Alexandria is in stêd yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It is it haadplak fan Douglas County. Ynwennertal: 11.070 (2010).

It plak waar stichte yn 1858; it waard ferneamd nei de earste bewenners de bruorren Alexander en William Kinkead fan Marylân. De nammefoarm waard Alexandria, de stêd yn it âlde Egypte, in sintrum fan learens en beskaving.

Ekonomy Grutste wurkjouwers Neffens de Alexandria Area Economic Development Commission, binne dit de grutste wurkjouwers yn de regio:

# Wurkjouwer Tal wurknimmers1 Douglas County Hospital8652 Douglas Machine7013 Alexandria Public Schools6324 Alexandria Industries5505 Knute Nelson 4506 Douglas County 3557 3M3038 Tastefully Simple2949 Central Specialties 28510 Arrowwood Resort & Conference Center 280

Ferkear en ferfier Alexandria hat in fleanfjild mei de namme Chandler Field. It leit oan de súdwestrâne fan de stêd. Yn de noard-súd-richting rint in spoar fan de Canadian Pacific Railway troch it stedsgebiet fan Alexandria.

De grutste autowegen yn de omkriten fan Alexandria binne: Interstate 94 Minnesota State Highway 27 Minnesota State Highway 29

Kategory:Plak yn Minnesota Kategory:Plak stifte yn 1858