Airbus A380 275px Rol Passazjiersfleantúch Makker Airbus Groep (earder EADS) Earste flecht 27 april 2005 Yn tsjinst 25 oktober 2007 by Singapore Airlines Ut tsjinst n.f.t. Tal makke 254 (2003–2021) Grutste brûkers Emiraten, Singapore Airlines, Lufthansa, Qantas Priis it stik $ 428 miljoen (2015)
thumb|275px|Trochsnee fan de A380 en de Boeing 747 ferlike
De Airbus A380 is in passazjiersfleantúch fan it Jeropeeske concern Airbus. It fleantúch hat twa ferdjippings oer de hiele lingte fan de romp en hat plak foar heechstens 853 passazjiers. Trochsneed kinne der 555 persoanen yn. De A380 is it grutste passazjiersfleantúch fan de wrâld; allinne it frachtfleantúch Antonov An-225 is grutter.
De earste testflecht wie op 27 april 2005. Op 25 oktober 2007, makke de A380 syn earste kommersjële flecht. Yn tsjinst fan Singapore Airlines fleach de A380 doe fan Singapore nei Sydney. Dit wie ek de earste rûte dêr't mei in A380 in linetsjinst ûnderholden waard. Yn desimber 2014 hiene tolve loftfeartmaatskippijen meiïnoar 152 tastellen yn tsjinst.
Op 8 juny 2010 lâne der foar it earst in A380 op Brussels Airport (Zaventem).Airbus A380 steelt show in Zaventem De Standaard, 9 juny 2010 In moanne letter, op 15 july, wie Lofthaven Skiphol oan bar.Grootste passagierstoestel bezoekt Schiphol, NU.nl By dy gelegenheid waard de technyske test fan it tastel ôfhannele.
Spesifikaasjes Airbus A380 Lingte: 72,7 m Spanwiidte: 79,8 m Hichte: 24,1 m Ynterieurbreedte: Haaddek: 6,58 m Boppedek: 5,92 m Fleugeloerflak: 845 m² Maks. startgewicht: 560 ton Gewicht leech: 361 ton Brânstof maks.: 320.000 liter Motors: 4 Rolls-Royce Trent 900of 4 Engine Alliance GP-7200 Driuwkrêft de motor: 311 kN/340 kN Krúsfaasje: Mach 0,89 (1.090 km/o) Maks. fleanberik: 15.700 km/10.400 km(mei maks. belading) Tal passazjiers: 555 (3 klassen) of 853 passagiers (1 klasse) Maks. lading: 150 ton www.airbus.com - A380 Specifications
Bestellingen en leveringen thumb|De Airbus A380, yndieling foar 519 passazjiers Om út de kosten te kommen hie Airbus 420 tastellen ferkeapje moatten. Febrewaris 2019 makke Airbus buorkundich dat de ferkeap sa tsjinfalt dat de produksje yn 2021 staakt wurde sil ''Airbus stopt met productie megavliegtuig A380
Loftfeartmaatskippij/klantYn tsjinstBesteldOpsjesLevereMotors Air Austral 2014 2 Engine Alliance GP7000 Air France 2009 12 2 10 Engine Alliance GP7000 Amedeo 2016 20 Asiana Airlines 2014 6 2 Rolls-Royce Trent 900 British Airways 2013 12 7 9 Rolls-Royce Trent 900 China Southern Airlines 2011 5 5 Rolls-Royce Trent 900 Emirates 2008 140 60 Engine Alliance GP7000 Etihad Airways 2014 10 5 2 Engine Alliance GP7000 Korean Air 2011 10 10 Engine Alliance GP7000 Lufthansa 2010 14 14 Rolls-Royce Trent 900 Malaysia Airlines 2012 6 6 Rolls-Royce Trent 900 Qantas 2008 20 4 12 Rolls-Royce Trent 900 Qatar Airways 2014 10 3 4 Engine Alliance GP7000 Singapore Airlines 2007 24 1 19 Rolls-Royce Trent 900 Thai Airways International 2012 6 6 Rolls-Royce Trent 900 Transaero Airlines 2015 4 Engine Alliance GP7000 Virgin Atlantic 2018 6 6 Rolls-Royce Trent 900 Oerheids-, saaklik of privégebrûk 1 Anonime klant(en) 10 Totaal 317 28 159 Op 30 april 2015
Keppelings om utens Profyl fan de Airbus A380 op Airliners.net Profyl fan de Airbus A380 op de webside fan Airbus
Kategory:Ynternasjonale ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 2005