De Hachette Book Group (HBG), of ek wol de Hachette Book Group USA, is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw bestiet sûnt 2006 en is in dochterûndernimming fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dy't wer eigendom is fan 'e Lagardère Group. De Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld (yn 'e mande mei HarperCollins, Holtzbrinck/Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It bedriuw publisearret jiers likernôch 800 nije titels foar folwoeksenen, 200 titels foar jongfolwoeksenen en bern en 300 audioboeken.
Skiednis Yn 1996 liet it Amerikaanske multymediaconcern Time Warner syn útjouwersdifyzjes yn 'e Feriene Steaten fúzjearje ta Time Warner Trade Publishing, dat letter omneamd waard ta de Time Warner Book Group. Yn 2003 besocht Time Warner dizze difyzje fan 'e hân te dwaan, mar krige der gjin heech genôge bedraggen foar bean. Op 31 maart 2006 slagge de ferkeap dochs noch, en gie de Time Warner Book Group oer yn 'e hannen fan 'e Frânske Lagardère Group. Dy pleatste de difyzje ûnder syn eigen útjouwerstûke, Hachette Livre, en joech it de namme fan 'e Hachette Book Group. Neitiid waard yn juny 2013 Hyperion Books noch oankocht fan Walt Disney Company.
Ymprints Grand Central Publishing Business Plus Forever Forever Yours Grand Central Life & Style Twelve Vision Hachette Audio Hachette Nashville (foarhinne Warner Faith; útjouwerij fan kristlike lektuer) Center Street Faith Words Jericho Books Hyperion Books Little, Brown and Company Back Bay Books Bullfinch Press Megan Tingley Books Mulholland Books Reagan Arthur Books Little, Brown Books for Young Readers LB Kids Poppy Orbit U.S. Redhook Yen Press
yn ûnbrûk Paperback Library Questar Science Fiction Warner Aspect (1993 oant 2006)
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Hachette Book Group
Kategory:Amerikaanske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2006