Grand Central Publishing is in Amerikaanske útjouwerij, dy't yn maart 2006 oprjochte waard as in difyzje fan 'e Hachette Book Group. Foartiid makke de ynfrastruktuer fan dit bedriuw sûnt 1970 ûnder de namme Warner Books diel út fan 'e Time Warner Book Group, in ôfdieling fan Time Warner, dy't yn 2006 oerdien waard oan Hachette Livre.

Guon ferneamde auteurs dy't harren wurken by Grand Central Publishing publisearre hawwe, binne David Baldacci, Jane Goodall, Gwyneth Paltrow en Jacqueline Carey.

Ymprints Behalven Grand Central Publishing sels omfiemet de difyzje fjouwer ymprints: Business Plus Forever Forever Yours Grand Central Life & Style Twelve Vision

Keppelings om utens Offisjele webside fan Grand Central Publishing

Kategory:Amerikaanske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2006