Sahar Hbrahim Gel (Jalalabad, 26 novimber 1996)Dossier Sahar: alle gebeurtenissen op een rijtje! is in jonge Afgaanske asylsykster yn Nederlân, dy't yn 2011 útset drige te wurden. Nei't har lot rûnom yn it nijs kommen wie troch de protestaksjes dy't yn har wenplak Sint-Anne en op oare plakken opset waarden, mocht se úteinlik bliuwe.
De Saak-Sahar Sahar waard yn 1996 yn 'e stêd Jalalabad berne, yn eastlik Afganistan, mar ûntflechte it lân mei har âlden doe't hja noch mar in pear jier âld wie. Omtrint 2000 frege it gesin polityk asyl oan yn Nederlân. Wylst wachte waard op 'e beslissing oer harren oanfraach, waard it gesin nei in ferbliuw yn ferskate asylsikerssintra úteinlik plak tawiisd yn it Fryske Sint-Anne.Asylum kids Sahar and Abiram can stay in the Netherlands, 21 jannewaris 2011
Uteinlik waard de asyloanfraach fan it gesin ôfwiisd, mar tsjin dy tiid wie it ein 2010. Sahar wie doe fjirtjin jier en siet op it Stêdlik Gymnasium yn Ljouwert. Hja waard omskreaun as "ferwesterske", spriek gjin of mar breklik Pataansk (de taal fan 'e mearderheid fan 'e Afgaanske befolking), en wie alhiel net fertroud mei de kultuer fan har lân fan oarsprong. As se weromstjoerd wurde soe nei Afganistan, soe se, neffens har pleitbesoargers, as famke yn in har frjemde kultuer en in tige drege maatskiplike sitewaasje bedarje dy't in psychososjale druk opsmite soe dy't foar har net te fernearen wie. Doe't it beslút fan 'e Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst (IND) bekend waard, waarden der protestaksjes organisearre troch Sahar har mei-learlingen yn Ljouwert en troch buertbewenners yn Sint-Anne, mei as gefolch dat har saak rûnom oandacht krige yn 'e lanlike media.Scholieren voeren actie voor Sahar, yn: Hart van Nederland, 29 novimber 2010
Om't minister Gerd Leers fan Ymmigraasje en Asyl yn dizze saak de poat stiif hâlde woe, makken Sahar en har âlden de gong nei de rjochter. Dy bepaalde op 21 jannewaris 2011 dat de Saak-Sahar op 'e nij besjoen wurde moast, en dat it gesin Gel salang yn Nederlân bliuwe mocht. Sahar mag blijven, yn: Hart van Nederland, 21 jannewaris 2011 De reäksje fan Leers wie earst om yn heger berop te gean,Leers in hoger beroep over Sahar, yn: Hart van Nederland, 27 jannewaris 2011 mar nei't de Ried fan Steat de behanneling fan 'e saak útsteld hie, makke de minister op 8 april bekend dat Sahar en har gesin op grûn fan "nije ynformaasje" dochs in ferbliuwsfergunning krije koene.Sahar mag blijven, yn: Hart van Nederland, 8 april 2011 Op 3 maaie ûnfong Sahar har ferbliuwsfergunning.Sahar heeft verblijfsvergunning, yn: Hart van Nederland, 3 maaie 2011
Yn 'e Twadde Keamer koene de measte partijen har fine yn it beslút fan minister Leers. Inkeld de PVV wie der fûleindich op tsjin dat Sahar en har âldelju en broerke bliuwe mochten. Neffens Sietse Fritsma, dy't oer dizze kwestje foar de partij it wurd fierde, waard it weromkearbelied troch it beslút "gigantysk ûndermine."Sahar heeft verblijfsvergunning, yn: De Telegraaf, 21 jannewaris 2011 Nei oanlieding fan dizze saak waard der in nije regeling troffen, ûnder de regels wêrfan't ferwesterske famkes lykas Sahar automatysk in ferbliuwsfergunning krije koene.Sahar heeft verblijfsvergunning, yn: Hart van Nederland, 3 maaie 2011 Neffens it frouljusblêd Opzij befûnen har yn Nederlân yn 2011 400 famkes yn inseldichste sitewaasje as Sahar.400 Meisjes in zelfde situatie als Sahar, yn: Opzij
Kategory:Afgaansk flechtling Kategory:Frysk persoan fan Afgaansk komôf Kategory:Frysk persoan fan Pataansk komôf Kategory:Sint-Anne Kategory:Persoan berne yn 1996