oerpleatst waarden nei oare difyzjes. Hachette Livre is sûnt de wichtichste ymprint fan Lagardère Publishing, de útjouwerstûke fan Lagardère.
Yn 1996 waard de útjouwerij Hatier by Hachette Livre ûnderbrocht, en yn 2004 kocht Lagardère de wurdboekútjouwer Éditions Larousse oan, wêrnei't dy ek ûnderdiel fan Hachette Livre waard. Yn 2006 teach Lagardère de Amerikaanske merk op troch de Time Warner Book Group oan te keapjen, dy't dêrnei omneamd waard ta de Hachette Book Group en sûnt in Amerikaanske dochterûndernimming fan Hachette Livre foarmet.
Ymprints Hachette Livre (Frankryk) Armand Colin Calmann-Lévy Dalloz Edelsa Fayard Gautier-Languereau Éditions Grasset & Fasquelle Hachette Hatier Éditions Larousse Librairie Générale Française (80%) JC Lattès Pika Édition Stock Hachette UK (Grut-Brittanje, sûnt 1986) Hachette Children's Orchard Books Franklin Watts Wayland Books Headline Publishing Group Hodder & Stoughton Brockhampton Press Coronet Books Hodder Faith Hodder Moa Beckett (yn Nij-Seelân) John Murray Mulholland Books UK New English Library Saltyard Books Sceptre Books Two Roads Books Hodder Education Chambers Harrap Galore Park Gibson Books Philip Allan Updates Teach Yourself Little, Brown Book Group Abacus Books Atom Books Constable & Robinson C&R Crime Canvas Books Constable & Co. Corsair Books Much-in-Little Right Way Books Robinson Publishing Hachette Digital Little, Brown Orbit Books Orbit Australia Orbit U.S. Redhook Yen Press Piatkus books Sphere Books Virago Press Octopus Books Cassell Illustrated Conran Octopus Gaia Books Godsfield Hamlyn Mandarin Paperbacks Mitchell Beazley Philip's Spruce Books Orion Publishing Group Cassell Military Paperbacks Cassell's National Library Gollancz J.M. Dent Everyman's Library Millennium Orion Audiobooks Orion Books Orion Children's Books Orion Paperbacks Phoenix Books Weidenfeld & Nicolson
Keppelings om utens Offisjele webside fan Hachette Livre
Kategory:Frânske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1826