HarperCollins Publishers LLC is in Amerikaansk-Britsk bedriuw dat ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e wrâld foarmet (njonken de Hachette Book Group, Holtzbrinck-Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It waard yn 1989 oprjochte as de útjouwerijdifyzje fan News Corp, en hat syn haadkertier oan Broadway 195 te New York.

Skiednis Yn 1987 naam News Corp de Amerikaanske útjouwerij Harper & Row oer, dat in fúzje wie fan Harper & Brothers (oprjochte yn 1817) en Row, Peterson & Co. Nei't yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit fan News Corp kaam, waarden de beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. It logo fan it nije bedriuw wie ek in gearstalling fan it toartslogo fan Harper & Row en it fonteinlogo fan William Collins, Sons, en pleatst de flammen fan 'e toartse op 'e weagen fan 'e fontein.

Tsjintwurdich hat HarperCollins semy-selsstannich operearjende ôfdielings yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Grut-Brittanje, Austraalje, Nij-Seelân en Yndia. Boeken wurde útjûn ûnder in grut ferskaat oan ymprints, dêr't sawol eigenoprjochte ymprints ûnder binne as oernommen útjouwerijen dy't earder selsstannige bedriuwen foarmen. Sa naam News Corp yn 1999 de Hearst Book Group oer, mei dêrûnder William Morrow & Company en Avon Books, en yn 2010 waard de skoalboeke-útjouwerij Letts & Lonsdale oankocht. Dizze útjouwerijen binne no ymprints wurden fan HarperCollins.

In oare bekende ymprint fan HarperCollins is HarperVoyager, foarhinne bekend as Voyager, de wrâldwide science fiction- en fantasy-ymprint fan 'e útjouwerij. Dêryn is de Britske ymprint HarperCollins Science Fiction & Fantasy kombinearre mei de Amerikaanske ymprint Eos, dy't earder ûnderdiel útmakke fan Avon Books. Fia HarperCollins Science Fiction & Fantasy, dy't Tolkien syn oarspronklike útjouwer George Allen & Unwin oernommen hie, hat HarperVoyager tsjintwurdich û.m. de rjochten op The Hobbit en The Lord of the Rings yn 'e hannen.

Ymprints

foar folwoeksenen 4th Estate Amistad Press Anthony Bourdain Books Avon Books Avon Impulse (digitale ymprint) Avon Inspire Avon Red Avon Romance Bourbon Street Books Broadside Books Collins Dey Street Ecco Press Harlequin Enterprises Carina Press Harlequin Teen Harlequin Kimani Arabesque Harlequin Kimani TRU Harlequin Kimani Press Harlequin Luna HQN Mira Rogue Angel Silhouette Special Releases Spice Worldwide Mystery Harper Harper Business Harper Design Harper Paperbacks Harper Perennial (oarspr. namme: Perennial Library) Harper Perennial Modern Classics HarperLuxe HarperOne HarperVoyager (foarhinne Voyager; science fiction en fantasy) Eos (1999-2011; no yn ûnbrûk) Harper Prism (no yn ûnbrûk) HarperWave Rayo Igniter It Books Newmarket Press Mischief (digitale ymprint) William Morrow and Company Witness William Morrow Paperbacks Morrow Cookbooks

foar bern HarperCollins Children's Books Harper Festival HarperTeen HarperTeen Impulse (digitale ymprint) HarperTrophy Amistad Press Balzer + Bray Collins Greenwillow Books Katherine Tegen Books Rayo Walden Pond Press

kristlike lektuer Thomas Nelson Grupo Nelson Nelson Books Tommy Nelson W Publishing Group WestBow Press Zondervan Blink Editorial Vida Zonderkidz

audioboeken Harper Audio Caedmon Audio HarperCollins Children's Audio

e-boeken HarperCollins e-Books

Keppelings om utens Offisjele webside fan HarperCollins Publishers

Kategory:Amerikaanske útjouwerij Kategory:Britske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1989