Uitgeverij Distrigo is in Belgyske útjouwerij dy't him benammen taleit op it publisearjen fan goedkeape Nederlânsktalige (út it Ingelsk oersette) pulpromantsjes yn tydskriftfoarm, dy't ferkocht wurde yn 'e measte supermerken en kiosken yn Nederlân en Flaanderen. Ornaris ferskynt fan soksoarte útjeften ienris yn 'e wike in nij nûmer, hoewol't de produksje fan guon titels sûnt de milenniumwiksel werombrocht is ta dy fan moanneblêden. De meast súksesfolle útjefte fan Distrigo is sûnder mis de westernrige Colt .45.

Oarspronklik wie Uitgeverij Distrigo in selsstannich bedriuw, dat earst fêstige wie yn Wilrijk, by Antwerpen,Murphy, Bill, Een Tijger in een Dodenstad, Colt .45 nû. 878, kolofon en letter yn Sint-Niklaas.Hayes, Rex, Verbitterde Jacht, Colt .45 nû. 1749, kolofon Yn 2000 waard it lykwols oernommenWebside oer de útjefte John Sinclair troch Drukkerij V.D. N.V., út Temse (oan 'e Skelde yn East-Flaanderen).Offisjele webside fan Drukkerij V.D. Hoewol't Distrigo sûnt dy tiid dus net mear selsstannich operearret, is de namme as ymprint beholden bleaun.

Titels In (wierskynlik ûnfolslein) oersjoch fan 'e troch Uitgeverij Distrigo publisearre titels: Colt .45 (western, sûnt 1964)In grut tal útjeften fan Colt .45 om in rychje set G-Man Jerry Cotton (misdie) Hollister (western, sûnt 1972)Webside oer de útjefte Hollister Idylle (romantyske fiksje) John Sinclair (horror, sûnt 1973)Webside oer de útjefte John Sinclair Western-Hit (western) Winchester .44 (western)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Drukkerij V.D.

Kategory:Belgyske útjouwerij Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Bedriuw oprjochte yn de 20e iuw